woensdag 4 maart 2020

Geskinken fan Gods Geast

Tiisdei 3 maart 2020
Cover van 'Geskinken fan Gods Geast'

Skiednis fan de Fryske Bibel
Yn myn searje boekbesprekken oer it ûntstean fan de Fryske Bibel gean ik no yn op de Frysktalige publikaasje ‘Geskinken fan Gods Geast’, dy't in útjefte is fan 1978, fan de Bibelferkeapkommisje fan it Kristlik Frysk Selskip.
Dit boekje befettet in preek fan ds. D.G. Wiersma

Searje fan boekbesprekken oer de Fryske Bibel
Myn eardere boekbesprekken oer it ûntstean fan de Fryske Bibel gienen al yn op de publikaasjes:

De Friesche Bijbel - W. Hielkema - 6 juny 2016;
Bijbelfriesch – Dr. G.A. Wumkes - 16 juny 2016;
By de Fryske Bibel - E.B. Folkertsma & S.E. Wendelaar Bonga - 22 augustus 2016;
Een nieuwe Friese Bijbelvertaling / In nije Fryske Bibeloersetting - 10 desimber 2018;
Ut 'e Heilige Dobbe - Dr. G.A. Wumkes - 29 desimber 2018;
Mozes' dea - Dr. G.A. Wumkes - 13 febrewaris 2020.


Lieteboek foar de Tsjerken
Ta gelegenheid fan it ferskinen fan it 'Lieteboek foar de Tsjerken' waard der op snein 19 febrewaris 1978 yn de Sint-Martensstsjerke te Dokkum in preek holden troch dûmny D.G. Wiersma, yn de yntertsjerklike tsjinst ûnder ferantwurdlikheid fan de Rie fan Tsjerken yn Dokkum.
Fan dizze preek is yn 1978 in publikaasje makke as útjefte fan de Bibelferkeapkommisje 'Net Fan Brea Allinne', fan it Kristlik Frysk Selskip. De titel fan dizze publikaasje is 'Geskinken fan Gods Geast'.

Preek
Hjirûnder folgje in tal sitaten út de preek dy't opnommen is yn dizze publikaasje:

  • In theolooch moat net nei minsken harkje, mar nei God!
  • De God fan de Bibel stiet altiten mear oan de kant fan it swakke.
  • De God fan de Bibel hat in hekel oan heechmoedigens.
  • De Geast hat der belang by, dat elk folk de grutte dingen fan God yn syn eigen taal heart!
  • Yn elkenien komt de Geast oan it ljocht.
  • Yn 'e gemeente bringt elk gemeentelid syn en har jefte fan de Geast yn.
  • De produkten fan it dichterskip (de lieten yn it Lieteboek foar de Tsjerken) as jefte fan God.
  • As aanst de nije Fryske Bibeloersetting útkomt, dan leit der op 'e nij in sichtber bewiis fan de wurkingskrêft fan de Geast. Want yn dy oersetters komt de Geast oan it ljocht. Dat is de Geast dy't wol dat elk folk yn syn eigen taal de grutte dingen fan God hearre sil!
  • Fan de Reformaasje ôf hat de tsjerke yn Fryslân dizze Geast tsjinstien, tsjinwurke. Ja, sûndige tsjin dizze Geast.
  • Dêr ûntstie de lytse 'Gideonsbinde', it 'Kristlik Frysk Selskip'. Oan dizze lytse beweging tankje wy it Fryske Lieteboek foar de Tsjerken en de Fryske Bibeloersetting.
  • It Pinksterfeest hat it begjin west fan ús kristlik Fryske taalbeweging en moat dat bliuwe foar alle tiden!
  • Alle leauwigen yn Fryslân meie de grutte dingen fan God yn harren eigen taal, yn harren memmetaal hearre!
  • Oan elk fan ús wurdt dit Lieteboek jûn, ta wolwêzen, ta nut, ta opbou fan de gemeente fan Jezus Kristus!
  • "It Frysk wint foar it Evangeelje stiller oandacht en it jout it Evangeelje skerper sneed" (ds. Sipke Huismans).
Miskien komme wy mei us Frysk net fier!
Mar wol heech: oan't by God!
En ek djip: oant djip yn it hert fan de minske.


Oer dûmny Sipke Huismans
It twadde part fan dizze publikaasje jouwt in koarte karakteristyk fan dûmny Sipke Huismans libjen en stribjen:

  • My bin de eagen iepen gean oer it wêzen en rjucht fan de Fryske taal, en dêrmei oer de ropping en plicht fan de Friezen.
  • It behertigjen fan de Fryske saak moat yn myn libbenswurk as Evangeeljepreker opnommen wurde kinne of it moast net kinne.
  • It Evangeelje behâld de folken, en sprekt graach mei ider folk yn syn eigen taal. Dêrom seach ik yn it Frysk gjin hinderpeal foar de Evangeeljebetsjinning, mar in iepen doar, in nije wei, in ljochte takomst.
  • It Evangeelje makket frij. It Evangeelje wol Gods grutte wurken ferkundige hawwe fan elts yn syn eigen taal.
  • Foar my wie de Fryske tiid de moaiste fan myn libben.

Rispinge nei 70 jier KFS
Yn 1978 bestie it Kristlik Frysk Selskip 70 jier.
Ien fan har wichtichste taken wie de útjefte fan in Fryske Bibeloersetting.
Dat hat in dreech karwei west, mar yn 1943 koe it Fryske folk de Bibel yn syn eigen taal oanbean wurde.
Yn 1978 ferskynde in nije Fryske Bibeloersetting.

Geen opmerkingen: