zaterdag 11 april 2009

Fan twa lamkes yn Gasterlân

Sneon 11 april 2009

Doe't ik juster mei Durkje tusken de Gasterlânske greiden troch fan Warns nei Skarl rûn, sieten dêr twa lytse wite lamkes by de sleat, yn 'e sleatswâl. Wy moasten doe tinke oan it berneferske fan juffrou G. Dam, dat wy ferhinne mei ús bern songen doe't hja noch beukers wienen:

Twa lytse wite lamkes, dy boarten by de sleat.
Har mem sei: "Hjir gau berntsjes, dat komt aanst grif ferkeard!"

Dy smoarge lamkes tochten, ús mem dy praat mar wat.

Lit ús hjir mar moai boartsje, dat wetter wat soe dat?

Hja sprongen en hja dûnsen, en ja it kaam ferkeard.
Want 't wie ynienen: hoepla! Kopke-ûnder yn'e sleat.

't Ald skiep begûn te gûlen, dêr kaam de boer op ôf.
Hij sei: "Ik sil jim helpe, mar 'k set jim gau oan 't tou".

Boarne: Beukerbûnt XIV, Afûk, 1977

Geen opmerkingen: