zaterdag 12 februari 2011

Ofskie fan trije KFFB-bestjoerders

Sneon 12 febrewaris 2011

De Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) hâldt middeis har Ledegearkomste yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Ferline jier jannewaris betochten wy it 75-jierrich bestean fan ús Fryske Boekeklub en no binne wy al wer in jier fierder yn de tiid. 'Klim Fleurich Fierder Berch-op', seit it logo fan de KFFB, mar hoe fleurich klimt de KFFB tsjintwurdich eins de berch op? Dêr giet hjoed benammen it praat oer yn dizze jierlikse gearkomste.

De gearkomste wurdt iepene troch Wim van der Schaaf, foarsitter foar in jier fan de KFFB. "Minsken begjinne minder boeken te lêzen", seit Wim. Minsken sykje en fine de rêst net mear om in boek te lêzen. Mobyltsjes en kompjûter mei ynternet nimme it plak yn fan in goed boek, fral by de jongerein. Sa ferspilet it boek syn plak yn ús wrâld. It giet poermin mei it Fryske boek. "De KFFB hat in moai ferline en hat ek in rike tradysje", seit Van der Schaaf. Hoe moat it fierder mei it Fryske boek? Mei 'printing-on-demand' of mei 'e-books'?

Nei de meidielings folget fan skiedend KFFB-skriuwer Dick Eisma syn lêste jierferslach: fan ús feriening oer it jier 2010. It wie foar de KFFB wer in jier mei in soad moaie útjeften, lykas it jubileum-Tinkskrift, romans fan Anders M. Rozendal, Lieuwe Pietersen en Einte Prins, nije Doopkaarten, in werútjefte fan it bibels deiboek fan Doede Wiersma, in bysûndere dichtbondel fan Anny de Jong en in bondel mei koarte meditaasjes fan Tytsje Hibma. As âld-bestjoerslid fan de KFFB wit ik hoefolle wurk KFFB-bestjoerders fersette om in útjefte mooglik te meitsjen, dat safolle moaie publikaasjes yn ien jier is in knap stik wurk fan dit bestjoer. In weardefolle rige publikaasjes hat de KFFB wer taheakke oan it rike fûns fan Fryske literatuer en kultuer.

Skathâlder Corry Rozendal-Boelens besprekt it finansjeel jierferslach en it ferslach fan de kaskommisje. Dan folget de besjoersferkiezing. Ferkiesber en beneamd wurde ús nije foarsitter Johannes Bakker fan Menaam en skathâlder-skriuwer Corry Rozendal-Boelens fan Dokkum. Ofgeand en net werkiesber binne foarsitter Wim van der Schaaf, bysitter Tialda Dijkstra en skriuwer Dick Eisma. Wim van der Schaaf sprekt wurdearjende wurden út ta ôfskie fan Tialda en Dick. Yn it ôfskiepraatsje foar Dick Eisma seit Wim dat Dick mei syn lange bestjoerssit sûnt 1982 en fanwegen de grutte betsjutting fan al it wurk fan Dick foar de KFFB eins it gesicht wurden is fan de KFFB. It bestjoer beneamt Dick Eisma yn dizze gearkomste ta 'Earelid fan de KFFB'. Mei rjocht folget in steande ovaasje fan de leden yn de seal foar Dick. In mânske oarkonde kriget Dick Eisma fan it bestjoer as oantinken oan dit wichtich en seldsum bestjoersbeslút.

Nei it skoft wurde troch de nije foarsitter ek wurdearjende wurden útsprutsen foar alle wurk dat Wim van der Schaaf ferset hat foar de KFFB, benammen ek syn wichtige wurk as lid fan de Karkommisje, earst foar berneboeken, letter foar - sa't yn it ferline wol sein waard - 'de echte boeken'. De trije skiedende bestjoersleden wurde ek yn 'e blommen set.

Dan folget it jierlikse 'Boekepraatsje & Utjefteplan'; noch ien kear útsprutsen troch Wim van der Schaaf, op in wize dy't wy fan Wim wend binne: mei earnst en humor. Wim kundiget de nije útjeften fan 2011 oan. It binne trije oersettings: kwatrinen, in roman en in bernebibel. Der komme ek twa nije romans. Ien fan Hedzer T. Hooijenga en ien fan Anders M. Rozendal. Beide fêste KFFB-skriuwers en beide - by tafal - oer it aktuele tema 'bernelokkerij'.

Ta beslút folgje dan noch it omfreegjen en it sluten fan de jiergearkomste. De KFFB klimt ankom jier wer fleurich fierder berch-op. It bestjoer ropt de leden mei in nije ledewinaksje op om der mei yn te foarsjen dat it ledetal fan de KFFB wer boppe de 1.500 leden komt. Nei de sluting geane de leden noch by de boeketafel del om dêrta allegearre promoasjemateriaal mei te nimmen om dat út te rikken oan kandidaat-leden foar ús feriening 'Kristlik Fryske Folksbibleteek'.

Geen opmerkingen: