maandag 24 maart 2008

Snie op Peaskemoandei


Moandei 24 maart 2008

Fan'e moarn is de wrâld al wer wyt fan'e snie. It is in dei fan wikseljend snie en waarme sinne.

Wy binne te kofjedrinken by skoanheit en skoanmem yn Broeksterwâld.

In moai tin snietek leit oer de Hallumermieden en oer it Bûtenfjild tusken Stiens en Broeksterwâld. In protte einen, swannen, ljippen, fiskmiuwen, besnijde skiep en hjir en der ek hazzen sjogge wy yn it fjild.

Ek it kampke grûn tusken de Master Hamstrjitte en de Woudstrastrjitte yn Broeksterwâld leit hjir och sa moai by.

Geen opmerkingen: