Posts tonen met het label Tinkskrift. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Tinkskrift. Alle posts tonen

woensdag 4 januari 2012

Dick Eisma te hôf brocht yn De Haske

Woansdei 4 jannewaris 2012
Dick Eisma (1941-2011)

Betinking
Sûnt 2008 wie Dick Eisma al slim siik. Better wurde koe net mear, mar as ambassadeur foar syn taal - de Fryske taal - gie syn leafdeswurk troch, sa lang't it noch koe. Mar fan de deasykte koenen Dick en de dokters it net winne. Op 30 desimber 2011 is Dick Eisma ferstoarn. Hjoed sit de doarpstsjerke fan Aldehaske grôtfol. Famylje en freonen fan Dick nimme yn 'e betinkingstsjinst ôfskie fan Dick om him dêrnei te hôf te bringen yn syn wenplak Aldehaske.

Earelid fan de KFFB

Dick Eisma waard nei de Kweekskoalle skoalmaster en haad fan in legere skoalle. Syn belangstelling foar de Fryske taal feroare geandewei yn syn passy foar it Frysk. Dick helle it doktoraal eksamen 'Friese Taal en Letteren'. Hy waard dosint by de Afûk, skriuwer, korrektor, ûndersiker en oersetter. Tritich jier hat Dick syn bêste krêften ek jûn oan de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Hy wie bestjoerder, lid fan de karkommisje, skriuwer en ponghâlder en die alles wat nedich en winsklik wie om fan de KFFB in súkses te meitsjen. Fjouwer jier mocht ik mei Dick gearwurkje yn it bestjoer fan de KFFB. As slútstik hawwe wy tegearre de redaksje en de rezjy hân om it moaie Tinkskrift gear te stallen by it 75-jierrich bestean fan de KFFB. Dick waard by syn ôfskie fan it bestjoer fan de KFFB yn febrewaris 2011 noch beneamd ta earelid.

Behoffene teksten

Dick Eisma wie in wichtich stimulator om minsken safier te bringen dat hja harren teksten yn it Frysk skriuwe. In soad nije en betûfte Fryske skriuwers hat er holpen om yn it Frysk folle fierder te springen as hja ea tocht hienen. In soad Fryske boeken fan de KFFB binne Frysk-geve romans en poëzybondels wurden, mei de grutte ynset en kundige help fan Dick. Lêzers sjogge it fansels net, mar meie wol witte dat it goede wurk fan minsken lykas Dick fan skriuwers en harren skriuwsels makke hawwe wat it no is. Dick hat my ek safier krigen om yn it Frysk te skriuwen. It Bildts is myn memmetaal, mar mei Dick syn help haw ik Fryske teksten skriuwe kinnen yn in kwaliteit dy't ik sûnder syn help net publisearre hie yn kranten, yn it tinkboek en op it ynternet. Dick behoffene myn konsept-teksten en ik learde sa fan him it (gever) skriuwen yn 'e Fryske taal.

Routsjinst
Yn de routsjinst fan fan 'e middei tanket dûmny Anton Verbeek yn syn gebed foar wat Dick Fryslân jûn hat yn de taal, yn it Frysk. Dick wurdt ek betocht troch it oanstekken fan sân kleurde kearsen fan de menorah, oanstutsen troch Dick & Jopie harren sân pakesizzers. Mei de 7 kearsen betinke wy de mominten yn it libben fan Dick; om it goede dat der wie fêst te hâlden, en om wat moeilijk of ferkeard wie los te litten. Alderling fan tsjinst Annie Tigchelaar lit ús yn har foarlêzen tinke oan de hoop, dêr't wy mei libje en dêr't Dick mei libbe; oer:
- dreame fan better wurde;
- op fakânsje gean nei Noarwegen, nei de bern;
- syn ûndersyk nei de drukkers yn Fryslân ôfmeitsje;
- dreame fan lok en goede takomst foar de bern en de pakesizzers;
- it yn stân hâlden fan de Fryske taal.
De griene kears lit ús ek tinke oan de rol dy't wy as minske foar elkoar en as bern fan God ynfolje meie. It giet hjir en no om de hope dy't rjochting jout oan ús dwaan en litten.

Tichtby God
De lêzings en it sjongen binne yn it Frysk; de taal fan Dick, de taal fan ús, de taal fan de Friezen, de taal dy't mei de wurden fan leauwe, hope en leafhawwe fan ús himelske Heit en fan ús ierdske mem ús yn hert en siel rekket, sa't Dick it fielde en it sa graach seach. Lit ús it goede dat der yn Dick syn libben wie en dat ek yn ús libben is, fêsthâlde, mei ús meinimme en God dêrfoar tanksizze.

zaterdag 12 februari 2011

Ofskie fan trije KFFB-bestjoerders

Sneon 12 febrewaris 2011

De Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) hâldt middeis har Ledegearkomste yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Ferline jier jannewaris betochten wy it 75-jierrich bestean fan ús Fryske Boekeklub en no binne wy al wer in jier fierder yn de tiid. 'Klim Fleurich Fierder Berch-op', seit it logo fan de KFFB, mar hoe fleurich klimt de KFFB tsjintwurdich eins de berch op? Dêr giet hjoed benammen it praat oer yn dizze jierlikse gearkomste.

De gearkomste wurdt iepene troch Wim van der Schaaf, foarsitter foar in jier fan de KFFB. "Minsken begjinne minder boeken te lêzen", seit Wim. Minsken sykje en fine de rêst net mear om in boek te lêzen. Mobyltsjes en kompjûter mei ynternet nimme it plak yn fan in goed boek, fral by de jongerein. Sa ferspilet it boek syn plak yn ús wrâld. It giet poermin mei it Fryske boek. "De KFFB hat in moai ferline en hat ek in rike tradysje", seit Van der Schaaf. Hoe moat it fierder mei it Fryske boek? Mei 'printing-on-demand' of mei 'e-books'?

Nei de meidielings folget fan skiedend KFFB-skriuwer Dick Eisma syn lêste jierferslach: fan ús feriening oer it jier 2010. It wie foar de KFFB wer in jier mei in soad moaie útjeften, lykas it jubileum-Tinkskrift, romans fan Anders M. Rozendal, Lieuwe Pietersen en Einte Prins, nije Doopkaarten, in werútjefte fan it bibels deiboek fan Doede Wiersma, in bysûndere dichtbondel fan Anny de Jong en in bondel mei koarte meditaasjes fan Tytsje Hibma. As âld-bestjoerslid fan de KFFB wit ik hoefolle wurk KFFB-bestjoerders fersette om in útjefte mooglik te meitsjen, dat safolle moaie publikaasjes yn ien jier is in knap stik wurk fan dit bestjoer. In weardefolle rige publikaasjes hat de KFFB wer taheakke oan it rike fûns fan Fryske literatuer en kultuer.

Skathâlder Corry Rozendal-Boelens besprekt it finansjeel jierferslach en it ferslach fan de kaskommisje. Dan folget de besjoersferkiezing. Ferkiesber en beneamd wurde ús nije foarsitter Johannes Bakker fan Menaam en skathâlder-skriuwer Corry Rozendal-Boelens fan Dokkum. Ofgeand en net werkiesber binne foarsitter Wim van der Schaaf, bysitter Tialda Dijkstra en skriuwer Dick Eisma. Wim van der Schaaf sprekt wurdearjende wurden út ta ôfskie fan Tialda en Dick. Yn it ôfskiepraatsje foar Dick Eisma seit Wim dat Dick mei syn lange bestjoerssit sûnt 1982 en fanwegen de grutte betsjutting fan al it wurk fan Dick foar de KFFB eins it gesicht wurden is fan de KFFB. It bestjoer beneamt Dick Eisma yn dizze gearkomste ta 'Earelid fan de KFFB'. Mei rjocht folget in steande ovaasje fan de leden yn de seal foar Dick. In mânske oarkonde kriget Dick Eisma fan it bestjoer as oantinken oan dit wichtich en seldsum bestjoersbeslút.

Nei it skoft wurde troch de nije foarsitter ek wurdearjende wurden útsprutsen foar alle wurk dat Wim van der Schaaf ferset hat foar de KFFB, benammen ek syn wichtige wurk as lid fan de Karkommisje, earst foar berneboeken, letter foar - sa't yn it ferline wol sein waard - 'de echte boeken'. De trije skiedende bestjoersleden wurde ek yn 'e blommen set.

Dan folget it jierlikse 'Boekepraatsje & Utjefteplan'; noch ien kear útsprutsen troch Wim van der Schaaf, op in wize dy't wy fan Wim wend binne: mei earnst en humor. Wim kundiget de nije útjeften fan 2011 oan. It binne trije oersettings: kwatrinen, in roman en in bernebibel. Der komme ek twa nije romans. Ien fan Hedzer T. Hooijenga en ien fan Anders M. Rozendal. Beide fêste KFFB-skriuwers en beide - by tafal - oer it aktuele tema 'bernelokkerij'.

Ta beslút folgje dan noch it omfreegjen en it sluten fan de jiergearkomste. De KFFB klimt ankom jier wer fleurich fierder berch-op. It bestjoer ropt de leden mei in nije ledewinaksje op om der mei yn te foarsjen dat it ledetal fan de KFFB wer boppe de 1.500 leden komt. Nei de sluting geane de leden noch by de boeketafel del om dêrta allegearre promoasjemateriaal mei te nimmen om dat út te rikken oan kandidaat-leden foar ús feriening 'Kristlik Fryske Folksbibleteek'.

woensdag 4 november 2009

Bestjoersgearkomste fan 'e KFFB yn 'e Kuriostsjerke

Woansdei 4 novimber 2009

De bestjoersgearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) is hjoed op ús fêst plak: de Kuriostsjerke fan Ljouwert. Sintraal stiet hjoed de feestlike jiergearkomste, dy't wy hâlde op 16 jannewaris 2009 yn Tresoar te Ljouwert. De KFFB bestiet oan 'e ein fan dit kalinderjier 75 jier, dat wy sille mei ús leden en mei oare befreone relaasjes feestfiere.

Nei alderhanne ynkommen stikken en meidielings besprekke wy alle teksten, foto's en oare yllustraasjes, dy't yn it "Tinkskrift 75 jier KFFB" opnaam wurde. Fansels moat it hjoeddeistich bestjoer ek gaadlik op 'e foto yn dit Tinkskrift, dat wy hawwe hjoed fotograaf Schaaf fan fotoburo "het Hoge Noorden" noege om in tal fotoportretten fan ús te meitsjes. Bûten it tsjerkegebou en yn 'e tsjerkeseal wurde in tal groepsfoto's en bestjoerdersfotoportretten makke. Sa kinne wy foar ûnder oaren it Tinkskrift in skoft fierder mei resinte foto's fan ús bestjoerders.

Wy prate ôf dat de saaklike gearkomste kommend jier net - lykas oars - op 'e dei fan 'e feestlike jiergearkomste hâlden wurdt, mar dat wy it statutêre part fan de jiergearkomste in moanne letter hâlde. Wy sykje foar de kommende jierren in nije foarsitter, dat wy komme hjoed ta in kandidaatstelling foar de nije foarsitter, dy't de ôfgeande foarsitter Minne Vis opfolgje sil, fan febrewaris 2010 ôf.

Dan meitsje wy it detaillearre draaiboek foar de feestlike gearkomste klear. It wurdt in gaadlik programma mei Fryske pommeranten, mei boekepromoasje en boekeferkeap, mei in ferskaat oan proaza & poëzy en mei twa soarten Frysk-eigen muzyk, dat wy tinke dat wy dizze kear folle mear minsken yn 'e gearkomste hawwe as de foargeande jierren, en no hiene wy de ôfrûne jierren oer it tal leden dat kaam, perfoarst net te kleien. Noch twa bestjoersgearkomsten en dan is it safier: feest!

woensdag 2 september 2009

KFFB-bestjoersgearkomste yn'e Kuriostsjerke fan Ljouwert

Woansdei 2 septimber 2009

De earste bestjoersgearkomste fan 'e KFFB nei de simmerfakânsje fan 2009 is hjoed ek wer yn 'e Ljouwerter Kuriostsjerke. Wy besprekke in ferskaat oan stikken dy't ynkaam binne, lykas útnoegings, resinsjes, subsydzjeperikels en manuskripten.

Wy kinne ek noch in nije stap sette om faaks te kommen ta in nije Fryske bernebibel. It soe moai wêze, it falt net ta, mar wy sille al sjen oft it ús slagget. It grutste part fan de gearkomste prate wy oer it kommende jubileum fan 75 jier KFFB. De wichtichste besprekpunten binne it Tinkskrift, dêr 't wy ús mei dwaande hâlde en fansels de Jubileumfiering, dy't wy hâlde yn jannewaris fan 2010.

Fierders komme noch in tal oare lytse saken op it aljemint, lykas it stypjen fan in sjongdei foar Fryske, kristlike bernelieten èn wy sjogge lykas alle gearkomsten ek nei nije foarmen fan promoasje foar ús boeken en foar de ledeorganisaasje fan ús Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).