dinsdag 7 juni 2011

Fol túch de mist yn

Tiisdei 7 juny 2011

Foar myn jierdei krige ik ferline jier fan freonen út Stiens it boek ‘Fol túch de mist yn’, skreaun troch Hidde Boersma. It boek ferskynde yn ‘e moanne maaie fan 2010. It is in bondel mei ferhalen. De haadpersoanen yn dizze ferhalebondel hingje yn it generaal om yn de meast ferskriklike dekôrs dy’t it moderne libben te bieden hat òf hja folderje dêr wat: yn suburbs yn grutte stêden, yn Hoog Catharijne-achtige winkelsintra, yn Nederlân en yn it bûtenlân, bygelyks op de Reeperbahn. Soks smyt fansels bysûndere ynsichten op.

Boersma skriuwt oer in kuier op in stiller wurdend stripe strân bygelyks: ‘Pas dan fyn ik it werklik moai, as de natoer even frijware is fan oare minskebisten’. En as de haadpersoan yn it wetter in noch ticht blikje bier fynt: ‘It libben hat blykber eat te fieren en wy binne te gast. Sokke gastfrijens wolle we net licht mei omspringe’. En wat fyne jo fan dizze: ‘In foaroardiel is úteinlik neat as psychyske ballêst’.

Net allinnich de stêd stiet sintraal. Ek it plattelân is oanwêzich yn dit boek. Wiuwert en omkriten bygelyks - wêr’t skriuwer Hidde Boersma opgroeide - en de winterske sfear op it iis binne foar Friezen tige werkenbere eleminten yn dit boek. Wa’t dizze bondel lêst, sjocht hoe’t it deistich libben derút sjocht fan in stikmannich artistikerige jonge minsken, dy’t mei opsetsin in soad oan it tafal oerlitte. De filosofy fan ‘libje folút en nim dyn gemak’ komt op yntrigearjende wize yn dizze ferhalen fan Boersma boppe.

Boersma skriuwt dêroer: ‘We hoegden mar geduldich te wezen en út te sjen nei de ljochtpuntsjes fan goed útpakkend tafal yn ‘e tsjustere brij fan ‘e takomst. Mei dy hâlding kinne jo gerêst fol túch de mist yn’.

It boek befettet 36 ferhalen mei nijsgjirrige titel, lykas:
- Losse kninen;
- Fakulteit fan ‘e folderology;
- Oftingje by de Egyptner;
- Suver shaky
: ‘Ik haw krekt wat tefolle jûntsjes oan ‘e drank west, of ien te min. Wa wit komt dat jûn goed’;
- Skûlje yn ‘e moardkûle: ‘… mar ik fiel my dapper en kriichshaftich. Neat wol ik hjir misse, al fine se my nea werom! Al fine se my dea werom!’

Boersma brûkt yn syn ferhalen in grut tal bynammen, lykas:
- Geert Nuet (Mak);
- Sturt ’n Bealch;
- Fjoer fan Siden;
- Om ‘e Donder Net;
- Eamelkont.

Op ’e omslach fan it boek sjogge jo in skilderij, makke troch Klaas Lageweg fan Ljouwert. It is in skilderwurk út Lagerweg syn searje ‘Stadsgezichten’. Op it skilderij op it omkaft sjogge jo de bekinde Ljouwerter Jan Elmendorp, op syn bankje by it spoar by de Skrâns.

Geen opmerkingen: