donderdag 3 december 2015

Twa pylgers te jûnpraten by Gemma van Burmania te Dokkum

Woansdei 2 desimber 2015 

Presintaasje oer ús pylgerreizen nei Santiago de Compostela

















Pylgerreis nei Santiago de Compostela
Op útnûging fan it bestjoer fan de Kristlik Fryske Krite 'Gemma van Burmania' binne Durkje en ik jûn yn in seal fan Dongerahiem te Dokkum om foar harren leden in presintaasje te fersoargjen oer ús 'Pylgerreis nei Santiago de Compostela'.
Skriuwer Anders Rozendal hjit ús hertlik wolkom en soarget derfoar dat wy ús bytiids tariede kinne op ús presintaasje mei byld & lûd. En dan komme ek de leden fan de krite de seal yn. As it healwei achten is en der goed tritich leden en gasten harren plak yn de folle seal fûn hawwe, hjit de jûnfoarsitter Geart Veldstra alle minsken fan herten wolkom, en iepenje wy dizze Fryske jûn mei it sjongen, en dan ek it lêzen fan de pylgerpsalm 121. De kriteskriuwer Anders Rozendal lêst dan noch it ferslach fan de foargeande kritejûn foar, en dan kinne Durkje en ik los mei ús presintaasje, yn twa dielen.

In yngripende reis
Oan ús is frege om it ferhaal te fertellen oer ús yngripende reis fan it Fryske Sint Jabik nei it Spaanske Santiago de Compostela, de pylgertocht dy't Durkje en ik kuiere hawwe yn sân jier tiid, 156 dagen te gean, oer 3.366 kilometer, ek fan Swarte Hoanne oan de Waadsee nei Finisterre op de kust fan de Atlantyske Oseaan. Wy gienen fuort as kuierders, en wy kamen oan as pylgers.  
Nei dat men mei ús yn 'e kunde kommen is, fertelle wy foar it skoft oer de Spaanske legende fan de hillige Jakobus, oer wat in pylger is, oer hokker pylgerpaden pylgers gean, en oer allerhande motieven om te pylgerjen, yn it ferline en hjoed de dei,

De djipte yn
It skoft einiget mei in filmke oer de Spaanske Camino, en dan geane wy mei in flugge fototocht in tal wichtige pylgerplakken by del fan ús earste pylgerreis. Dan dûke wy in bytsje mear de djipte yn, as wy it libben ferlykje mei in pylgertocht. Dan giet it bygelyks oer tariede, loslitte, ûnderweis wêze, ferlijen, herbergen, bysûndere moetings en krúspunten op jo libbenswei.
Dêrnei geane wy mei in twadde flugge fototocht in tal wichtige pylgerplakken by del fan ús twadde pylgerreis.

Oer de ein en in nij begjin
Dan fertelt Durkje wat it foar in pylger yn it algemien en foar ús yn it bysûnder betsjut om nei sa'n lange pylgerreis oan te kommen by de katedraal fan de Spaanske beafeartsstêd Santiago de Compostela, en wat soks dan èn ek letter thûs foar jo as pylger betsjut, as grutte omkear yn jo libben. It docht wat mei jo leauwen, en mei jo as pylger, as minsk yn de gewoane wrâld fan libben en wurk.
Mei al ús praatsjes by in hûnderdtal foto's en koarte filmkes rint it oan de ein fan ús presintaasje al nei tsien oere, dat wy slute dizze noflike jûn passend ôf mei de songen pylgerbea fan de Súd-Afrikaanske Amanda Strydom.

Geen opmerkingen: