woensdag 4 februari 2009

KFFB-bestjoersgearkomste yn Ljouwert

Woansdei 4 febrewaris 2009

De earste bestjoersgearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) is hjoed yn 'e Kurios-tsjerke fan Ljouwert. De earste gearkomste nei tritich jier sûnder âld-bestjoerslid Coby Laanstra, no't hja yn jannewaris 2009 yn 'e Jiergearkomste ôfskie fan ús nommen hat. Ik wurd beneamd ta twadde foarsitter fan it KFFB-bestjoer, no't Coby ôfgien is. Wy prate hjoed in datum ôf foar Coby har wolfertsjinne ôfskie fan ús bestjoer, yn 't Ponkje fan Wâldsein. Fierder sjogge wy werom op wat allegearre west hat en wat troch ús dien is nei ús foarige gearkomste en wy evaluearje de Jiergearkomste fan 17 jannewaris 2009. Dat wie in boppeslach, fûnen ek ús leden.

Wy beprate in nij manuskript, in al âlder manuskript en de kranteresinsjes oer ús útjeften. Fierder prate wy oer de presintaasje fan trije nije KFFB-boeken en beprate in mooglik nije bewurking fan in bernebibel fan 'e KFFB. In tal jildsaken komme oan 'e oarder, dy't ús by steat stelle moatte om ús nije - ek bysûndere - útjeften fan it 75e besteansjier fan 'e KFFB mooglik meitsje te kinnen. Dy finansjele stipe fan oerheid en fûnsen binne wy nedich om jierliks in tal goede romans en bygelyks dichtbondels, lieteboeken en oare spesjale útjeften út te jaan.

Ta beslút prate wy oer ús ôffurdiging nei it Frysk Boekefeest by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan "It Fryske Boek". It lêste besprekpunt is in wichtich punt: hoe komme wy wer oan mear leden? Kommend jier wolle wy aksjes fiere om it tal leden ta nimme te litten. Ek yn ús 75e besteansjier is it noch altyd foar ús: "Klim Fleurich Fierder Berch-op" (KFFB).

Geen opmerkingen: