Freed 20 maart 2009
Oan 'e ein fan 'e middei komme wy as bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek gear yn restaurant 't Ponkje fan Wâldsein. It wurdt in bysûndere gearkomste. It earste diel fan 'e gearkomste is formeel bestjoerlik en it twadde diel is in ynformeel jûnsbarren.
De bestjoersgearkomste yn 'e boppeseal fan 't Ponkje hat in folle wurklist oer (presintaasjes fan) nije útjeften, boekefeesten dy't west hawwe en noch komme, propaganda om nije ferieningsleden oan te bringen èn lange en brede petearen oer it kommende jubileumfeest fan 'e KFFB, soks mei it each op it 75-jierrich bestean fan ús Fryske boekeklub KFFB yn desimber 2009.
Nei it omfreegjen en sluten geane wy nei ûnderen ta om yn it restaurant fan 't Ponkje ús gearkomste mei lekker iten fuort te setten, mei ús ôfgeand bestjoerslid, frou Coby Laanstra. Hja hat mear as tritich jier bestoerslid west fan 'e KFFB, dat wy tochten dat it wis wol fertsjinne wie om har in noflike jûn mei in lekker miel oan te bieden. It docht bliken dat wy foar dizze jûn in goed plak útsocht hawwe. It sit tige treflik yn dit restaurant, dat jierren ferlyn al kaam is yn dit âlde skûltsjerkje, de âld-Fermoanje fan Wâldsein.
Wy krije lekker iten, hawwe de hiele jûn ris noch mear persoanlik praat as dat wy wend binne yn ús bestjoersgearkomsten en oan 'e ein fan 'e jûn is it ús foarsitter Minne Vis, dy't mei in ôfskiepraatsje komt mei tige wurdearjende wurden foar it folle en it goede dat Coby yn al dy jierren yn 'e KFFB en mei alle KFFB-(bestjoers)leden dien hat. It is al let op 'e jûn as ik Coby nei hûs ta ryd en har thúsbring. Sa'n moaie jûn, it is wol it minste dat wy as bestjoer noch dwaan kinne foar dit ofskienimmend bestjoerslid, dy't har in soad fan har aktive jierren fol oertsjûging mei hert en siel ynset hat foar ús feriening èn foar harren leden en lêzers. Coby, farwol!
zaterdag 21 maart 2009
KFFB-bestjoersgearkomste yn 't Ponkje fan Wâldsein
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten