zaterdag 21 februari 2009

75 Jier It Fryske Boek

Sneon 21 febrewaris 2009

Stifting "It Fryske Boek" hat 75 jier bestean. Dat litte hja net samar foarby gean. De jubilearjende organisaasje organisearret jûn yn 'e Stêdsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert in grut Frysk Boekefeest mei in muzykaal en literêr program mei in soad fariaasje. Durkje en ik binne der jûn út namme fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) ek by op útnoeging fan It Fryske Boek. It tema fan de Fryske Boekewike 2009 is "Feestlift".

Mindert Wijnstra (skriuwer fan "It kweade wiif fan Hylpen") is presintator. Foarsitter J. Geersing hâld de feesttaspraak ta gelegenheid fan in 75-jierrich bestean fan It Fryske Boek. Dan presentearret Wijnstra it Boekewikegeskink "Feestlift", mei ferhalen fan fjouwer "mystery" skriuwers. Samar in lêzer út 'e seal is de persoan dy't it earste eksimplaar oanbean wurd. Dernei lêst Ate Grypstra syn ferhaal "Fleisferfanger"; in húverferhaal neamt er it sjenre. Foar it skoft komt dan it moaie "interactive cross-media program Under Wetter", spile troch TiDDER, dat is basearre op it nijste boek fan Koos Tiemersma mei deselde titel.

Nei it skoft sjongt Liet-winneres Yldou Bylsma mei pianobegelieding in tal moaie frysktalige sjongstikken. En dan komt it dichtersprogram fan Ytsje Hoekstra en Grytsje Schaaf mei harren swipjende en dragende gedichten ûnder de grutte foto's op it projeksjeskêrm. It program wurd ôfsluten mei in petear fan Klaas Jansma (skriuwer fan "De razende man") mei Arjen Terpstra (skriuwer fan "De hearen fan Fryslân").

Nei ôfrin is der muzyk fan Trio Kaspers yn de foyer fan De Harmonie. It is in literêre jûn mei in soad skriuwers (bygelyks Hylke Speerstra, Anders Rozendal, Corry Boelens, Steven de Jong), útjouwers, boekhannelers en allegearre oare minsken út 'e literêre wrâld en út in breder kultureel en bestjoerlik fermidden.

Geen opmerkingen: