Woansdei 10 febrewaris 2010
It fielt hjoed as in slim kâlde dei. Net fanwegen de lege temperatuer fan krekt ûnder nul, mar fanwegen de skerpe, hurde wyn mei oer it fjild in lichte, mar opswypjende fine sniestoarm. Der leit yn it Bûtenfjild tusken Damwâld, Burdaard, Readtsjerk en Broeksterwâld net in soad snie op it fjild, want dy is yn 'e rin fan 'e dei fan it fjild ôf yn 'e sleatten waait. Yn it Bûtenfjild sjoch ik net folle fee. Hjir en dêr rint dochs noch in keppel skiep yn it fjild, dik yn harren wollen tek.
Ek op in kampke lân oan 'e eastside fan Broeksterwâld rint skiep. Skiep op it lân, skiep yn 'e ûnderwâl by it iis op 'e sleat en skiep op 'e daam, dêr't de skieppeboer in heap hea delsmiten hat om de skiep (by) te fuorjen.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten