zaterdag 9 mei 2015

Littenser Merke

Sneon 9 maaie 2015 
Omslach fan it boek Littenser Merke

1831
Yn de Fryske greidhoeke longeret de noch jonge dûmnysfrou Eeuwkje Laurman-de Boer nei in bern. Mar wêrom is har man, dûmny Martinus Theodorus Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Har man hat as doarpsdûmny de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze dat Eeuwkje net swier wurdt? Alles stiet yn bloei, ek de frou, Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt, en ek noch oars as ea tocht.

1963
Mear as in ieu letter libbet de slachterssoan Liuwe Bosgra yn itselde doarp, yn Littens; mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint en ek wat autistysk stiet Liuwe yn de wrâld.
Liuwe komt op skoalle yn de kunde mei Sabathelli Duparc, in dochter fan skieden âlders. Hja wennet by har heit, in alternatyf man, in keunstskylder. 
Tusken dizze twa jonge Littensers ûnstiet in bysûndere bân. Hja binne bern fan en wurde grut yn de 60-er en 70-er jierren, in tiid dy't foar ús generaasje sa werkenber beskreaun wurdt yn dit moaie boek. 

Knappe debútroman
De skriuwer fan dit Frysktalige boek 'Littenser Merke' is Ale S. van Zandbergen. Hy hat dizze ferskuorrend moaie roman skreaun oer boppesteande twa haadpersoanen - Eeuwkje en Liuwe - dy't hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. As jo dit boek lêze, dan komme jo yn harren twa wrâlden te lâne, dy't jo net gau wer loslitte sille. 
Dit is de debútroman fan Van Zandbergen. En de skriuwer set der fuort goed mei út ein, want hy wûn der yn 2014 ek fuort de Rink van der Velde-boekepriis mei. En wolfertsjinne, want dit boek hâld jo as lêzer alhiel yn de besnijing. 

Fan twa ferhalen ien ferhaal makke
Tusken de twa ferhalen yn dit boek sit omtrint 150 jier, mar de skriuwer slagget der tige yn om de beide ferhalen knap meiinoar te ferflechten. De ferhalen rinne foar in lyts part op betsjoenende wize oer inoar hinne, en op in oar mêd komt yn it resinte ferhaal foar it ljocht wat mear as hûndert jier lyn barde yn de Littenser tsjerke. 
It ferhaal oer de jierlikse merke fan Littens spylet moai troch it ferhaal hinne, en falt fierderop yn it boek moai teplak yn it ferhaal fan Liuwe & Sabathelli, en keppelet it âlde mei in nije ferhaal fan dizze knap skreaune roman.

Stadich en fluch lêze
Fan freonen út Stiens krige ik dizze roman foar myn jierdei fan 2013. In broer fan Ale wennet by ús yn Stiens. Hy wie - doe't ik him oer it boek fan syn broer spruts - ek optein oer hoe knap dizze roman skreaun is; it boek dat ek syn werinnerings oan harren eigen libbensskiednis as soannen fan de doarpsslachter fan Littens wer nei boppe hellet. Fan't jier waard it ek wol de heechste tiid om dizze tsjokke roman mar ris te lêzen, en ik kin jo sizze dat it my wiswier net spyt dat ik my ta dit boek te lêzen set haw. Jo begjinne rêstich it âlde en it nijere ferhaal ta jo te nimmen, mar geandewei fielde ik my troch it ferrin fan beide ferhalen der ta oanset om it lêstempo omheech te bringen, want it ferhaal nimt jo alhiel yn de besnijing, en jo wolle as lêzer sa gau as mooglik witte hoe't it no komt mei Eeuwkje en mei Liuwe, en dermei ek mei de striid fan de dûmny, en mei it famke dat har freon mar 'brikeling' neamen bliuwt.

It is mei taal te sizzen
It boek is kwa Frysk ek tige moai skrean. Net allinnich de taal, de wurden sels, mar ek wat mei dizze skriuwtaal sein wurdt, is it wurdich om mei oandacht te lêzen en te werlêzen:

  • ... taal is ûnderhâld nedich, fernijing, ferfrissing" ... , ... "Eltse tiid syn eigen taal. ...
  • Eltse foarm fan reizgjen ken eigen wurden. Nije wurden wurde tafoege, âlde fergetten.
  • Lezen kan het onderweg zijn verkorten.
  • "Wij maken het moment tot nut. 
  • "U wendt overdrachtelijke taal aan, mij lijkt dat de juiste conditie voor inderdaad een goed gesprek."
  • It gefoel hat somtiden syn útwurking op ús hert, it ferstân is stânfêstiger."
  • Bin ik net eigenikkich, as ik myn ûnwissens, myn twifels oan de godlike treflikens basearje yn it eigen fertriet?
  • It boadskip hoecht it net te hawwen fan in ferteller fier boppe de minsken út.
  • Freonskip is in segen. ...
  • Myn leauwen stiet faai, myn betrouwen yn de Hear is belune. In ferlittenens is oer my kommen.
  • Gods wurd stjoert my, mar jout my boppe-al treast."
  • ...it brúngele blikken Pick-Wick-knopedoaske ... en ... it sabeare krakeleeën Pick-Wick-knopedoaske ... (sjoch ek it omslach fan it boek).
  • ... de geunst is hillich.
  • "Us freonskip kin stilte ferneare. Troch net te praten kinst inoar dochs wat sizze."
  • "De eigen identiteit wurdt wekker as men teksten yn de eigen taal lêst.
  • De technyk as in Godswûnder ynhelje, as middel om ôffalligen werom te winnen.
  • Fragen binne binnen guon ferhâldings meidielings.
  • It goed mei de learlingen foar hawwe, dat stiet elke hoeder te priizgjen."
  • Omkoal."
  • "Tradysjes keare mooglikheden.' ...


Geen opmerkingen: