vrijdag 4 december 2009

In Drints-Frysk-Grinser famke is no folwoeksen

Tongersdei 3 desimber 2009

Us Baukje, berne yn 'e provinsje Drinte, hikke en tein yn Fryslân en al inkele jierren studint yn Grinslân, is hjoed folwoeksen wurden. Dat wy ride oan 'e ein fan 'e middei nei de stêd Grins om dêr by en mei Baukje har dochs wol bysûndere 21e jierdei by te wenjen.

Justerjûn hat Durkje ta gelegenheid fan dizze memorabele dei in grutte kollaazje makke mei dêrop de printsjes fan jierdeifoto's fan 'e ôfrûne 21 jier, omtrint fjouwer yn Drinte, fyftjin yn Fryslân en rom twa yn Grinslân.

Yn Grins hat Baukje thús it waarm iten foar ús klear makke, dat wy fange it jierdeifeest oan mei in feestlik miel. Dêrnei hawwe wy meiinoar in noflike jûn yn har smûke studintekeamer.

2 opmerkingen:

Unknown zei

Fan herte lokwinske mei Baukjes jierdei! (ja dat was even puzzelen en in de hoop dat het zonder fouten is!)

Groet,
Frank

Wiep Koehoorn zei

Achte Frank,
Hertlik tank foar jo knappe reaksje. It hat der wol fan dat jo in leargong "Frysk foar net-Friezen" bywenne hawwe, om't jo in oandoarre en ek noch wier meitsje om as Oeriseler yn ús Fryske taal te skriuwen. Wat dat oanbelanget fertsjinje jo alle lof. Mei de groetnis fan Wiep Koehoorn fan Stiens. Oan't sjen ynkoarten yn Ljouwert.
5 desimber 2009