zaterdag 27 november 2010

It nije Jabikspaad-stimpel fan de Jirnsumer Moeting

Sneon 27 novimber 2010

De tekener fan de Fryske Rie foar Heraldyk - de hear Jelle Terluin - hat op oanfraach fan ús âld bestjoerder Jan Aanstoot in moaie tekening makke foar it nije stimpel fan ús Stichting Jabikspaad Fryslân. Wy binne der tige wiis mei dat wy nochris wer in stimpel krigen hawwe by ús al grutte samling fan stimpels foar it Jabikspaad. Pylgers en oare rinners en fytsers dy't oer it Jabikspaad súdop geane binne der gâns wiis mei dat hja op ferskate plakken by it Jabikspaad efkes oanstekke kinne om in moai stimpel te setten op harren stimpelkaart fan it Jabikspaad. Us stimpels binne foar in grut tal minsken al saneamde "collectors items" wurden.

By it nijste stimpel fan de Jirnsumer Moeting skriuwt Jelle Terluin de útlis fan syn heraldyske tekening:

"By Jirnsum komme it eastlike en westlike part fan it Jabikspaad byinoar en gean dan as ien paad fierder nei it súden.
Sneon 5 juny 2010 is dêr in lyts monumint offisjeel ûntbleate, makke fan 500 kleastermoppen (âlde friezen), dy't sammele wiene troch de hear Loadewyk Damsma (1921-2010). Dit binne stiennen fan âlde Fryske kleasters en tsjerken út de midsieuwen (1200-1500).
It monumintsje is te fergelykjen mei in fûnemint fan in hûs of tsjerke yn 'e foarm fan in gaffel. Krekt als de twa paden dy't by inoar komme, slute dizze twa muorredielen ek op inoar oan.
Yn dit nije stimpel fan Jirnsum stiet dit mitsele muorke sintraal, wylst it Mauritiuskrúske út it wapen fan Jirnsum dêr boppe ôfbylde stiet. Tusken de beide muorredielen en dêrûnder de Sint Jabiksskulp en de wulk fan it Jabikspaad, as symboalen fan de pylgers of rinners.
Yn it râneskrift stiet: Jirnsumer Moeting. De fuotstappen yn 'e râne wolle oanjaan dat it in kuierpaad is, hoewolt ek op de fyts dit paad te gean is".

As bestjoer binne wy tige wiis mei dit moaie stimpel, dêr't ek in grut tal pylgers, rinners en fytsers yn Jirnsum ynkoarten graach in stimpel set hawwe wolle op harren stimpelkaart. Wy sille ynkoarten ris sjen dat wy yn Jirnsum in goed plak fyne wêr't foarbygongers it stimpel dan helje kinne.

Geen opmerkingen: