zaterdag 17 januari 2015

80e Jiergearkomste foar leden van de KFFB

Sneon 17 jannewaris 2015
Anders Rozendal en Pytsje de Graaf en Jacobus Knol














Ledegearkomste 2015 yn Ljouwert
It bestjoer fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) hat ús útnoege om hjoed nei de Kuriostsjerke fan Ljouwert te kommen foar de 80e Jiergearkomste foar harren leden, dat tsientallen leden komme fan 'e middei gear foar de jierlikse ledegearkomste yn ien fan de sealen fan dizze Ljouwerter tsjerke.
Foarsitter Johannes Bakker hjit alle leden wolkom en iepenet de gearkomste mei it lêzen en taljochtsjen fan it bibelferhaal oer de doop fan Jezus.

Jierferslach 2014 en Fryske folksferhalen
Dan presintearret de KFFB-skriuwer Corry Rozendal-Boelens it Jierferslach 2014 fan de KFFB. Hja fertelt oer it wurk yn it 79e besteansjier fan de KFFB, bygelyks oer de útjeften fan 2014, oer de ekstra boekpromoasje yn 2014 en hja stiet ek stil by it ferstjerren fan dûmny dr. Bernard Smilde, dy't him ek jierrenlang mei ynset hat foar it wurk en de gearkomsten fan de KFFB.
Om dizze ledegearkomste wat op te fleuren hat it bestjoer de Fryske ferhaleferteller Douwe Kootstra útnoege om ús hjoed yn twa dielen inkele âlde en nije Fryske folksferhalen te fertellen. Kootstra begjint mei it ferhaal fan 'Master Wierheid & It Ferhaal'. Dêrnei fertelt Douwe oer de grutte betsjutting dy't Dam Jaarsma jierrenlyn hân hat fanwegen it troch him op skrift setten fan mear as 17.000 Fryske folksferhalen. Dan folgje noch inkele ferhalen oer de dûmny en de pastoar dy't spul hawwe, oer de doarpsfiguer Jabik Engberts en oer de moetings fan in boer mei de duvel.

Finansjeel ferslach 2014 en Utjefteplan 2015
Nei dizze earste ferhalen presintearret skathâlder Corry Rozendal-Boelens út namme fan it bestjoer it finansjeel ferslach en it ferslach fan de Kaskommisje, mei in oersjoch fan de Eksploitaasjerekken 2014 en fan de Balâns op 1 jannewaris fan dit jier. De finânsjes wurde goedkard troch de ledegearkomste, dat wy kinne mei tank oan de skathâlder fierder mei it programma.
Dan is it wurd oan Pytsje de Graaf, dy't út namme fan it bestjoer ek yn de Karkommisje sit. Hja presintearret de priiswinners fan de manuskripten, dy't yn it ôfrûne jier ynbrocht binne. Fan it útjefteplan foar 2015 kinne de earste twa publikaasjes hjoed bekend makke wurde. Earste priiswinner is Anders M. Rozendal, mei syn nije, 14e roman 'Opgong nei Sint Vitus'. Twadde priiswinner is Jacobus Knol, mei it boek 'It geheim', syn oersetting fan in boek fan de Frânske skriuwer Frédéric Lenoir. De beide priiswinnende skriuwers wurde lokwinske mei harren priis en hja krije blommen fan Pytsje de Graaf.

Mear folksferhalen en Bestjoersferkiezing
Nei it skoft mei kofje, koeke, boeketafel en noflike petearen folgje yn de grutte seal wer Fryske folksferhalen, ferteld troch Douwe Kootstra. It binne mytysk-magyske ferhalen, dy't de minsken eartiids fertelden, oer wat harren doe benearde, oer wêr't se mei oan wienen, lykas eangst, ûngewisse, de duvel en de dea. Wy harkje nei Kootstra's ferhalen, oer in twatalige kat, oer in dûmny út de Dokkumer Wâlden en oer in kafé-papegaai yn de Twadde Wrâldkriich.
Oan de ein fan dizze Jiergearkomste folget noch de bestjoersferkiezing. As leden beneame wy Mynke Hoekstra as nije skriuwer, nimme wy mei tank ôfskie fan ôfgeand bestjoerder Henk Poelman en werkieze wy ús foarsitter Johannes Bakker. Sa kinne bestjoer en feriening wer in jier fleurich fierder berchop.
Foarsitter Bakker seit tank oan elts dy't in bydrage levere hat oan dizze gearkomste en foar it oanwêzich wêzen by dizze ledegearkomste, en dan slút Johannes Bakker ôf mei in gebed út de KFFB-bondel 'Wy dy't bidde'.

Geen opmerkingen: