dinsdag 15 november 2016

Pier

Tiisdei 15 novimber 2016 
It boekomslach fan 'Pier'

Grutte Pier 
Fiifhûndert jier nei de dea fan Grutte Pier Gerlofs ferskynde yn it jier 2015 in magistrale roman oer syn libben, syn striid en oer syn tiid, sa likernôch oan de ein fan de Midsiuwen. In perioade fol ramp en miswier, earmoed en strideraasje. Gaos hearsket, en op dat snijflak fan de âlde en de nije tiid ferskynt yn in rûzige nacht de Wolfshûn, waans kommen foarsein is.
Yn krêftich Frysk - hiel moai skreaun - sketst skriuwer Willem Schoorstra (fan 1959) it portret fan in man dy't syn lot net ûntrinne kin; in lot dat beskreaun stiet yn de profesij (fan de Wolfshûn) fan in bline sjenner, fan 'bline Simen fan Beabuorren', in kluzener.
Dizze roman 'Pier' - 'De profesy fan bline Simen' - is in histoarysk masterwurk fan Schoorstra oer in ikoan (Grutte Pier) út de Fryske skiednis. Dêrby bringt de skriuwer de Midsiuwen yn al harren dwylsin en hertstocht ta libben op in wize dy't jo as lêzer net licht ferjitte sille.

Pier fan Kimswert
It is it ferhaal oer de Kimswerter boer Pier Gerlofs Doanja, iuwen letter, tsjintwurdich noch bekend as 'Grutte Pier'. Pier en syn broers Sybren en Abbe en suster Tyedt Gerlofs binne de fjouwer bern út it houlik fan heit Gerlof Pierz. Doanja en mem Fokel Sybrands Bonga. As it ferhaal út ein set, is Pier al boaske mei Rints Sierks Siersma, en hja hawwe in dochter (Wobbel) en in soan (Gerlof).
It ferhaal begjint mei in slim en deadlik foarútsjoch op wat oan de ein fan it boek te barren stiet. De lêzer sil folle letter ûnderfine dat hij dizze yntroduksje al lêzen hat, Dit begjin makket dúdlik dat Pier syn swiere lot perfoarst net ûntrinne kin.
Tusken dit begjin en deselde ein leare wy Pier kennen as in pylder fan ûnfersetlikens, yn in wrâld fol gaos. Pier is yn dat tiidrak en yn syn wrâld de paadwizer foar al dy Friezen foar wa't flechtsjen in dearinnende wei is, en striden de wei is dy't oerbliuwt, longerjend nei frijheid, in heech goed foar Friezen.

De Arumer Heap
Pier is in eigenerfde boer - hy hat syn buorkerij fan syn âlden urven - buorket wol, mar libbet op de râne fan in ôfgrûn, en yn dy tsjustere djipte sjocht er neat wat op in takomst liket.
As boer wol Pier wer ta op wat hja 'de âlde boerefrijheid' neame, de frijheid om harren eigen lân bestjoere te kinnen. Mar dan moatte hja no yn 't earst wol stride foar harren âlde folksrjochten, want yn Pier syn tiid bakkeleie der frjemde hearen om Fryslân, en it earme folk fan boeren en boargers is de klos. Wa't op de flecht is foar deadlike rôvers en brânstifters sliept yn tsjerken, yn stâllen of yn kleasters en stinsen, en somtiden út kleare earmoed ek wol yn it iepen fjild.
It is dan ek gjin wûnder dat Pier samar in heap fan fyftich Friezen om him hinne sammelet, dy't mei Grutte Pier yn opstân komme. En dizze binde opstannelingen - de saneamde 'Arumer Heap' - wûn samar oan ta wol fiifhûnderd fjochters.

Eltse reis is in ferhaal, elts ferhaal is in reis
Oan de ein fan it skriklike jier 1515 is Pier Gerlofs feroare yn Grutte Pier, in man dy't dingen docht dy't jo faaks ûnbegryplik fine.
Faaks is it sa dat wy ússels werom kenne yn dy stammerjende moardner, dy frijheidsfjochter tsjin wil en tank, waans woede deadliker is, syn trou oprjochter, en syn lêste bytsje leafde earliker.
De ûntdekking dat men yn grûn en wêzen gelyk is oan in minske as Pier Gerlof is op syn minst pynlik te neamen, mar ek .... ferhelderjend.
Pier is foargoed op 'e driuw. Hy kleuret de wetters read en de lof tsjuster. Dat is ek wat de sjenner, bline Simen gewaar waard yn syn fizioen.
Pier is út it lead, krekt sa't de wrâld út it lead is.
Nei jierren fan striid, nei de mislearring fan Emmerik, is Pier in brutsen man. Syn teloarstelling en syn desyllúzje binne grut en wêzentlik.

Pier, oan de ein fan syn libben, oer syn djipste en grutste eangst dat al syn stribjen omdôch wêze soe:
"Ik ha de lêste jierren yn in leagen libbe. 
Alles hat omdôch west. 
Myn libben hat gjin sin mear."
En dan, as jo as lêzer mei Pier syn ferhaal fan betsjutting belibbe hawwe, komt de deadsflinter, en dy hellet syn siel.

Moai sein, Schoorstra:

  • It meastepart fan it minskdom wurdt dreaun troch nijsgjirrigens.
  • Dy't libbet, kin hoopje.
  • Faaks dat de tiid ljocht bringt yn wat no noch tsjuster is.
  • Lit it ljocht fan God syn wiisheid oer dyn wurk skine.
  • It slachskaad dat oer de siele falt nei in slim barren, ferdwynt nea folslein.
  • Sentimint genôch by de Friezen.
  • Wa't hearsket oer de see ... dy is yn hâldershân.
  • It ierdske libben is behyplik ynrjochte.
  • Skiednis is net it ferhaal fan eartiids, mar wurdt alle dagen berne.
  • Sûnder eangst is in minske frij en ûnberonge.
  • Yn it grutter gehiel is men mear yndividu as ea tefoaren.
  • In titel betsjut behalven eare en oansjen ek ferantwurdlikheid.
  • Ik wit net wat it is mei dy hege hearen; se prate in protte, mar dogge in bytsje.
  • Taal is rykdom. Wat mear talen, wat grutter de rykdom.
  • Tink ek oan dyn eigen wolwêzen: libje neffens de Bibel, want ûndeugd en ferlieding lizze aloan op 'e loer. Boppedat is it libben koart, o sa koart ....
  • Soms moat men oaren yn 'e mjitte komme en dêr kin de taal in instrumint ta wêze.
  • De wierheden fan it Hillich Boek (de Bibel) feroarje net.
  • Wierheid is in fyn beslipe edelstien mei tal fasetten. Elts hat syn eigen wierheid en wa sil sizze wat de echte is?
  • In man fan God is ek mar in minske.
  • Friezen kinne it ûnder inoar net iens lykfine.


Geen opmerkingen: