Cover fan de preek fan dûmny G.A. Wumkes |
Skiednis fan de Fryske Bibel
Yn myn searje boekbesprekken oer it ûntstean fan de Fryske Bibel gean ik no yn op de Frysktalige publikaasje ‘Mozes' Dea’, dy't in útjefte is fan 1915, fan (en printe is by) A.J. Osinga fan Snits.
Dit boek is skreaun troch Dr. G.A. Wumkes. It is de tekst fan de earste Fryske preek, dy dûmny Wumkes hâlden hat yn de tsjerke fan Tsjom op 3 jannewaris 1915. It boek is in eksimplaar fan it twadde tûzental, en op it boekomslach stiet dat jo dit preekboekje keapje koenen foar 'in dûbeltsje'.
Searje fan boekbesprekken oer de Fryske Bibel
Myn eardere boekbesprekken oer it ûntstean fan de Fryske Bibel gienen al yn op de publikaasjes:
- De Friesche Bijbel - W. Hielkema - 6 juny 2016;
- Bijbelfriesch – Dr. G.A. Wumkes - 16 juny 2016;
- By de Fryske Bibel - E.B. Folkertsma & S.E. Wendelaar Bonga - 22 augustus 2016;
- Een nieuwe Friese Bijbelvertaling / In nije Fryske Bibeloersetting - 10 desimber 2018;
- Ut 'e Heilige Dobbe - Dr. G.A. Wumkes - 29 desimber 2018.
Wier as net wier
Wumkes fangt syn preek (Tsjom, 1915) oan mei de wurden:
"Gemeente fan Tsjum,
ik bin sa dryst om jimme ta to sprekken yn 'e klanken fen ús eigen memmetael.
Ik bin dêrta komd, omdet nei myn bitinkst soks it wiere is en dit dy wei op moat.
Hwent yn 'e ûnderste djipten fen jimme sielsbestean wirdt suchte, bidden en jubele yn dy tael.
As jimme it ynlik mei God te dwaen ha, reitsje der Fryske klanken los.
Jim tearste plak yn it hert is in Frysk plak.
En as dêr goed sied struid wirdt, kin it rûzje fen frucht.
Der wirdt sein det ús tael 'm net lient for de heechste dingen.
Dat is net wier.
Dat scil ik fen 'e moarn biwize."
Dernei jout dûmny Wumkes alle eare oan prefessor Evert Wassenberg fan Frentsjer, dy't "fyftich jier wrotten hat om de Fryske tael yn eare te bringen, dy't it Fryske folk leard hat de eigen skatten dy't God hjarren joech te ljeavjen, to biwarjen en der winst mei te dwaen".
Dûmny Wumkes:
- Ik moat betinke det wy binne yn Gods hûs, det ik hjir komd bin om de grutte wirken fan God te forkondigjen.
- Alles hwet hjoeddeis de klok slacht is de allesfordylgjende kriich. En dat allinnich troch dat ûnbidich jeijen nei macht en kaptael, troch in Kaïnsgeast. Dan hat de Skrift it oars.
- Mozes' stjerren stiet hjir yn it ljocht fen: I. Gods rjuchtfirdigens, II. de ierdske ropping, III. Kanaän, en fen IV. de opstanning.
I. Mozes' stjerren yn it ljocht fen Gods rjuchtfirdigens
- It twaris bounsen fan Mozes mei syn stêf op 'e rots wie iepenlik tsjin God yngean en dwêrseidzje tsjin syn genade. Derfor moast er boete. Hwent Gods leafde oantaeste, is God sels te nei komme.
- Ho heger men stiet, nammens te swierder ferantwirding.
- Hwaem gâns hwet jown is, fen sy scil jamk firgen wirde en hwaem gâns hwet tabitroud is, fen dy scil men nammens to mear easkje.
- Hwa 't in foarman is, scil as foarman rekkenskip jaen moatte.
- Hwa 't jamk it Evangeelje heard hat, scil dêr neffens oplêze moatte.
- Alles bringt syn noed mei.
- Noait is in minske lytser as yn it stjêrren en tsjinoer grêf en iwichheit. En noait is Gods rjuchtfirdigens greater as op dat stuit.
II. Mozes' stjerren yn it ljocht fen de ierdske ropping
- Mozes sloech de lêste hân oan syn wirk. Dat wirk wier syn libben. Mei hert en siel hied er as in trouwe hoeder syn folk weide.
- Ut it wirk yn 'e dea. Sa woe God it. Sa woe Mozes it ek.
- Sa, seit Jezus, moatte myn discipels yn 't spier wêze oant de lêste klokslach. Yn it folle harnas de Hear tomiette. Hwet skoander útein!
- Net arbeidzje is libbend deagean.
- Hy dy 't trou is, trou ferwachtet.
III. Mozes' stjerren yn it ljocht fen Kanaän
- It wie eft Mozes wadde troch in sé fen godlike ljeafde. En dat op in deadswei!
- Scille wy no sizze: "Mozes' libben is foarbygien?" Né, wy moatte sizze: "it folle libben is nou komd. It stjerren is ophâlden".
- It geloven hat krekt sa goed syn hichten mei it útsicht op Kanaän.
IV. Mozes' stjerren yn it ljocht fen de opstanning
- God docht gjin heal wirk. De ferloste siel nei it freugdelân, mar ek it lichem op in feilich sté.
- Binne dea en grêf yet sa mankelyk? As it libben mei Christus skûl hat yn God, né! Mar as men inkeld hinget oan 'e wrâld, dy't mei al syn skatten op in ein rint, dan ja!
- Hear, biwarje ús by it gelove. Amen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten