Tongersdei 3 april 2008
Op útnoeging fan de radiomakkers Joukje Deelstra en Roelie Groenewoud bin ik jûn tusken seis ûre en healwei sânen yn'e útstjoering fan Radio Middelsé. En as Joukje en Roelie jo útnoegje, kinne jo gjin nee sizze. It lûd fan harren programma "Tsjerke yn beweging" moat dochs tongersdeitejûns op de radio's klinke yn hiel noardwest-Fryslân. Dat ik haw tasein dat ik der wêze sil.
De útstjoering giet oer myn trije nije frijwilligersfunksjes der't ik foar frege bin troch it Nederlânsk Bibel Genoatskip (NBG) út Haarlem: it Regioteam, it Lânlik Berie en de lânlike Ledenrie fan it NBG. It radiofraachpetear mei Joukje Deelstra giet oer it wurk fan it NBG yn pleatslike wurkgroepen, yn Regio Noard-Nederlân, yn de frijwilligersbeweging en fan ús ferieningsbestjoer en de Haarlemmer wurkorganisaasje. Nei in lytse tweintig minuten jout radiotechnikus Henk van der Heide oan dat ús tiid om is en dan wurdt ôfslûten mei muzyk.

Geen opmerkingen:
Een reactie posten