zaterdag 21 maart 2015

Jiergearkomste 2015 fan Stifting Krúspunt yn Akkrum

Sneon 21 maart 2015

Sjuerylid Alex Riemersma presintearret it sjueryrapport Peaskeliet 2015 



















Fan de Lantearne nei de Terptsjerke
De Jiergearkomste 2015 fan Stifting Krúspunt is hjoed yn Akkrum, yn De Lantearne en yn de Terptsjerke. Fan tolve oere ôf is de ynrin yn De Latearne, wêr't de stipers en oare fertsjintwurdigers fan de dielnimmende organisaasjes fan Krúspunt harren meinommen brochje behimmelje kinne mei sop en kofje fan De Lantearne. Sa'n 50 minsken binne hjoed by dizze jierlikse gearkomste.
Om 13.00 oere geane wy meiinoar nei de Terptsjerke, dêr't Krúspunt-foarsitter Hinne Wagenaar it wurd fan wolkom útsprekt en dan de jiergearkomste iepenet. Dy iepening wurdt dien mei de wurden út in Pinksterpreek fan dûmny Bernard Smilde, mei ta eare oan Bernard Smilde, dy't ferline jier ferstoarn is.

Winnend Peaskeliet 2015
Krúspunt-bestjoerslid Toos Reichman introdusearret de útrikking fan de Bernard Smildepriis 2015. It sjueryrapport wurdt presintearre troch sjuerylid Alex Riemersma. Hy fertelt op hokker wize de sjuery kommen is ta de seleksje fan it priiswinnende Peaskeliet 2015. Riemersma fertelt wêr't hja krityk op hawwe as sjuery, en lit ek hearre wat goede foarbylden binne fan stikken poezij fan in achttjin-tal net-winnende Peaskelieten. Ankom jier sil Krúspunt ek in wurkwinkel oanbiede oer it dichtsjen fan tsjerkelieten.
It winnende Peaskeliet hat goed rinnende taal, hat in fleurige toan, is kompakt en dochs ek kompleet, en brûkt it Peaskeferhaal fan froeger as in boadskip foar jo en my, foar hjir en no. It priiswinnende Peaskeliet is it liet 'Peaske', skreaun troch Margryt Poortstra. Om't Geart van der Heide der al in goed sjongsume melody by komponearre hat, sjonge wy it liet fuortendaliks meiinoar, ûnder lieding fan de komponist en mei pianospul fan Olchert Clevering. Dat wurdt ek fuort hjir yn tsjerke opnommen troch radioprogrammamakker Sjoerd Muller, en dat sil letter op dizze dei op de lânlike radio klinke (harkje mar ris by 21 maart 2015, yn 'Wierook en pepermunt' fan 19:22 oere ôf).


Statutêre stiftingssaken
Dan sette wy wer nei De Lantearne ta, foar it Húshâldlik diel fan dizze jiergearkomste. Dêr passearje dan it ferslach fan de Jiergearkomste 2014, it jierferslach 2014 fan skriuwer Warner Veltman en de finansjele jierstikken 2014 en 2015 fan ponghâlder Piet Miedema.
As stipers stimme wy allegearre fan herte yn mei it útstel om Jehannes Bakker fan de KFFB te beneamen ta nij bestjoerslid fan Stifting Krúspunt, en dan rjochtet bestjoerslid Sipke Huismans him mei ôfskiedswurden fan wolfertsjinne lof en eare oan foarsitter Hinne Wagenaar, dy't hjoed ôfskie nimt as foarsitter-bestjoerder fan de stifting.
Der folgje ek noch in tal meidielings fan it bestjoer, bygelyks oer de foarbyldliturgy foar Pinkstersnein dy't Krúspunt nei alle Fryske tsjerken stjoerde. Fierders is der oandacht foar Remco van der Leeuw, dy't hjir in tal DVD's ompartet fan de dokumintêre 'De Hear ferstiet gjin Frysk', dy't hy as stagjêr makke hat foar Omrop Fryslân. Ek de kommende Fedde Schurerlêzing fan dûmny Liuwe Westra wurdt oankundige.

Nije aksjes fan Krúspunt
Dan blykt dat Abe de Vries ûnferwacht hjoed net nei Akkrum kommen is om ús te fertellen oer '100 jier Fryske preek'. Mar lokkich binne Liuwe Westra en Koen Zondag by steat en fertel it ien en oar oer de aktiviteiten yn it ramt fan dit kommende Fryske evenemint op 24 maaie 2015 yn de tsjerke fan Tsjom.
Dernei fertelt Hinne Wagenaar oer de stân fan saken omtrint de kursus 'Fryske Teology, oer leauwen yn Fryslân', dy't produsearre en oanbean wurdt troch Hinne Wagenaar, Tytsje Hibma, Liuwe Westra en Alex Riemersma.

Fryslân krijt fan it grut Kwartettekoar syn eigen 'Ruth'
Dernei tôgje wy allegearre wer nei de Terptsjerke, foar in knap priuwke fan de nije Fryske musical 'Ruth'. Wy harkje nei in tal ynliedende wurden fan Sipke Huismans, en tusken al dy lytse yntroduksjes sjongt in part fan it grut Kwartettekoar fan Hindrik van der Meer in tal prachtige lieten fan dizze nije musical. De teksten fan dizze Frysktalige musical binne fan Folkert Verbeek, en de muzyk is komponearre troch komponist-dirigent-ynspirator Hindrik van der Meer. It ferhaal wurdt yn ús eigen Fryske sjongtaal ferteld, en ek noch presintearre yn ús eigen Fryske kontekst. Wy sjogge en harkje nei prachtige lieten mei knappe teksten en ynkringende muzyk, dat it komt jo as publyk ticht op 'e hûd, en wy fernimme dat wy benei net wachtsje kinne dat dizze musical útfierd wurde sil op 16 en 17 maaie 2015 yn De Lawei fan Drachten. Dat minsken, myn advys: net stinne, der hinne!
De Frysktalige musical Ruth wurdt wiswier in prachtfoarstelling mei sjongen, dûns, film, lûd en ljocht, mei nije arranzjeminten fan Reimer Jan Rondaan en Tjerk Kooistra as regisseur. Ruth bringt in hjoeddeistich ferhaal, oer minsken, oer striid en fertriet, mar boppe al ek oer leafde.

Mei Krúspunt fia Peaske nei Pinkster
Nei dizze prachtige promoasje-útfiering is it tiid om stil te wurden. Wy slúte dizze tige slagge jiergearkomste ôf mei in koarte fesper, ûnder lieding fan dûmny Hinne Wagenaar, de pionier fan Nijkleaster yn Jorwert. Yn dizze fesper fan mienskip en ôfskie wurde liturgyske teksten lêzen, wurde en binne wy stil foar it antlit fan de Hear, en sjonge wy passende lieten lykas: 'Iepenje my foar jo goedens', 'Nim my sa't ik bin', 'Bring hulde alle folken oan de Hear' en it ôfslutende gebed 'God fan fier en hein ús Heit'.
Nei de seine fan de foargonger geane wy de tsjerke út, ûnderwilens inoar de seine tasjongend.

Geen opmerkingen: