Wiep Koehoorn tekenet it karbrief, mei Paul Hekstra, Ellert Jongstra en Hinne Wagenaar |
Jûn fûn yn ‘e âlde doarpstjerke fan Jorwert de feestlike oprjochtingsgearkomste plak fan Krúspunt, it nij Frysk Oekumenysk Platfoarm, fuortsetting van it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip 1908-2008 (KFS).
Op inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân hawwe in grut tal organisaasjes dy’t harren rjochtsje op it befoarderjen en it brûken fan it Frysk yn tsjerke, yn earetsjinsten en dêrbûten yn 2008 in wurkgroep yn it libben roppen. Dizze tariedingsgroep moast der yn foarsjen dat der in nij Frysk Oekumenysk Platfoarm oprjochte wurde soe. Dat platfoarm bringt allerhanne ynformaasje en materiaal byinoar foar elkenien dy’t mear witte wol fan wat der allegearre beskikber is en dêrmei ek foar elk dy’t al it beskikber steld Frysktalig materiaal brûke wol yn en bûten tsjerke.
De mem fan in grut tal hjoeddeistige kristlik Fryske organisaasjes, it KFS, bliuwt noch in lyts tal jierren bestean om Krúspunt as in nij bern fan ‘e famylje grut te meitsjen. As Krúspunt har wurk as Frysk Oekumenysk Platfoarm goed opset hat, wurdt it mear as hûndert jier âlde KFS opheft. Krúspunt is de beëage organisaasje dy’t dan de eigentiidske fuortsetting wêze sil fan it KFS. It ynternet sil foar Krúspunt in wichtige wei wurde wêrmei't alle selsstannich bliuwende, dielnimmende Fryske organisaasjes harren ynformaasje en materiaal meiinoar wrâldkundig meitsje.
Yn it koar fan in folle Jorwerter tsjerke, yn it bywêzen fan notaris Van der Hem fan Jorwert is it karbrief fan Krúspunt op dizze Tredde Pinksterdei ûndertekene troch de fjouwer oprjochters fan Krúspunt: Ellert Jongstra fan it Ferbân fan Fryske Foargongers (FFF), Paul Hekstra fan it Project Hânsume Help, Wiep Koehoorn fan ’e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) en Hinne Wagenaar fan it KFS.
Nei it passearjen fan de notariële akte wurde de earste bestjoerders fan Krúspunt presintearre oan alle oanwêzigen. De bestjoerders binne Douwe Gerbens út namme fan ’e KFFB, Eelke Goodijk út namme fan ‘e Frysk Oekumenyske Wurkferbannen, Toos Reichman út namme fan ‘e Beriedsgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk en Warner Veltman út namme fan it FFF. Foarsitter wurdt Liuwe Westra fan it KFS, skriuwer wurdt Tytsje Hibma fan ’e Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst en ponghâlder wurdt Piet Miedema fan it KFS. Foarsitter Liuwe Westra sprekt nei de ûndertekening syn iepeningstaspraak út.
Nei it skoft fersoarget it Kwartettekoar fan Itens ûnder lieding fan Hindrik van der Meer in blier muzikaal programma as wie it in priuwerij fan allerhanne Frysktalige lieten om nei te harkjen en fral ek om mei te sjongen. Oan ’e ein fan ’e jûn gean de oanwêzigen alhiel optein werom nei hûs. In lyts tal giet yn de betide jûnskimer rinnendewei trocht de fjilden wer werom nei de auto. Hja rinne werom nei de tsjerke fan Leons, dêr’t in grut tal fan de dielnimmers oan it begjin fan de jûn als pylgers oer in part fan it Fryske Jabikspaad rûn fan Leons nei dizze tige slagge oprjochtingsgearkomste fan Krúspunt, yn ’e tsjerke fan Jorwert.
(foto: Pastoar Jan Romkes van der Wal fan Boalsert)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten