dr. Bernard Smilde (1922-2014) |
Ryk fan segen
"Ik haw in soad segen hân", skreau dûmny Bernard Smilde, doe't hy 80 jier waard. Nochris tolve jier segen mocht Smilde derby krije. Op 30 augustus 2014 is dûmny Smilde yn Ljouwert ferstoarn. Hy waard 92 jier en koe mei in grut tal minsken weromsjen op in ryk libben.
Op it roubrief skriuwt de famylje: "Mei hert en siel hat hy de lofsang geande hâlden". Sa sil in soad kunde fan dûmny Smilde dizze bysûndere man betinke.
Oersetter foar it NBG
As bestjoerslid fan it Nederlânsk Bibelgenoatskip (NBG) bin ik fan 'e middei by de 'tsjinst fan tank & treast' yn de folle tsjerkeseal fan de Kuriostsjerke te Ljouwert. Oan it tal minsken, mar ek oan wa't der by binne, is te sjen dat Bernard Smilde in soad betsjut hat yn it Fryske fermidden fan bygelyks muzyk, teology en Fryske earetsjinst. Myn buorman yn de tsjerkebank seit it sa treffend: "Elts wa't der ta docht, is hjir hjoed yn tsjerke". Elts mei oantinken oan de wichtige wurken fan dr. Bernard Smilde op it snijflak fan Fryske teology & muzyk.
Foar it Nederlânsk Bibelgenoatskip hat dr. Bernard Smilde fan grutte wearde west as oersetter fan it Alde Testamint fan de 'Nije Fryske Bibeloersetting" (NBG, 1978) en fan de Groot Nieuws Bijbel (NBG, 1983). As NBG binne wy tankber dat dizze betûfte Fryske teoloog it Wurd fan Heit yn de taal fan mem sa ticht op 'e hûd fan de Friezen brocht hat.
Teology & muzyk
Doe't ik mei myn hegeskoalle-kollega Harm Witteveen, doetiids muzykdosint fan de Pabû fan de Kristlike Hegeskoalle Nederlân (CHN), foar de CHN en VU-podium it grutte tsjerkemuzykskiednisprojekt 'Kerkmuziek voor het kind' (in musical-produksje fan basisskoallen yn Fryslân, Grins en Drinte) tarette, hawwe wy de och sa kundige stipe hân mei de advizen fan dr. Bernard Smilde.
Doe't wy yn in jiergearkomste fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek as KFFB-leden mei-inoar sjonge soenen en der gjin pianist wie, gie Bernard Smilde oerein, sette him by de piano, sette fleurich yn op 'e piano, en de seal song blier de lofsangen ta Gods eare.
Wer werom nei de mem
En wat wie Bernard Smilde dúdlik yn syn wurden, doe't wy jierren lyn as fertsjinwurdigers fan in tal Frysk-kristlike organisaasjes praten oer it beëinigjen fan it Kristlik Frysk Selskip. It KFS mocht fan Smilde wol opheft wurde, mar dan moast der al wat nijs, wat eigentiidsk foar yn 't plak komme, want, sa sei Smilde: "Jimme moatte as organisaasjes al wer werom nei de mem". Dy deis hawwe wy ôfpraat dat wy alle war dwaan soenen om in nije memme-organisaasje op te rjochtsjen, en doe haw ik my as bestjoerslid fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) mei sân oare fertsjinwurdigers út Frysk-kristlike kringen ynset foar it oprjochtsjen fan in nije (memme)stifting: 'Stifting Krúspunt'.
Betinking en ferkundiging
Foargonger yn de Frysktalige tsjerketsjinst foarôfgeande oan de begraffenis fan Bernard Smilde is dûmny J.D. Th. Wassenaar. Oargelist is Olchert Clevering, dy't ek Anne Eringa begeliedt as hja it "No wol ik Jo myn sangen sjonge" op 'e muzyk fan J.S. Bach sjongt. It is it lêste liet dat Bernard Smilde noch op de piano spile.
Dûmny Wassenaar yn syn 'Betinking en ferkundiging":
- Bernard Smilde siet fol fan syn wurk.
- Hy libbe faak yn in hegere wrâld, yn syn wrâld fan teology & muzyk.
- It wie in man mei in soad kennis (fan it liet, de muzyk, de teology en fan de (Fryske) taal).
- Hy wie komponist, dûmny, dichter, skriuwer, berimer en oersetter.
- Smilde wie de oersetter fan psalm 98: 'Sjong de Heare in nij liet". En dat hat hy ek mooglik makke, want hy hat in soad nije lieten skrean.
Nei de Betinking en ferkundiging sjonge wy mei hûnderten minsken yn de tsjerkeseal as antwurd:
"Dêr is in lân fan kleare ljocht, dêr't hill'gen, fan de Hear
mei eare_en hearlikheid betocht, net lije_en stjerre mear.
Dêr wit de maitiid fan gjin ein, it grien fan gjin fergean;
dêr stean de blommen fier en hein yn keninklike klean."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten