Freed 1 jannewaris 2021
Dochs noch fjûrwurk by de jierwiksel fan 2020 nei 2021 |
Ald fjûr & Nij ljocht
Nei in rêstige jûn fan in âldjiersbesite by de mem fan Durkje yn Dokkum en dêrnei by myn mim yn Drachten en dêrnei mei de útsetter fan noch rom in heal ûre thús yn Feinsum, hawwe wy de jierwiksel 20 > 21 yn in stil Feinsum fiert.
Flak nei de jierwiksel wie it knap stil yn Feinsum, stiller as yn de foargeande jierren. Net ien op'e dyk en gjin fjûrwurk yn en boppe it doarp te sjen.
Fan boppen koene wy noch al it fjûrwurk sjen fan Hallum en Stiens, want boppe dy buordoarpen hongen wol tal fan útspattings fan lûd, ljocht en kleur.
Ek moai om te sjen dat ynstee fan al dat fjûrwurk no fan rûnom de wrâld allerhande ljocht-shows op tillevisy te sjen wienen; ek prachtich.
En sa glydzje wy meiinoar it nije jier al wer yn.
Foar wa't dit sjocht en lêst, groetnis út Feinsum, en wy winske jo/dy Folle Lok & Seine yn 2021.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten