zaterdag 9 april 2022

Krúspuntdei 2022 yn Akkrum

Sneon 9 april 2022
 
It Kwartettekoar sjongt yn de fesper fan Krúspunt

















Stipersgearkomste
It is al wer trije jier ferlyn dat Krúspunt har foargeande Krúspunt(jier)dei hie. De Corona-beheinings lieten dat net ta yn 2020 en ek net yn 2021. Mar hjoed giet it al wer oan, yn de Lantearne fan Akkrum.
Dizze Krúspuntdei 2022 wurdt iepene troch foarsitter Sipke Huismans, dy’t by it iepenjen neamt dat it programma giet oer en yn de geast is fan dûmny Bernard Smilde. Twa soannen fan dûmny Smilde binne der hjoed ek by. Wy sjonge earst it liet 'De tsien wurden', mei de tekst fan Smilde, op de meldij fan Psalm 140.
Wy begjinne mei de Stipersgearkomste, mei it Jierferslach 2021-2022 fan de skriuwer, en dêrnei it finansjeel ferslach fan de ponghâlder. Der binne noch 180 stipers, dat wy moatte mei-inoar al wat oan promoasje dwaan; dêrom no ek de struibriefkes op tafel.
Dan folget de bestjoersferkiezing. Geart van der Heide en Jan van der Mark harren terminen sitte der op. Hja wurde betanke foar harren wurk. Liuwe Westra en Tryntsje van der Veer nimme harren plak yn yn it bestjoer fan Krúspunt, wêrfan Tryntsje ôffurdige wurdt troch Stifting Nijkleaster.

En no sjonge
De Fryske sjongbondels 'Hertslach', 'Lieten fan leauwe en langstme' en it Frysk Lieteboek moatte no fral brûkt wurde, bygelyks yn tsjerke, en wa’t dat knap befoardere hat, kin fan no ôf om it jier in priis fan Krúspunt winne. Dêr komt in sjuery foar, mei dûmny Tytsje Hibma, sjongeres Grytsje Kingma en pastoar Peter van der Weide.
Wy slute dit part fan de Stipersgearkomste ôf mei it sjongen fan ‘Wês bliid’, mei muzyk fan en mei tekst fan Bernard Smilde; nûmer 67 út de bondel ‘Lieten fan leauwe en langstme’. En dêrnei folget liet 37: ‘Eare oan God’ fan Cor Waringa (tekst) en Jan Breimer (meldij). Dêrnei sjonge wy ek nûmer 140, it gebed fan pater Titus (Brandsma), oerset nei it Frysk en op meldij fan Theo Lambooij. En ta beslút nûmer 167: ‘Lit my Jo frede trochjaan meie’ (in gebed fan Fransiscus van Assissi), fan Herman Verbeek (tekst), oerset troch David de Jong, op meldij fan Sebastian Temple.  

Sipke Huismans oer Bernard Smilde
Sipke Huismans fertelt dan oer it libben en it wurk fan dûmny Bernard Smilde. Hûndert jier ferlyn is Bernard Smilde berne; in bysûnder muzikaal bern út in bysûndere femylje.
Frysk brûke wie fierhinne in soarte fan hillichskeining. Mar lokkich kaam bygelyks it Kristlik Frysk Selskip, en der kamen ek Fryske lieten en Fryske poezij yn tsjerke. Mar it wie noch al behelpen yn tsjerke. 
Oersetter, dichter, oargelist, komponist, wurdkeunstner dûmny Smilde makke dêr mar bot wurk fan, tegearre mei in tal oare dichters en komponisten. Hy hat him út 'e naad wurke oan bydragen oan lietebondels, as tûzenpoat en trochsetter. Moaie dichterlike taal fûn Smilde wichtich, om dêrmei tekst en muzyk ús leauwen ûnderstreekje te litten.  
Trije saken binne wy nedich om oerein te bliuwen yn libben en leauwen, nammentlik: bernlike naïviteit, ferbining mei oaren (lykas Nijkleaster oan wurket), en mei oaren sjonge (dan fiele wy dy ferbining better).
Smilde hat ús Friezen in grut tal skatten en geskinken neilitten. Dat wy dat fral mar net ferjitte. 

Martha de Boer-van Slooten oer 30 jier Fryske Fespers yn Ljouwert 
Dûmny Smilde hat him hjir ek tige foar ynset. Smilde fûn it wichtich dat der Fryske fespers yn Ljouwert komme soenen. Der kaam in yntertsjerklike kommisje dêrta, en dy is der noch altyd. Troch Corona koe der de lêste jierren gjin fespers fierd wurde. Online fia livestream wurde it letter wol mooglik makke. No fynt it wer plak, yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, mei livestream. Mear as 300 minsken folgje de fysike fespers online. De livestream wurdt ek sjoen as in nije stimulâns. Krúspunt stipet dizze fespers finansjeel.
Dat der by de tsjintwurdige wurkgroep noch altyd beskikt wurdt oer de samling fan 30 jier oarders fan tsjinst, is een wichtige kwestje fan: dokumintaasje fan bygelyks meiwurkers, fan kontinuïteit fan Fryske taal yn de sfearfolle earetsjinst, en (fan) kwaliteit. 
Dûmny Smilde syn ynset foar de Fryske fespers fertsjinnet alle eare. Stadichoan, bygelyks, is it yn Fryslân hiel gewoan wurden om de Fryske taal yn de tsjerketsjinsten te hearren, tsjintwurdich bygelyks op Omrop Fryslân TV op sneintemoarn.    

Lútsen Kooistra oer de nije Fryske bibeloersetting 2025
De relaasjes (fan en mei organisaasjes) dy’t spilen by de foargeande bibeloersetting van 1978 is oars as dy fan hjoeddedei. Fryske tsjerken bygelyks binne no net belutsen by dizze nije Fryske bibeloersetting. It Yntertsjerklike Komité foar de Fryske Earetsjinst hat de inisjativen op him nommen, en der is in nije stifting ta oprjochte, nammentlik de Stifting Fryske Bibeloersetting. Liuwe Westra hat dêryn in tige wichtige rol foar it Nije Testamint. Rolf Bremmer ek, foar de kwaliteit fan it Frysk, en ek Eep Talstra en Lénart de Regt (UBS) binne wichtige meiwurkers.
Oer it Frysk: alle Friezen prate net gelyk Frysk. De tradysjes fan it Frysk binne ferskillend. Der moat no wol soarge wurde foar in soarte fan konsistinsje fan bibeltaal, mar dat is net maklik. 
Fan wa is dizze Bibel no? Wol, dy is fan en foar de mienskip fan Fryslân, foar alle minsken dy’t ynteressearre binne yn it leauwen yn it Frysk. Sjoch ek op de side: Fryskebibel.frl
Der binne no tsien bibelboeken mei de nije bibeloersetting klear. It is wol ris dreech, mar mei ek humor derby komt it altyd wol klear; wierskynlik fier yn it jier 2025.
Wy sjonge ta beslút: ‘Lit yn alle tiden hearre’, en ‘De wolkeloft flúst’ret in namme sa tear', en dan ek noch ‘Hear, segenje it iten’ as oergong nei it skoft. 

Geart van der Heide oer Bernard Smilde as dichter en komponist
Nei it skoft gean wy fierder, mei no al sa’n 70 dielnimmers oan dizze gearkomste. 
Dan neamt Van der Heide dat der sprake west is fan in opwekkingsbeweging yn de liturgy. 
Wy begjinne te sjongen mei it liet ‘Bin Jo myn God’, mei in klassike meldij fan Bernard Smilde. Dan folget ‘Ja, wy leauwe ien en mien’, mei de meldij fan Smilde.  En dan ek ‘De nardusmirre’, in oersetting fan en ek op meldij fan Smilde. 
Yn de sjongbondel Tuskentiden stean tolve lieten fan Smilde. Wy sjonge ta beslút út dy bondel it liet 'Ljochtglâns yn ús eagen’, yn in oersetting fan Bernard Smilde en ek op syn meldij.

Liuwe Westra oer Bernard Smilde as bibeloersetter
Dan folget de sprekker mei minder 'noaten op ‘e sang', mar dy’t wol mear wurden nedich hat: Liuwe Westra, sûnt hjoed ek bestjoerder fan Krúspunt.
It giet no oer de Fryske bibeloersetting fan maaie 1978. Smilde syn ynset dêrop wie mannichfâldich. Smilde naam sels ek in tal bibelboeken foar syn rekken as oersetter. 
Keuzes moasten makke wurde tusken âlde en nije wurden. Sa moast oer mear as 220 taalkwestjes besluten nommen wurden. Fierders wienen ek teologyske kwestjes te besprekken. 
In ferskaat oan kommisjes kaam der, om soksoarte fan saken te besprekken.  Fierders wienen der advys- en lêskommisjes, neist in yntertsjerklike kommisje. 
Smilde die alles: wie  skriuwer fan alle kommisjes, en de risseltaten moast hy trochjaan oan alle oersetters, en der dan ek tafersjoch op hâlde dat it brûkt wurde. It wie in hûd fol wurk, en it is yn koarte tiid allegearre dien.
It wienen doe wiere pioniers dy’t de Fryske Bibel makken. Hja moasten alles sels meitsje, bygelyks in list mei Fryske foarkarwurden. Hja skreaunen in standert foar de Fryske taal. 
De kommisje fan 1978 woe in oare Bibel, dy’t mear fan de tsjintwurdige tiid wie. It sprutsene Frysk moast brûkt wurde. Teologysk moast sjoen wurde nei de betsjutting fan de oarspronklike tekst, om dat dan om te setten nei eigentiidske, gewoane wurden fan hjoeddedei. 
De oersetters hawwe dy ôfspraken serieus nommen, om’t de nije Fryske Bibel ek oannommen wurde moasten troch alle Friezen. Te folle fan it âlde soe de akseptaasje fan de nije Fryske Bibel opkeare, en dat moast perfoarst net. 
Folle diskusjes gienen oer hoe’t men soks op dat stuit yn it Frysk sei. Moat it gever Frysk, of moast it mear sprektaal wurde; dat wie meastentiids de fraach fan de bibeloersetters. 
Wy sjogge no nei de tekst fan 'Us Heit' mei in taljochting fan Liuwe Westra nei oersetferzjes fan ferskate skriuwers. 
Bernard Smildes fertsjinst is grut. Hy seach dat it de taalmienskip sels is dy’t de soarte fan taal bepale moat. It folk hat der sels ek wat oer te sizzen, en dat hie Smilde troch.
 
Fesper mei dûmny Liuwe Westra
Nei it teeskoft geane wy nei de tsjerke fan Akkrum, foar de ôfslútende fesper fan dizze Krúspuntdei.
Mar foar dat de fesperfiering oanfangt, hakje wy nei in tal nije Kantate-lieten fan it Kwartettekoar, ûnder lieding fan de nije dirigent Feike van Tuinen. It binne lieten op muzyk fan Jan de Haan en mei teksten fan Eppie Dam. En ek hakje wy nei harren lieten fan Bernard Smilde.
Fierders wurde ek in tal lieten útfierd troch Geart van der Heide, yn gearwurking mei Tryntsje van der Veer en in fluitiste.
Dan folget de fesperfiering ûnder lieding fan dûmny Liuwe Westra, mei meiwurking fan Geart van der Heide as oargelist en mei sang fan it Kwartettekoar. Ien fan de lieten dy't wy sjonge, is de oersetting van Bernard Smilde, fan 'De lofsang fan Sacharias', liet 67 út it Lieteboek foar de Tsjerken. En nei liet 389, as oersetting fan Bernard Smilde, slúte wy de fesper ôf, folge troch de Seine en oargelmuzyk ta beslút.

Geen opmerkingen: