Redens keapje of slypje by Hayma fan Stiens |
Wat duorre it lang fan't winter.
Mar de froast hat ynset en set ek noch in tal dagen en nachten troch, sa sizze de mannen dy't yn it waar sjogge.
Oan de ein fan de middei is de iisbaan fan Stiens noch net iepen.
Mar by Hotze Hayma yn Stiens wurdt knap redens ferkocht; guon maten binne no ek al útferkocht, hear ik.
"Besykje it oars'ris op Marktplaats", wurdt sein.
Foar ús Pieter bring ik hjir in pear noaren, want hy wol syn redens hjir graach slypje litte.
Moarn binne se klear.
Moarn kin der riden wurde, moarn en ankom wykein giet it wis oan; it sil dochs heve.
Nee, noch lang gjin Alvestêdetocht.
Ofrûne moandei haw ik inkele tsientallen einen noch mei bôle fuorre by de brêge oer in noch alhiel iepen Kletsefeart.
By it âld-Wetterskipsgebou fan Stiens swimt fan'e middei noch in tal einen yn in grut wynwek; it sicht op 'e Stienser toer, fol op 'e noflike wintersinne.
Mar warimpel, op it tin iis fan 'e Kletsefeart yn it Stienser Aldlân wurde de earste streken al set.
It kin eins noch net, mar it bart al.
"Moarn ek snie", seit Pyt Paulusma.
Moarn mar ris wer by en op it iis sjen.
Moarn giet it oan.
Moarn sit it heve.
Moarn ryde.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten