Ruth mei Obed en Boás by Naomy |
Musical
Yn de opgong nei it Pinksterfeest wurdt hjoed en moarn yn de Lawei fan Drachten troch it Kwartette-koar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer de Fryske Musical 'Ruth' útfierd. Durkje en ik binne der jûn mei ús mem en mei myn suster en sweager by, want sa'n unyke muzykútfiering fan de musikale hân fan Hindrik van der Meer wolle wy fansels net misse. It is in hiel besûndere musical dy’t profesjoneel optúcht is mei musikanten, in tonielregisseur, in klaaister en in dekorûntwerper.
Hindrik van der Meer as dirigint |
De Moabityske frou
Dizze musical is basearre op it bibelboek 'Ruth'. Ruth is in Moabityske frou. De Moabiten binne fijannen fan Israel. Dochs ha dy in Joadsk gesin, dat foar de honger flechte is nei Moab, ûnderdak jûn. De Moabityske Ruth trout dêr yn de frjemte mei in Joadske soan út dit gesin, mar dy stjêrt al gau nei har trouwen. Letter beslút Ruth mei har skoanmem Naomy mei te gean nei Israel, om dêr in nij bestean op te bouwen. En dat slagget op wûnderbare wize tige goed.
Kilja, Orpa, Ruth en Machlon rouwe by (skoan)mem-widdo Naomy |
It bekende bibelboek 'Ruth' is in oerâld werkenber minsklik en waarmbloedich leafdesferhaal. Alle tema’s fan it libben hat it yn him. Blidens en fertriet, earmoede en rykdom, wanhoop en hoop, erotyk en humor, ûnwennigens en thúsfielen, taktyk en takomst.
“Wat soe it moai wêze it ferhaal fan Ruth yn ús eigen Frysk klinke te litten!” Dat fûnen tolve jier ferlyn Folkert Verbeek en Hindrik van der Meer. Folkert is de dichter en Hindrik is de muzikant. En it kaam klear.
Waard de útfiering fan tolve jier ferlyn al tige wurdearre, dizze útfiering fan 2015 hopet rjocht te dwaan oan noch hegere ferwachtings. Noch kleurriker en klankriker is er wurden. Mear ynstruminten, mear dûns, mearstimmiger, grutter bernekoar, nije fynsten yn bylden en klean.
It bekende Kwartettekoar, dêr’t Hindrik van der Meer de oprjochter en lieder fan is, fiert it hjoed en moarn út foar totaal sa'n 2.000 minsken. De teksten fan de haadrolspilers wurde prachtich songen troch fjouwer solisten.
Naomy |
Bysûnder
Dizze musical is hiel bysûnder, want hy beskriuwt bygelyks:
- de honger yn Bethlehim op sa’n wize dat je oan alle honger op ierde tinke.
- de pine fan it flechtsjen út eigen wenplak op sa’n wize, dat men daliks oan de emigraasje tinkt út Fryslân.
- de oankomst yn Moab op sa’n wize dat je de reaksjes út it eigen doarp deryn heare.
- it trouwen fan de beide jongens fan Naomy yn Moab op sa’n wize dat je werom tinke oan de trouwerijen sa as dy yn ‘e Fryske doarpen wiene.
- it ferlies fan de Joadske heit Elimelek en syn - en Ruth har - twa soannen Machlon en Kiljon, op sa’n wize dat alle needlot yn ús eigen libben derby belutsen wurdt.
- Orpa as in frou dy ‘t har wol fan de eigen sibbe losmeitsje wol, mar it krekt net kin as it derop oan komt.
- de weromkomst fan Naomy yn Bethlehem op in wize, sa’t it ek yn jo eigen doarp gean soe.
- de risping yn Bethlehim op sa’n wize dat je werom tinke oan de rispingen op it Fryske fjild, en de gefoelens dy’t dan maklik opkomme by it skoftsjen.
- op deselde wize de trouwerij fan Ruth & Boäs.
- de berte fan it lytse berntsje Obed - soan fan Ruth & Boäs - as de berte fan in Frysk jonkje.
It fereale rispingpear Ruth & Boäs |
En dan is it jûn safier dat de earste fan de trije útfierings is in de grutte seal fan de Drachtster skouboarch De Lawei. De seal is fol, mei ek in soad kunde, fan minsken dy't yn Fryslân aktyf binne op it mêd fan allerhande kombinaasjes fan it brûken fan de Fryske taal yn leauwen en skriuwen, yn tsjerke en teology, yn liturgy en muzyk. Koartsein, ien grutte famylje, en meastentiids ek noch fan inoar.
Ruth & Boäs |
Dan folget in unyk moaie útfiering fan de musical 'Ruth'. Is is in prachtich bibelferhaal, en it wurdt jûn ek op in alhiel werkenbere wize útfiert. De ellinde en it fertriet fan de hongersneed, fan it lânferhúzjen en fan it ferstjerren fan Naomy har man Elimelek en letter ek noch fan har beide soannen Kilja & Machlon wurdt yn wurden en mei muzyk en spyljen sa oandwaanlijk presintearre, dat wy yn de seal de honger en it fertriet meifiele. De skriuwer Folkert Verbeek bringt ús mei syn taal de wurden sa nei by ús hert, en de muzyk fan Hindrik van der Meer soarget derfoar dat it ferhaal, de betsjutting en it minsklik gefoel dêrfan as waarm wetter oer ús komt, en sa mei just dat djippe gefoel ús herten ynstreamt. En de presintaasje fan tekst en bylden op it skêrm, en fan it ryk farieerde orkest, en fan alle sjongers (kwartettekoar en solisten fan bern, jongerein en folwoechsenen) en omroppers en dûnsers, wat in prestaasje om sa'n moai bibelferhaal sa tige goed op it poadium te bringen.
Boäs & Ruth yn de nacht op it nôtfjild, Boaz: 'wat dochsto hjir en wa bisto?" |
Mei passy nei it hert
Wat in boppeslach om mei sa'n 125 dielnimmers sa'n grutte produksje te meitsjen. Hindrik van der Meer ferstjinne yn en bûten Fryslân al safolle respekt mei syn prachtige muzykproduksjes fan in grut tal jierren, mar dat syn lêste grutte produksje sa'n grut sukses wurde soe, hienen wy fansels al hope, mar dochs slagget it him om nochris wer fier oer alle ferwachtings hinne te gean, en set hjir in ferhaal op it poadium dat ús noch lang yn it ûnthâld bliuwe sil.
En as dan nei it slotsang en alle applaus it poadium alhiel fol stiet mei mear as hûndert 'musikalisten' en Hindrik van der Meer noch ien kear tusken alle spylers troch nei foaren komt, om de slotakkoarden nochris te dirigearjen, dan sjoch ik by it fuortglydzjen fan de lêste klanken fan it slotsang dy sa werkenbere glimk op it antlit fan Hindrik, dy't sprekt fan in djip fielen fan: "sa moat it gean, sa moat it wêze, sa is it goed, sa is it ferhaal fan Ruth yn de hollen en herten ynkommen, op in wize en yn in taal dy't Friezen ferstean en oansprekt, en dy't harren djip rekket yn it hert, om it nea wer te ferjitten."
Naomy: ''t Libben hat wer doel en sin, no't ik beppe wurden bin". |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten