woensdag 7 januari 2015

Lêze as in hazze, hinne en werom

Tiisdei 6 jannewaris 2015

It omslach mei de hazze op de tredde poëzybondel fan Edwin de Groot















Ensafh
Hjoed hat it Fryske literêre tydskrift Ensafh myn ûndersteand boekbesprek fan de tredde poëzybondel fan Edwin de Groot publisearre op harren webside.

Lêze en werlêze
De tredde poëzybondel dy’t de Fryske dichter Edwin de Groot (1963) yn 2013 by útjouwerij De Contrabas publisearre, is kwa titel en ynhâld alhiel twatalich. De dûbele titels In hazze is in lokkich bern en Een haas is een gelukkig kind binne nijsgjirrich, want soks ropt mear fragen op as dat it antwurden jout. Itselde hie ik mei it omslach fan it boek. In tal kearen frege ik my ôf wat dy griene halen dochs op it omslach betsjutte soenen, mar doe’t ik it boek ris oppakte wylst it in kwartslach draaid op ’e tafel lei, seach ik ynienen de hazzekop op it omslach. Mei sa’n kwartslach soene jo dizze bondel ek ris lêze moatte, want it werlêzen lit jo wis in twadde en tredde kear ris oars tinke, en jo komme dan faaks tichter by wat de dichter jo sizze wol.

Lêze, as in hazze, hinne en werom

Yn it earste part fan dizze dichtbondel steane de gedichten yn de Fryske taal, en yn it twadde part fine jo bykâns it hiele boekje nochris, mar dan yn de Nederlânske taal. It is net sa dat de gedichten wurd foar wurd eksakt oerset binne fan de iene nei de oare taal, mar dat hoecht by poëzy ek net, tinkt my. As Fries binne jo benijd hoe’t it Frysk oerset is nei it Nederlânsk, en my tinkt dat lêzers mei foarkar foar it Nederlânsk ek graach sjogge hoe’t in Fries soks no seit en skriuwt. Sa’n twatalige poëzybondel noeget jo wol út om hinne en werom te lêzen. En wat foar in goed begryp oer de gedichten en oer harren dichter ek tige in stipe is, dat binne it grut tal notysjes by de gedichten, dy’t de dichter efteryn elts part fan de bondel ek wer twatalich oan de lêzer meijout.

Byldzjend skriuwen
De 33 gedichten binne oardere yn de folgjende fiif tema’s:
By it tema ‘is alles gau fergetten’ moetsje jo yn it earste gedicht fuortdalik de hazze al as lokkich bern. Jo moetsje de hazze in tal kearen, mar ek de fjildlyster, in poes en de hauk.
Yn ‘moardkûle yn ‘e tún’ is jo as lêzer al dúdlik wurden hoe byldzjend de dichter skriuwt. Jo sjogge de dichter op it dak al fier ta it dakrút út, as jo lêze: ‘Ik ploai út it dakrútsje wei in skrokken hoekpanne wer yn konfeksjepak’.
By ‘brún wetter is noch gjin tee’ geane jo by De Lemmer oer de grins, en reizgje jo mei de dichter troch de Noardeastpolder, nei Bloksyl en sels nei it Waalske La Roche en Ardenne.
It tema ‘in oersidich dykskiep’ hâldt de moeting fan dichter en lêzer skerp mei bygelyks de iepening fan in gedicht mei de wurden ‘No miende ik dochs wier dat ik ’t ien en oar aardich bewurde hie’, en mei it sitaat fan de dichter Paul van Ostaijen, dy’t jo dûdlik makket dat gedichten minder begrepen, mar mear field wurde moatte.
Yn it ‘postludium’ stiet oan de ein it gedicht ‘Driuwjacht’, dat in oersetting is fan in gedicht fan Cornelius Onno Jellema, oerset troch Edwin de Groot.

Klam op klankkeunst
Om by it doel en de betsjutting fan de gedichten te kommen, moat jo kopke der wol by wêze en bliuwe, want de klam yn dizze bondel leit mear op taal as op betsjutting. Gauris misse jo as lêzer de ferbannen fan wurden, rigels en fersen, mar jo krije dêr wol in prachtich draagjende tekst foar werom. Lês dizze gedichten ris lûdop, sa’t Tsjêbbe Hettinga syn eigen wurk sa steatlik foardroech, dan komt de poëzy fan de gedichten fan Edwin de Groot jo ek ticht op ’e hûd. Lês bygelyks mar ris it earste part fan ‘Neat dichtsje by Swarte Haan’:
Net ien wintersk wurd
sil strikkesetter wêze foar mûsstil
omskriuw hoe’t tinfindelich fyn izich ljocht
bûtendyks saait as fan in hân blaasd sân
oer pealfêst basalt en stil skriel slyk.

Taal ferbynt
Edwin de Groot boartet mei taal yn syn gedichten. Om de klam op wurden en wurdkombinaasjes te lizzen, heakket De Groot guon wurden fan de folgjende rigel noch oan de foargeande ta (dat neame wy ek wol enzjambemint). In moaie fynst seach ik yn it gedicht ‘Reisgenoaten en weemoed’, dêr’t er de twa parten fan it gedicht mei in frijsteande tuskenrigel yn ferbynt. Dy rigel makket de foargeande ôf, en is ek it begjin fan de folgjende; sjoch hjirûnder mar ris:

…… dat ûnfersetlik lizzen bliuwt

 as in ûnmachtich skiep

 leit pake ûnder de rouswarte Gazellefyts …..

Skildereftige wurden en kombinaasjes
De dichter brûkt yn syn gedichten skildereftige wurden, lykas: sânglêssân, klompeklossend, jiskegielhierrige en sigesaagjende.
Mar ek guon wurdkombinaasjes binne moai, lykas: graach traach, nimmen immen, bosk en mosk en skulpegriis grús.
En knap binne ek de alliteraasjes lykas: kritend kraskjend, flam fleurich, finsterslach frij, bloedearmoedich beton, bikke en boekt, kokosoalje by keamertemperatuer, súntsjes skjirret, sâlt sêftsidich skrynt, kopse kanten, fûkjende fiken en it soele suden.
Dat lêzer, sit mar net yn noed en lês dizze dichtbondel. Jo hoege net lykas Lucio Fontana (yn it gedicht ‘Noed en wille’) mei in Stanleymês it wurk mei fûkjende fiken te skansearjen om alle betsjuttings bleat te lizzen. Lês mar geandewei en lûdop, lykas de mûntsen geandewei lûdop liezen yn de omgong fan harren kleaster. Dan dogge de klinkende klanken fan de dichter harren wurk op in eigen wize en mei wille.

Geen opmerkingen: