vrijdag 9 mei 2008

KFFB-boekefoarrie ferfarre

Freed 9 maaie 2008
Hjoed ferfarre KFFB-bestjoerslid Dick Eisma en ik it grutste part fan 'e boekefoarrie fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek. Jierren lang hat dizze mânske foarrie yn 'e garaazje fan Dick yn Aldehaske goed plak hawn. No is de tiid kommen om foar ús kommende KFFB-bestjoerslid en boekebehearder Corrie Rozendal de foarrie te ferfarren nei in oar plak, by Dokkum om.

Ús oar Dokkumer KFFB-bestjoerslid Jacobus Knol hat in goed plak foar ús boeken fûn yn in pleats yn Boarnwert. Mei ús auto's en twa swiere oanhingweinen fol KFFB-boeken ryde Dick en ik oerdei nei ús nije KFFB-magazyn. Yn Boarnwert hat Koos al in soad wurk ferset mei it meitsjen fan in grut tal boekerakken; in knap stik wurk. Yn Boarnwert stiet Koos klear om Dick en my by te stean mei it sjouwen fan alle boekedoazen fan 'e oanhingweinen yn 'e nije boekerakken. No noch ien kear op en del ryde en dan is de hiele KFFB-foarrie op it nije plak.

Geen opmerkingen: