zondag 25 februari 2018

De Flinter fan Feinsum

Freed 23 febrewaris 2018
De blauwe Flinter by it Feinsumer Flinterplein



















Klinkers mei blauwe kopkes
Ofrûne simmer wurde der al in bult klinkers delsmiten, ferskûld efter de hage yn it lange gêrs fan it Feinsumer Flinterplein. De stien hie in blau kopje. Mar wêrom dat blauwe kopke?
Wikenlang barde der neat mei de stienbult, dat de party wurde fansels al gau fûn en brûkt troch de buortlike jongerein fan Feinsum. Hja bouden in blaustiennen toer, en wer barde der lang neat.

Dienmakke wurk
In tal moannen lyn kaam der in auto mei oanhanger, en doe gie it oan. Op de trijesprong fan de Holdingawei oan it Feinsumer Flinterplein wurden klinkers út de rûne ferkearsdrompel helle. Der wurde stien sage en doe waard dúdlik dat it no heve soe, want de blauwe stien hie as doel om it figuer fan in grutte flinter te foarmjen boppe op de ferkearsheuvel. In blauwe flinter, dat no begripe jo ek wêrom de klinkers in blau kopke hawwe.
Mar it wurk kaam net yn ien dei klear, dat de auto ferdwûn en it duorre in tal wiken, en dêr kaam it autoke wer werom. Nochris wer wurden der hekken om de ferkearsdrompel set, wurden der klinkers út de strjitte helle, en kamen der klinkers mei blauwe kopkes yn. En no kaam it al klear, want it risseltaat wie in komplete blauwe flinter boppe op de ferkearsdrompel.

Feinsumer Flinters
Dat no hawwe wy in moaie flinter foar hûs op 'e ferkearsdrompel tsjin it Flinterplein oer.
En foar wa't net wit wat foar doel it no hat om in Flinter en in Flinterplein te hawwen yn Feinsum, dy kin ik hjirby melde dat Feinsumers yn al lang ferfleane tiden ek wol de 'Feinsumer Flinters' neamd wurden. In soad doarpen hienen sokke skeldnammen, en om't hja fûnen dat Feinsumers yn in lang ferline wol ris wat fladderich wienen in harren praat en yn harren dwaan en litten, wurden die fladderige Feinsumers ek wol Flinters neamd.
Hijumers wurden wol Skieppebingels en Kikkerts neamd, Alde Leisters wienen Lúsangels mei it Hier troch de pet, en Stiensers wienen Rotten en Dobbedûnsers, en Feinsumers dus Flinters.

Flinters fan de takomst
No ja, moaie ferhalen, en wy moatte it mar nimme sa't it wie, en wy moatte as Feinsumers ús namme mar nimme sa't dy is, en der mar it bêste en moaiste fan meitsje. En dat is hjir yn Feinsum grif ek al dien, want sjoch mar nei de moaie Flinter-oerwei-boerden foar it inkele spoar fan it eardere Dokkumer Lokaeltsje yn it sintrum fan Feinsum, en no fansels ek dy moaie Flinter oan de foet fan it Flinterplein. Moai foarbyld fan hoe't men wat âld wie en wat men gau ferjit wer op in moaie wize werom bringe kin nei de hjoeddeiske tiid, de takomst yn'e mjitte.

Geen opmerkingen: