maandag 24 oktober 2011

In pylgerliet

Snein 23 oktober 2011

Ik sjoch de bergen oan
en rop troch wyldernis en wâld:
wêr fyn ik help en hâld?
Myn help is God, Hy heint my op.
Dy't himel makke en ierde,
sil my oan de ein ta liede.

Hy hâldt de wacht oer Israël
Hy sliept of slommet net,
mar harket nei dyn hert.
Al gean de wegen op en del,
Hy lit dy feilich rinne oer rots en richel hinne.


De Hear is oan 'e rjochterhân dyn skaad,
sa komt oerdei gjin hjitte dij tenei.
En stiet de nacht oer stêd en lân,
gjin ûnheil sil dij deare,
dyn Hoeder is de Heare.

De Hear, dy't ivich om dij tinkt,
bliuwt, wat ek wanke mei, dyn Hoeder al den dei.
Dy't troch it kweade it goede bringt,
Hy hat dyn gean en kommen foargoed yn hannen nommen.

Boarnen:
Tekst: Psalm 121, Lieteboek foar de Tsjerken, 1977
Foto: Durkje Koehoorn-de Jong, Pyreneeën, 20 oktober 2011


Geen opmerkingen: