donderdag 5 maart 2015

Skinking fan keunstner Jentsje Popma oan Nijkleaster

Tongersdei 5 maart 2015

De Fryske keunstner Jentsje Popma is in wichtig stiper fan Nijkleaster



















In foarbyld om nei te folgjen
De ferneamde Fryske keunstner-skilder Jentsje Popma hat syn atelier yn Ljouwert en syn skilderijen en oare keunstwurken skonken oan Stifting Nijkleaster.
Popma: "Yn de wrâld fan hjoed de dei is in projekt as Nijkleaster yn Jorwert ferskriklik wichtich en nedich. Ik wol Nijkleaster dêrom stypje mei myn erfskip en ik hoopje dat sy it op in goede wize ta wearde bringe. Ik hoopje ek dat oaren myn foarbyld neifolgje sille."

Wat in bysûnder momint
Dat hawwe wy as Stifting Nijkleaster hjoed bekend makke. De akte fan skinking is in pear wiken ferlyn opmakke yn oanwêzigens fan Jentsje Popma (berne yn 1921) mei syn dochter en skoansoan. Ut namme fan Nijkleaster wienen foarsitter Henk Kroes, bestjoerslid Jan Henk Hamoen en pioniersdûmny Hinne Wagenaar derby. Notaris van der Hem fan Jorwert hie de saaklike lieding oer de gearkomste.
"Wy binne optein en tagelyk der wat mei oan. Wat in bysûnder momint’’, seit foarsitter Henk Kroes fan Nijkleaster.

Finansjele en ynhâldlike stipe binne tige wichtich
Jentsje Popma hie earder yn augustus 2013 al syn keunstwurk 'De Hynsteblom' oan Nijkleaster skonken.  No hat hy lykwols in folle gruttere skinking dien.
"Nijkleaster is hiel gelokkich mei de skinking fan Popma", seit Kroes. "Net allinne om it jild dat der mei muoit is. Fansels is de finansjele stipe foar in stifting as Nijkleaster wichtich. Der moat ommers in soad jild op it kleed komme foar de realisaasje fan it Nijkleaster-kompleks. Mar de ynhâldlike stipe is miskien noch wol wichtiger."
Hinne Wagenaar fertelt: "Nijkleaster hat in trijetal útgongspunten. Ien dêrfan is om 'kleaster yn kontekst' te wêzen. Nijkleaster wol bewust kleaster wêze yn de Fryske kontekst. Dat betsjut dat de taal en de kultuer,  de skiednis en it lânskip om Jorwert hinne in plak krije yn it ferhaal fan Nijkleaster."

Eare en opjefte
Bestjoerslid, dûmny en keunstleafhawwer Jan Henk Hamoen seit: "Dat in Fryske keunstner him ferbynt mei Nijkleaster is in boppeslach. Popma is in mearsidige keunstner, mar hat de lêste 30-40 jier foaral dwaande west mei it (Fryske) lânskip. Hy makket him drok oer de teloargong fan 'e natuer en it lânskip."
Nijkleaster is wiis mei dit erfskip fan Popma en wurdt op dizze wize ferbûn mei dat geastlik erfskip. Tagelyk wurdt de namme fan Popma ferbûn oan Nijkleaster. Dat is foar Nijkleaster in eare en in opjefte, nammentlik om syn soarch foar de natuer sintraal te hâlden yn dwaan en litten.

Ynspiraasje dy't jo rekket
Foar syn wurk die Popma, dy't net tsjerklik is, faak syn ynspiraasje op út 'e Bibel. Syn soarch om de skepping hat dêr daliks mei te krijen. De soarch dêrfoar giet boppe alles: it ynsjoch dat de skepping einich is; dat it ferskaat oan natuerwearden ûnomkearber weirekket.
Op syn skilderijen binne de wolken faak driigjend.
Popma: "Foar my is de wolk it symboal fan ynspiraasje. In wolk komt op ús ta, wol ús wat sizze of bringe. In wolk komt oer ús hinne. Yn de Bibel steane ferskate bylden oer wolken. It kin driging betsjutte, mar foar my giet it om ynspiraasje. Somtiden rekket dy ynspiraasje my. Op oare mominten kin ik der net by. Dan is it tink foar in oar bedoeld? It is myn winsk dat Nijkleaster dy wolk net út it each ferlieze sil".

Geen opmerkingen: