zaterdag 14 juni 2008

Slachtemarathon 2008 fan 'e sédyk nei Raerd

Sneon 14 juny 2008

Wat in pracht dei! En wat in soad fleurige Friezen op ien (Slachte)dyk. Ien grut folksfeest. Durkje en ik rinne hjoed de (tredde) Slachtemarathon 2008. Mei de bus fan Ljouwert nei de Waddensédyk boppe Seisbierrum. Fan 'e sédyk by Easterbierrum del en dan by Getswerdersyl oer de nije Slachtetille oer de A31. En dan fia Kiestersyl nei Sopsum ûnder de reak fan Hitsum; ús earste pleisterplak.

Dernei troch it doarpsfeest fan Achlum en dan fia Payesyl en Tolsumersyl nei ús twadde pleisterplak yn Swarte Beien.
By Kromsyl oer de Nije Kromme en dan fia Hidaerdersyl, De Kliuw, Sânleanstersyl nei ús tredde pleisterplak yn Reahûs: hielendal yn Gryks mythologyske (marathon)styl optúge.
Dernei troch Greate Wierrum en Boazumersyl nei Easterwierrum, wer't skoanheit en skoanmem út harren stoel oereinfearre as hja ús oankommmen sjogge.
En dan ta beslút fia Dillesyl it lêste ein fan 'e rûte nei it einplak Raerd, wer't Geart fan Túnen fan Omrop Fryslân ús oer de einstreek praat.
En dan stean allegearre bussen klear om ús wer flot nei Ljouwert te bringen.

Minsken, wat in foarrjocht om dizze 42 kilometer sa goed fersoarge te rinnen. Grutte tank oan alle meiwurkers fan de oanlizzene 30 Slachtedoarpen. Hulde foar die tsientallen orkesten, sjongkoaren, artysten, organisaasjes, muzikanten en al die hunderten oaren dy't fan sa'n dreamdei in wiere feestdei meitsje.

Eltse kilometer fiele jo de tekst fan it Slachtelied fan 2008:
"Allinne rinsto noait":
Asto rinst oer de dyk
Slachtemarathon
Mei tûzene freonen op paad
oer dy âld dyk,
troch it grien' greidelân op nei Raerd.
Rin oan, waar en wyn,
Rin oan, sinneskyn,
ek al bisto stiif en stram.
Rin oan, rin oan, mei hope yn 't hert
Want Allinne Rinsto Noait
Allinne Rinsto Noait.
Rin oan, rin oan, mei hope yn it hert
Allinne Rinsto Noait.

Geen opmerkingen: