Moaie wurden - Foar dy - Praat mar Frysk |
Foar dy
Yn de gearkomste fan ôfrûne woansdei 2 maart 2022 oer 'Psychology fan de taal' krigen alle dielnimmers in setsje wurdkaartsje mei yn in lyts slúfke.
Yn de gearkomste fan ôfrûne woansdei 2 maart 2022 oer 'Psychology fan de taal' krigen alle dielnimmers in setsje wurdkaartsje mei yn in lyts slúfke.
Mei it rûne plakplaatsje 'Foar dy' wie it slúfke tichtplakt.
Yn it pakje sitte tweintich wurdkaartsjes mei moaie Fryske wurden, lykas jo hjir boppe yn it plaatsje sjogge.
Praat mar Frysk
De kaartsjes binne útjûn yn it ramt fan de Fryske taalpromoasje-aksje 'Praat mar Frysk'.
It binne moaie Fryske wurden om te koesterjen, om oer te praten, om kado te dwaan, om fan te genietsjen en om immen mei te ferrassen.
Se binne moai om te krijen, en fansels noch moaier om in oar as ferrassing te jaan.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten