woensdag 29 december 2010

Puzzelstikjes

Woansdei 29 desimber 2010

De Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearre koartlyn it boekje ”Puzzelstikjes" fan dûmny Tytsje Hibma út it Fryske Winsum. Tytsje Hibma (1958) is dûmny fan ‘e Grifformearde Tsjerke fan Winsum en omkriten. Hja folge de postakademyske oplieding “Geastlike Begelieding” fan de Protestanske Teologyske Universiteit.

De 26 ferhaaltsjes en de kleurige fotobylden yn dit boekje binne in soarte fan puzzelstikjes. De measte ynhâlden krigen foarm yn in tsjerketsjinst, mei it each op bern en grutte minsken dy't harren yn de Bibel ferdjipje. Se sprekke meiinoar fan de rykdom dy't ús yn Gods Wurd yn 'e mjitte komt. Alle teksten en foto’s yn dizze bondel binne fan dûmny Tytsje Hibma. Alle 26 puzzelstikjes begjinne mei in foto en in Bibelfers en krije dan op ‘e rjochter side in praatsje by it plaatsje en oer de Bibeltekst.

De puzzelstikjes hawwe moaie wurden om ek nei it lezen nochris te wjerkôgjen, lykas:
- Mar wat fan God komt, makket ien en hiel;
- Sa is it minskebestean yn de hân fan God;
- Krekt yn it djipste tsjuster wurd it ljocht berne;
- Mar wy kinne ek oefenje om mei goede eagen te sjen, mei Gods goede eagen;
- Mei syn leafde ropt God ús út de skulp: Kom mar foar it ljocht!;
- Elk plak kin hûs fan God wurde;
- Ik leau, hieltyd as ik my omkear, my nei Jezus takear, komt it ljocht my yn ‘e mjitte;
- Sa kinne wy ek yn tsjerke komme, mei alle dingen dy’t ús fan ’t sintrum bringe;
- Pas as ik ferjaan kin, kin ik loslitte;
- Allinnich troch gebed, troch ús ta te kearen nei God, kinne dy doarren iepengean;
- Wy geane net it tsjuster temjitte, mar it ljocht;
- Ferwachting freget om geduld en hope;
- Want it hiele evangeelje is dat wy ús heil net hegerop sykje moatte, yn wat grut en machtich is, mar yn wat lyts en warleas is;
- En falle wy, dan binne ûnder ús dy ivige earmen. It is wier, de ivige God is in taflecht.

Dit earste boekje dat Tytsje Hibma foar de KFFB skreau, befettet treflike puzzelstikjes oer bygelyks omkear, oer foar it ljocht komme, oer losllitte, oer ferwachting en oer ienfâld. Moaie wurden om sels te lêzen, mar wis ek moaie wurden om oan in oar kado te skinken.
Om ris oer nei te tinken!

Geen opmerkingen: