Posts tonen met het label Breimer. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Breimer. Alle posts tonen

zaterdag 1 november 2008

Wylde Goes fan KFFB bringt Iona-lieten yn Fryslân

Sneon 1 novimber 2008

As KFFB-bestjoer hawwe wy koartlyn boppesteande lietebondel útjûn. It is "Wylde Goes", mei lieten út Glasgow en Iona, oerset troch Atze Bosch. It boek is publisearre op snein 5 oktober 2008; sjoch dêrta myn ferslach fan dy dei in dizze weblog. De oare redaksjeleden fan dizze útjefte binne: Jan Breimer, René Silvis, Hinne Wagenaar en Jan Wouda.

It nije Fryske lieteboek befettet 35 kûpletlieten mei in koarsetting of in piano-/oargelbegelieding en hat ek noch 18 koartere lieten dy't allegearre in koarsetting hawwe. Alle teksten binne yn it Frysk en yn it Ingelsk werjûn. By in part is ek de Hollânsktalige oersetting opnommen. It boek hat KFFB-nûmer: 449 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 67 1. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze moaie útjefte keapje foar € 17,50

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in roman; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear op ta. Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

It lêste liet fan dizze Iona-bondel is in songen gebed fan treast, mei as refrein:
Wês mei minsken yn need,
jou har frede yn leed,
God fan heil, wol har hielje.

zondag 5 oktober 2008

Us Wylde Goes fan de KFFB fljocht út yn Drachten

Snein 5 oktober 2008

As bestjoer fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) binne wy tige wiis dat wy hjoed in nije sjongbondel útjouwe. Dat is it Fryske Iona-lieteboek mei de titel "Wylde Goes". It is in bondel mei 53 geastlike lieten út Glasgow en Iona, dy't troch Atze Bosch oerset binne.

Jierliks organisearret de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) in sjongmiddei yn ús provinsje. Hjoed is it in bysûndere sjongmiddei: mei de oanbieding fan ús nije Iona-lieteboek sintraal yn it middeiprogramma. De sjongmiddei hâlde wy hjoed yn de Oase-tsjerke fan Drachten. Der wurde lieten song út it Lieteboek foar de Tsjerken, út Tuskentiden, út Tusken rein en sinne, út Tachtich lieten út Taizé, út Zingend geloven èn fansels ek út de nije KFFB-bondel Wylde Goes.

De bern fan it bernekoar Sinnestrielen komme ûnder lieding fan Durk de Vries sjongend de tsjerke yn mei: "Kom, lit ús fleurich sjonge". Nei it wolkom fan YKFE-foarsitter Tytsje Hibma en de liturgyske iepening fan de Drachtster dûmny H.J. de Groot, nimt muzikus Jan Breimer de lieding fan it programma op him. As kantorijs werke ek de sjonggroep Eigenwize en it fokaal ensemble Trial and Error ûnder lieding fan Egbert Klazenga mei. De oargelbegelieding is fan Auke de Boer, mei Muriël Seinen op hamboai en Sjirk Seinen op trompet. Moaie muzyk!

Yn in yntermezzo nimt KFFB-foarsitter Minne Vis it wurd. Hy fertelt wat der allegearre dien is om it safier te krijen dat wy hjoed dit weardefolle Iona-lieteboek presintearje kinne. In soad minsken - dy 't allegearre net neamd wurde, maar wol in soad dien hawwe - hawwe yn 'e ôfrûne jierren allegearre dien wat nedig en winsklik wie. It earste eksimplaar wurdt troch Minne Vis oanbean oan Atze Bosch, de oersetter fan de Iona-lieten. It twadde eksimplaar wurdt oanbean oan dûmny J.P. Boomsma fan 'e Rie fan Tsjerken yn Fryslân. En dan kinne we genietsjend sjonge fan de rispinge: in tal moaie lieten út de nije meartalige Iona-bondel.

Nei it skoft wurdt der in grut ferskaat oan Frysktalige lieten songen út de ferskate sjongbondels dy 't Fryslân - en de Friezen - ryk is. Nei de sluting fan Tytsje Hibma jout dûmny De Groot in Fryske seine mei nei hûs. Mei de kompliminten oan alle meiwurkers: in tige slagge sjongmiddei! Der wurde ek in soad nije bondels ferkocht en meinommen, dat wy kinne mei rjocht sizze dat de Wylde Goes útflein is.

zaterdag 4 oktober 2008

Breinstoarmdei KFS-Platfoarm foar Fryske Oekumene

Sneon 4 oktober 2008

As Opstartgroep fan boppesteand platfoarm hawwe wy allerhande groepen en yndividuen dy't harren ynsette foar Fryske oekumene útnoege foar de Breinstoarmdei fan hjoed yn De Hege Stins fan Stiens. Wy ferwachten sa'n 30 minsken, mar de opjefte rûn op ta 38 dielnimmers. In soad Frysk-religieuze organisaasjes binne yn harren fertsjinwurdige. Dat liket mar op!

Om tsien oere iepene wy mei de hiele groep dielnimmers liturgysk ûnder lieding fan ús foarsitter dû. Hinne Wagenaar en muzikus Jan Breimer. Trije kear geane alle dielnimmers ûnder myn lieding hjoed yn trije groepen útinoar yn de bysealen ta breinstoarmjen oer ús trije haadfragen.

De earste haadfraach is wêr de Fryske Oekumene ferlet fan hat. Sintraal steane Produksje & Utwikseljen fan Ynformaasje & Materiaal ta Ynspiraasje & Spiritualiteit & Besinning en dêrby foar hokfoar doelgroepen dat wêze kin. Ek giet it yn dizze earste sesje oer Ynformaasje & Materiaal ta Foarming & Tarissing & Oplieding & Leare & Diskusje & Debat.

De twadde haadfraach is fan hokfoar Ynformaasje & Materiaal de Fryske Oekumene ferlet hat. Wy prate dan troch oer op hokfoar wize oanbieders dat oanbiede kinne èn op hokfoar wize fragers dat freegje kinne.

De tredde haadfraach is fan hokfoar organisaasje de Fryske Oekumene ferlet hat. Wy prate oer Yndividuele leden & Organisaasjeleden & Stipers. Wurdt it in selstânnige Stifting, in Feriening of wolle wy in Platfoarm ûnder de hoede fan bygelyks it Kristlik Frysk Selskip (KFS) of fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân. En no al freegje wy ek nei een passende namme, dy't seit wa't wy binne en wat wy betsjutte foar Fryslân en de Friezen. En hoe komme wy oan eigen jild en fûnsen foar dit mienskiplik wurk?

Oan de ein fan 'e middei komme wy nochris byinoar yn de grutte byseal fan De Hege Stins om koart gear te fetsjen wat wy hjoed dien hawwe en op hokfoar wize wy no mei inoar fierder geane. Us liturgyske ôfsluting is wèr yn de tsjerkeseal, wêr't wy inoar ta beslút it prachtige nije Fryske liet as seine inoar tasjonge, dat moarn yn de nije Iona-sjongbundel "Wylde Goes" fan ús KFFB publisearre wurdt yn de Oase fan Drachten. Nei it sûpke, hapke en ôfskie geane dizze och sa belutsen dielnimmers wèr op nei hûs, faaks mei noch de seine fan ús einliet yn 'e holle: "De frede fan 'e greiden wês oer dy, de frede fan mar en lân. Djippe frede mei komme oer dy. Mei Gods frede no groeie yn dy."