zaterdag 13 december 2014

Kom, o Heilân, God út God, Maria's soan

Sneon 13 desimber 2014
Fan de Protestantske Gemeente fan Stiens

Advint
Moarn is it al wer de tredde snein fan Advint.
Yn dizze tiid fan hope en betrouwen, fan longerjen nei frede op 'e wrâld, binne wy dan al wer op 'e helte fan dizze Advintswiken, alle dagen komme wy tichter by it Krystfeest.

Kryst
Ek de Protestantske Gemeente fan Stiens is dwaande mei alle tariedings foar ankom Kryst.
Sa hawwe bygelyks de leden fan it Stienzer wykteam Aldlân fan'e wike de krystkaarten van tsjerke yn us wyk al wer besoarge.

Ta de minsken tein
Op it omslach stean foar jo en my de goede winsken foar Kryst en Nijjier, en yn de kaart lêze jo út it Lieteboek foar de Tsjerken de folgjende ferzen:

Ut it Lieteboek foar de Tsjerken 122: 1 en 2

Geen opmerkingen: