zondag 17 mei 2009

Sjongend op wei mei God

Snein 17 maaie 2009

De Evangelisaasjekommisje fan 'e Stienser PKN-tsjerke organisearret jûn yn De Hege Stins in Sjong Yn mei de Gospelrockformaasje Sozo út Broeksterwâld. "Op wei mei God" is it tema fan dizze Gemeentetsjinst. Dûmny P. Dykstra fan Grou is ús foargonger en oargelist fan dizze Fryske tsjinst is Han Giesing.

Wy sjonge jûn in soad lieten. Dûmny Dykstra giet mei Abraham jûn kwa doer fan 'e preek wol tige koart troch de bocht, mar mei it grut tal lieten dat Sozo jûn opfiert, is in oere samar om. It is wat stil yn tsjerke. Der binne lang net safolle minsken as dat wy wend binne. Om der dochs noch wat libbenskrêft yn te bringen, freget Sozo-sjonger Syb fan der Ploeg (jawis, dat is ommers dy neef fan De Kast-sjonger) ús om alle lieten safolle mooglik mei te sjongen. It binne meastentiids (ek eigen) Fryske oersettings fan Opwekkingslieten. Dat meisjongen falt noch net ta, want it binne fral lieten dy't wy as gemeente net wend binne om te sjongen. Mar hawar, Sozo muzysearret en sjongt mei hert en siel, en dat makket in soad goed.

Geen opmerkingen: