It omslach fan 'Net te leauwen' |
Wûnderbaarlike ferhalen
Yn 2014 hat de 'Documentatiestichting Leeuwarderadeel' in ferhalebondel útjûn mei de titel 'Net te leauwen - Folksferhalen Ljouwerteradiel'. Yn it Foaropwurd fan wethâlder Agda Wachter skriuwt hja dat it in boek is fol wûnderbaarlike ferhalen, oer it deistich libben, oer minsken, en ek oer plakken yn ús gemeente Ljouwerteradiel dêr't it frjemd spoekje koe.
De folksferhalen út de doarpen fan Ljouwerteradiel binne samle troch Durk Reitsma, en mei help fan Piet Bouma gearstald ta in boek. De illustraasjes yn it boek binne fan Henk Nauta.
Bysûndere minsken en plakken
It boek befettet allerhanne koarte folksferhalen oer de doarpen fan Ljouwerteradiel, lykas Jelsum, Koarnjum, Britsum, Stiens, Feinsum, Hijum en Alde Leie. De ferhalebondel slút ôf mei in tal algemiene ferhalen oer Ljouwerteradiel, lykas oer de Dokkumer Ie, it Dokkumer Lokaaltsje, en in ferskaat oare ferhalen.
Tema's dy't yn de measte haadstikken oan 'e oarder kommen, binne:
- Skel- en spotnammen (lykas: Skierroeken);
- Oarsprongsferhalen (lykas: Skythûsbuorren);
- Magysk en mytysk wrâldbyld (lykas: De geast fan De Swynzer Opfeart);
- Dat wie doe (lykas: Tsjerke yn it fallissement);
- Bysûndere minsken (lykas: In sunige boer) ;
- Smoute ferhalen (lykas: Fuotten fan beppe).
Warskôging
Wisten jo al dat op it Spoekepaad fan Jelsum ea in muonts mei drank op yn 'e feart rekke en dêryn ferdronken is?
Skrik net as jo dêr by nacht oer dit paad gean, want syn geast moat noch altyd op dat paad omspoekje.
Jo binne no warskôge!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten