dinsdag 11 november 2008

Gearkomste Platfoarm Fryske Oekumene yn wurding yn Wurdum

Tiisdei 11 novimber 2008

Op 4 oktober 2008 organisearren wy as oprjochtingswurkgroep in saneamde Breinstoarmdei foar alle organisaasjes en belutsen minsken dy 't harren dwaande hâlde mei Frysk yn tsjerke, mei Fryske oekumene of bygelyks ek mei Fryske liturgy foar de earetsjinst. Wy binne der tige wiis mei dat safolle minsken op dy sneon nei Stiens kommen binne om meiinoar nei te tinken en meielkoar te praten oer wêr't de Fryske Oekumene ferlet fan hat, fan hokfoar ynformaasje & materiaal de Fryske Oekumene ferlet hat èn fan hokfoar organisaasje ús Fryske Oekumene ferlet hat.

Sûnt dy oktobersneon hawwe wy as provinsjale oprjochtingswurkgroep in wiidweidich ferslach makke fan 'e rike rispinge fan dy dei. Dat ferslach hawwe wy no ek analysearre en der in nij dokument fan makke, dat wy neamd hawwe: "Analyze fan 'e Befinings fan Stiens".

Dy analyze besprekke wy as oprjochtingswurkgroep hjoed fan alle kanten yn ús gearkomste yn 'e Wurdumer Fikarij. Wy sjogge yn dat it goed west hat om dy breinstoarmdei te hâlden. Der blykt yndie in grut ferlet te wêzen fan nije produksjes en fan útwikseljen fan besteand materiaal ta ynspiraasje, spiritualiteit, besinning, foarming, tarissing, oplieding, leare, diskusje en debat. Wy hawwe no ek better foar eagen op hokfoar wize minsken en organisaasjes materiaal en ynformaasje freegje en oanbiede wolle en kinne. De dielnimmers fan dy breinstoarmdei holpen inoar ek tige by it neitinken op hokfoar wize wy dit provinsjaal organisearje kinne en hokker nammen mooglik goed passe by sa'n nije stifting, platfoarm, sintrum of koepel.

Nei dy oktoberdei binne wy der wis fan dat de nije koers fan 'e Fryske Oekumene een breed draachflak hat, dat wy binne no folslein op koers nei in nij "Platfoarm Fryske Oekumene" (PFO), dat nei alle gedachten de de kommende ieu de fuortsetting wurde kin fan it hjoeddeistige Kristlik Frysk Selskip (KFS). It KFS is de mem fan in soad Fryske organisaasjes dy't harren wurk yn Fryslân dogge op it mêd fan tsjerke & leauwen. It KFS nimt as ieuweling (1908-2008) no gelokkich de organisaasjes foar Fryske Oekumene - dy't soks wolle - ûnder de waarme hoede mei yn de kommende ieu. It kommende jier sil een wichtich jier wurde. Mei fjoer & faasje sille wy oan it wurk foar de oekumene fan Fryslân, en foar in part ek dêrbûten.

Alle dielnimmers fan de Breinstoarmdei fan 4 oktober 2008 en oare belangstellenden krije ynkoarten it hiele oktoberferslach mei de byhearrende novimberanalyze. Hja krije ek allegearre ús saneamde Koersbrief, dy't ynformaasje jout oer de koers dy't wy op it stuit foar eagen hawwe. Wy koerse oan op in Platfoarm Fryske Oekumene mei in nij bestjoer dat gearstald wurdt út hjoeddeistige Fryske organisaasjes dy't meiinoar de Fryske Oekumene in waarm hert tadrage. Wa't stypje wol is wolkom.

Geen opmerkingen: