zaterdag 29 maart 2014

Jiergearkomste 2014 fan Krúspunt yn Feanwâlden

Sneon 29 maart 2014
Fleurich meiïnoar sjonge yn de jiergearkomste fan Krúspunt















Earste Lustrum
Hjoed hâldt Stifting Krúspunt har fyfde Jiergearkomste yn Feanwâlden. Krúspunt wol in moetingsplak wêze foar dielnimmende organisaasjes en stipers en alle oaren, dy't mear wolle mei it Frysk yn en om tsjerke. Fan't simmer is it al wer fiif jier lyn dat wy Krúspunt oprjochte hawwe, yn de Sint-Redbadtsjerke fan it Fryske Jorwert. Yn de ôfrûne fiif jier hat Krúspunt al in soad goede dingen dien, en de stifting is no al útwreide ta 27 dielnimmende organisaasjes, lykas de KFFB, de Stichting Jabikspaad Fryslân, it Nederlânsk Bibelgenoatskip en de Stifting Nijkleaster. Alle persoanlike stipers en alle dielnimmende organisaasjes binne troch it stiftingsbestjoer fan Krúspunt noege om allegearre dizze jiergearkomste by te wenjen.

Gods wurd hat sprutsen yn de tiid
Nei de ynrin mei kofje en/of tee yn De Mienskip kuierje wy nei de Jehannestsjerke fan Feanwâlden. Dèr fange wy oan mei in Moarnsgebed ûnder lieding fan Krúspunt-foarsitter Hinne Wagenaar. Oan dizze koarte Fryske fesper wurdt meiwurkt trjoch oargelist Geart van der Heide en it mingd koar 'Canzone' út De Westereen, ûnder lieding fan Jaep Meems.
Nei ôfrin wurdt yn tsjerke de winner bekend makke fan de priisfraach, dy't Krúspunt útskrean hat foar it skriuwen fan in nij Frysk krystliet. Toos Reichman jouwt it wurd oan sjurylid Alex Riemersma, dy't mei dûmny David de Jong en muzikus Olchert Clevering de seleksje fan it winnende krystliet dien hat. Mei syn prachtich liet 'Gods wurd hat sprutsen yn de tiid' wint Jacobus Knol fan't jier de Bernard Smildepriis 2014. It liet is muzikaal, teologysk en literêr in knappe oersetting wurden, dyt goed sjongsum is.
God sil Syn wrâld fernije.....
En sjonge sil, wa't no noch stil ferkwynt yn boei en bannen.....
De tiid fergiet, mar 't stjerrend sied jout fruchten oer de mjitte.

Saaklik, oer Dongerdaam en Sjonge
Wer werom yn De Mienskip folget it saaklik part, oer it jierferslach, it finansjeel ferslach, it ferslach fan de kaskommisje en de bestjoersferkiezing. Dernei folget de oanbieding fan it boekje 'Feroarings yn Dongerdaam', in weromsjen op de ôfslutende gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip, wêr't Krúspunt no de fuortsetting fan is.
Foardat elts de gelegenheid krijt om yn it skoft syn meinommen brochje te behimmeljen, sjonge wy fleurich in tal lieten meiïnoar, ûnder lieding fan dirigint Jaep Meems, mei syn koar Canzone, en pianist Geart van der Heide.
't Goede is sterker as't kweade, leafde sterker as haat.
Ljocht is sterker as tsjuster, libben sterker as dea.
Hy hat oerwûn, Syn leafde draacht ús.

De Skierstins en Teology yn Fryslân
Yn it lange middeisskoft krijt elts de gelegenheid om De Skierstins en de stinzeblommen rûnom te besjen. Yn de Skierstins is in útstalling oer de kleasters yn de Midsieuwen, en wy kinne dêr ek wurk en oar materiaal fan en oer de Fryske skriuwer Theun de Vries fan Feanwâlden besjen.
Nei it skoft folget yn De Mienskip in koarte presintaasje fan Hinne Wagenaar oer de plannen fan Krúspunt foar kursussen oer Fryske teology en oer Teology yn Fryslân, bygelyks oer lânskip & tsjerke, oer bibeloersettings & lieteboeken, oer kuiertochten oer geastlike foargongers en oer Fryske, kontekstuele teology.
Foar it skoft slút Koen Zondag it earste part fan it middeisprogramma ôf mei de risseltaten fan syn enkête ûnder meniste foargongers: De Menisten en it Frysk yn tsjerke.

Sjong mei hert en siel yn de Jûnssang
It lêste part fan dizze jiergearkomste is wer yn de Jehannestsjerke. Fan in gelegenheidskoar únder lieding fan Keimpe van der Meer en mei Oane Reitsma op it oargel krije wy in moaie Jûnssang oanbean, in bewurking fan in Ingelske Evensong. Anneke Bos is de lektor.
It fangt oan mei it oargelspul 'Diapason Movement' fan John Bennett, en dan folget in tal lieten mei foarsang, koarsang en meiïnoar sjonge. Mei it krêftig oargelspul 'Short Voluntary' fan John Worgan wurdt dizze Jûnssang en dizze jiergearkomste fan Krúspunt ôfsluten.
Dêrom nim ik ek diel yn dizze lofmuzyk,
besjong mei hert en siel de gloarje fan Syn ryk!
Dat no tenei ek myn gesang
myn libben lang
Him priizje mei!

Geen opmerkingen: