Jierdei geskinken te pronk yn de Time-Out |
Spesjale feest-edysje
'Gjin spat feroare!', sa stiet skrean op it útnoegingsbrief fan Akke, ta kundskip dat hja hjoed 50 jier wurde sil.
Hja hat hjir lang nei útsjoen, mar hjoed is it dan safier.
De útnoeging dy't wy krigen, is makke yn de foarm fan in 50+tiidskrift.
In âlde swart-wyt-foto en in mear resinte foto fan de simmerfakânsje fan 2012 pronkje op it omslach fan it útnoegingsbrief.
'Gjin spat feroare!', stiet by de foto's skrean op dizze spesjale feest-edysje fan it 50+tiidskrift.
Feest yn Time-Out
Durkje en ik binne jûn ek fan herte wolkom om Akke har 50e jierdei feestlik mei te fieren yn de Time-Out, it lokaal yn de boppeseal fan de Kristlike-Grifformearde Tsjerke fan Dokkum.
In soad femylje, freonen en kunde komt hjir jûn gear om mei Akke en mei har neiste femylje tankber en fleurich dizze dochs wol bysûndere jierdei te fieren.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten