Posts tonen met het label KFFB. Alle posts tonen
Posts tonen met het label KFFB. Alle posts tonen

zaterdag 19 januari 2013

KFFB-Jiergearkomste 2012

Sneon 19 jannewaris 2013 
Blommen foar skriuwers Rommert Tjeerdsma en Anders M. Rozendal















Iepenje mei fertriet
De Jiergearkomste 2013 fan de KFFB wurdt hjoed hâlden yn de Kuriostsjerke te Ljouwert. Op it momint dat de seal om 14.00 oere hast fol sit, hjit KFFB-foarsitter Johannes Bakker alle KFFB-leden yn de seal wolkom. Bakker iepenet dizze gearkomste mei de earste fersen fan Psalm 37, om't dat de fersen binne dy't ôfrûne woansdei ek lêzen binne yn de routsjinst foar Jurjen Faber fan Wikel, de beëage nije bestjoerder foar de KFFB, dy't ferline wike sa hommels ferstoarn is, noch mar 58 jier âld. "Wês stil foar de Heare", lêst de foarsitter, en nei dizze skriftlêzing betinke wy Jurjen Faber yn in momint fan stilwêzen.

Jierferslach 2012 fan de skriuwer
KFFB-skriuwer Corry Rozendal lêst foar ús it Jierferslach fan de KFFB oer it ôfrûne jier. Rozendal sjocht benammen werom op de útjeften fan 2012 en fertelt oer de promoasje-aksje fan it bestjoer om de nije Fryske bernebibel fan de KFFB rûnom te ferkeapjen. Ek de boekeferkeap op 'e Drachtster Boekemerke wurdt troch Corry neamd.
Oanslutend sjongt Grytsje Kingma trije moaie lieten út de KFFB-dichtbondels fan Atze Bosch:
  1. Wetterdripke op reis; út 'Alles op syn tiid'; oer de reis út de bergen nei de see;
  2. De Seedyk; út 'Neilêzing'; oer de daam as trouwe wachter sa geef om Fryslân hinne;
  3. De útstrûper; ek út 'Alles op syn tiid'; prachtich byldzjend songen, by't libben sei Atze Bosch ris tsjin Grytsje Kingma: "Do hast it michje fleanen leard".
Jierferslach 2012 fan de ponghâlder
KFFB-ponghâlder Corry Rozendal lêst foar ús it Finansjeel Jierferslach fan de KFFB oer it ôfrûne jier. Sy jout in taljochting op de Eskploitaasjerekken 2012, dy't sluten is mei in posityf saldo. Ek mei it fermogen op de Balâns op 1 jannewaris 2013 is fan de min nei de plus gien.
KFFB-foarsitter Johannes Bakker slút dit finansjeel part fan de gearkomste ôf mei de wurden: "Wy binne moai droech oer de feart kommen".

Utjefteplan 2013 fan de karkommisje
KFFB-bestjoerder en lid fan de KFFB-karkommisje Pytsje de Graaf presentearret it Utjefteplan fan de nije KFFB-boeken fan 2013:
  • Yn febrewaris it nije boek van Rommert Tjeerdsma: 'Om Doutzen', oer de opkomst fan de NSB, oer goed en ferkeard, en mei in leafdesferhaal;
  • Yn maaie it nije boek fan Anders Minnes Rozendal: 'De smaak fan alsem'; oer troch it libben skarreljende jonge minsken, dy't in died stelle wolle.
Oer it septimberboek kin noch neat sein wurde, maar wol wurdt neamd dat is soarchlik is dat der sa'n bytsje manuskripten yntsjinne wurde tsjintwurdich. It bestjoer ropt eltsenien op om in goed manuskript yn te bringen.
De KFFB-skriuwers Tjeerdsma en Rozendal komme nei de bestjoerstafel om mei in lokwinsk en blommen fan KFFB-bestjoerder Dussy Ybema yn it sintsje set te wurden. Ien fan de priiswinners, Rommert Tjeerdsma, sprekt nei ôfrin koart oer syn nije boek.

Grytsje Kingma sjongt 
Foar it skoft sjongt Grytsje Kingma trije lieten fan Atze Bosch:
  1. Leafde is it reitsjen; út 'Wylde Goes'; oer: God is dêr't leafde is, want leafde is fan God;
  2. Al sil gjin nôt mear rypje op 'e bou; út 'Neilêzing'; in oersetting fan 'Wanneer de vijgeboom niet bloeien zou';
  3. Ofskie fan 'e dei; út 'Neilêzing. 
Yn it skoft is der kofje en tee en kinne boeken en CD's kocht wurde fan de KFFB en fan Grytsje Kingma.
Nei it skoft sjongt Grytsje Kingma noch trije lieten fan Atze Bosch:
  1. H twa O; út 'Alles op syn tiid', oer buorman-gemikus Germ dy't fan 'e frou mei it H2O foar de dokter komme moat;
  2. Yn 'e skurte fan mem; út 'Wylde goes'; mei: 'Wêrst ek hinnegiest sil ik dy moetsje, oant de dea dy berint en dyn libben nij begjint'.
  3. De frede fan 'e greiden; út 'Wylde goes'; wy sjonge inoar ta beslút ta: "Djippe frede mei komme oer dy, mei Gods leafde no groeie yn dy".
Nei it omfreegjen slút foarsitter Bakker dizze noflike en literêr-muzikale jiergearkomste.

zaterdag 12 januari 2013

Neilêzing



Sneon 12 jannewaris 2013
De dichtbondel 'Neilêzing' van Atze Bosch

Earste dichtbondel
In ‘letbloeier’, sa wurdt de dichter-skriuwer Atze Bosch (1927-2011) neamd op ’e efterflap fan syn twadde dichtbondel. Syn earste dichtbondel ‘Alles op syn tiid ferskynde by de KFFB yn jannewaris 2009, doe’t Bosch al oer de tachtich jier wie. In wiere letbloeier. As bestjoer fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek hawwe wy Atze yn de KFFB-jiergearkomste fanjannewaris 2009 it earste eksimplaar útrikt fan syn moaie earste dichtbondel. Dat wie in fertsjinne kroan op alle fersen, dy’t er skreaun hie.

Twadde dichtbondel
Mar Atze Bosch hie folle mear poëzy skreaun. Dat doe’t twa jier letter - ein 2011 - syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. In nije, twadde dichtbondel waard nei Bosch syn ferstjerren gearstald troch in kommisje, besteande út syn omkesizzer Janke Feenstra-Bosch, skriuwster-sjongeres Grytsje Kingma-Zantema en dr. Bernard Smilde (sweager fan Atze).
Yn novimber 2012 wie syn twadde bondel ferzen klear en op 16 novimber 2012 wie ik der by yn Tresoar yn Ljouwert, doe’t postúm de twadde dichtbondel fan Bosch by de KFFB ferskynde. Dy bondel krige as titel: ‘Neilêzing’, as ferwizing nei it weardefolle, dat op it lân noch efterbliuwt, nei de rispinge. Op it omslach stiet in bypassende foto fan frou J.Y. Sijens-Wassenaar.

Neilêzing
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk, en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom. Wa’t syn pinnefruchten lêst, sil soks wis ûnderfine.
De 66 gedichten yn dizze nije dichtbondel fan de KFFB binne printe yn de folgjende acht tema’s:
  1. Fryslân en it Frysk, mei bygelyks it moaie gedicht oer ‘De emigrant’ en oer ‘De Bonkefeart’.
  2. Leafde en lok; mei ‘Ljochtmoannenacht’ mei linige fersrigels lykas: ‘Tusken beamkeguod en reiden, op ‘e grins fan heide en fean, by de bosk-omseame greiden sjochst in boerespultsje stean’;
  3. Boerelân en boerelibben; mei in hjerstich tredde koeplet yn it ‘Jister-Trijelûk’;
  4. Jier en dei; lês dêr yn ‘Ofskie fan ‘e dei’ oer ‘in berntsje, skjin tenein troch mem yn ’t smûke bedsje lein,’;
  5. Bisten en blommen; mei ‘Snie’, dat alles wisket ûnder in wintersk bewâld, foar in bern in toverwrâld;
  6. Lieten út oratoaria, lykas: Ruth, Mozes en ‘It ljocht fan ‘e wrâld’;
  7. Om Krysttiid hinne; fan, oer en tusken ‘Krêbe en krús’;
  8. Oare geastlike teksten, mei de oersetting ‘De minsken fan foarby’, hja binn’yn it ljocht, binn’frij.
By josels begjinne
As bestjoerder fan de KFFB haw ik Atze Bosch yn de ôfrûne jierren kennen leard as in freonlik en beskieden man. Syn moaie gedicht ‘Net in oar’ stiet ek yn dizze nije bondel. It is in gedicht dat dy beskieden Atze Bosch as Neilêzing fan syn skriuwsels oan ús oerlanget as wy eltse nije dei begjinne; thús, op it wurk, yn tsjerke, op it sportfjild en op strjitte. Tink dan nochris oan en libje dizze wurden fan Atze Bosch:

Net in oar

Jei dei oan dei de frede nei;
dêr moatte wy nei stribje,
dat jong en âld op hiel de wrâld yn frede en leafde libje.

Mar dy’t soks wol, ferwachtingsfol,
moat net in oar oerwinne,
mar earst teset oer eigen hert en by himsels begjinne.
 

zaterdag 4 februari 2012

Jiergearkomste 2012 fan de KFFB


Sneon 4 febrewaris 2012
KFFB-foarsitter Bakker mei ôfgeand bestjoerder Jacobus Knol















Iepening en betinking
Meastentiids is de Jiergearkomste fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Mar no’t juster bliken die dat de kachellieding fan dy tsjerke stikken is, hawwe wy de jierlikse gearkomste fan ús Fryske boekeklub yn De Schakel yn it Ljouwerter Camminghabuorren. Foarsitter Johannes Bakker iepenet de gearkomste mei in bibellêzing. Noch foar mei gebed iepene wurdt, betinke wy twa leden fan de KFFB dy’t koartlyn yn desimber 2012, ferstoarn binne en dy’t by’t libben in soad foar de KFFB dien hawwe. Wy betinke Atze Bosch en Dick Eisma. Atze Bosch hat oerset en skreaun foar de KFFB en Dick Eisma - dy’t  ferline jier noch ta earelid beneamd is – hat as bestjoerder (skriuwer en ponghâlder) en als lid fan ‘e Karkommisje in soad wurk ferset; ek bûten de KFFB, foar bygelyks de Afûk. Yn ús fermidden misse wy dy beide KFFB-freonen tige.

Jierferslach skriuwer
It saaklike diel fan de gearkomste wurdt iepene mei it foarlêzen fan it Jierferslach 2011 fan en troch Corry Rozendal-Boelens, sûnt it ôfskie fan Dick Eisma net allinnich ponghâlder, mar ek skriuwer fan it KFFB-bestjoer. Hja docht ferslach oer de 7 bestjoersgearkomsten, oer de nije KFFB-boeken fan 2011, oer de Drachtster Boekemerk, oer de 6.000 KFFB-boekútlienings fan iepenbiere bibleteken, oer de 42 KFFB-boeken dy’t yn 2011 yn Dongeradiel op’e sweef gienen en oer de twa nije bestjoersleden dy’t ree binne om it KFFB-bestjoer fuort te sterkjen. In dúdlik en koart ferslach fan in soad wurk dat KFFB-bestjoerders yn 2011 ferset hawwe. Mei applaus fan de tsientallen leden yn de seal wurdt it bestjoersferslach fan Corry oannommen.

De gitaar by it Boek
Dan harkje wy nei muzyk fan it duo Arjo Osinga (gitaar) & Dries Dalstra (akkordeon), dy’t tusken de saaklike bedriuwen troch in tal lieten sjonge út de nije KFFB-werútjefte ‘De gitaar by it boek’, mei lieten fan Fedde Schurer. Hja sjonge ‘Paradys’ en ‘In spyltúch bin ik yn Gods hân’. Harren sang en muzyk wurdt tige wurdearre.

Jierferslach ponghâlder
Nochris is Corry Rozendal-Boelens oan’t wurd, mei it finansjeel ferslach fan 2011, diskear as ponghâlder fan de KFFB. It ledetal giet mei in hûndert it jier achterút en ús feriening hat noch hast 1400 leden. Mei it ferieningsfermogen binne wy yn 2011 ek achterútgien, mar dan moatte jo ek betinke dat der sûnt koart in prachtige nije bernebibel op de ferkeapplanke leit, dêr’t in soad jild yn ynvestearre is en dy’t de ankommende jierren dizze fermogensdaling hooplik noch finansjeel positiver fuortsette sil. De tiid sil it leare, mar as in soad Fryske húshâldings de moaie KFFB-bernebibel ‘It Heechste Wurd’ keapje sille, komt dat wol goed, tinkt my. De Kaskommisje hat de boekhâlding fan 2011 goedkard en de leden dogge dat ek graach en mei applaus foar Corry als ponghâlder èn foar ús bestjoer.

Utjefteplan 2012
KFFB-bestjoerder Jacobus Knol fertelt as lid fan de Karkommisje dat dy kommisje yn 2011 sân manuskripten beoardield hat. Fan fjouwer âlde manuskripten binne yn twadde lêzing twa oannommen en fan de trije nije manuskripten is ien oannommen, kin ien noch oanpast wurde en is ien ôfkard. Sa kin de KFFB ek yn dit útjeftejier lykas alle jierren wer trije nije romans útjaan. It earste boek wurdt hjoed útjûn en ek feestlik útrikt oan de KFFB-skriuwster Tineke de Jager. Har nije boek ‘De Bosklju’ giet oer de Labadisten fan Waltastate yn Wiuwert. Yn maaie fan dit jier komt in nije misdiedroman ‘De ûntfiering’ út fan skriuwer Lieuwe Pietersen en yn septimber fan 2012 komt de nije roman fan Corry Boelens út, dy’t hannelet oer draachmemmeskip. Alle trije KFFB-romanskriuwers wurde lokwinske mei in knap bosk blommen. En wy binne allegearre bliid mei wer trije nije KFFB-romans dy’t fan’t jier mei niget lêzen wurde sille. Mei dizze trije fêste KFFB-skriuwers sil dat grif goed komme, tinkt my.

Muzyk en Skoft
Foar en nei it skoft sjongt it duo Osinga & Dalstra wer fjouwer lieten: foar it skoft it gefoelige lied ‘Ruth’ en it fleurige ‘David dûnset’ en nei it skoft it gebed ‘Us Heit’ en ‘Garje dy gjin skatten’, mei bygelyks de wurden:
It each, dêrst alles mei besjochste,
is’t lampljocht fan dyn minsklikheid,
It makket út watst tinkst of dochste,
en wat dyn mûle oer it libben seit.
Is dizze lampe skjin en klear,
dan ljochtet hja oer ’t hiele hear.
Mar as it ljocht fertsjustere is,
hoe grut is dan de tsjusternis?
Yn it skoft wurde ek de KFFB-útjeften fan de boeketafel knap ferkocht.

Bestjoersferkiezing
Nei it skoft folget ek de statutêre bestjoersferkiezing. Ofgeand en net werkiesber is Jacobus Knol, dy’t yn de 24 jier fan syn bestjoerssit, en fan syn wurk as lid fan de Karkommisje, en fan syn oersetwurk en fan syn romanskriuwen èn as opmakker fan alle KFFB-boeken in net te beskriuwen grutte bult wurk ferset hat. Foar alles wat Koos dien hat foar de Fryske boekeklub binne net genôch wurden te finen, en hy wurdt mei eare betanke foar syn protte en syn goede wurk foar syn en ús Kristlik Fryske Folks Bibleteek.
Nij ferkiesber as KFFB-bestjoerder binne de twa nijste leden fan de Karkommisje: Pytsje de Graaf (ek wethâlder fan Dongeradiel) en Dussy Ybema (ek dosint Frysk fan de kristlike Pabû fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert). By akklamaasje-applaus wurde hja beneamd as nije KFFB-bestjoerders.

Omfreegjen en sluting
Yn it omfreegje wurdt noch frege nei it foar de KFFB nije boekebarren fan ‘KFFB-Boek op ‘e Sweef’, ek wol bekend as ‘Book Crossing’; boeken dy’t fan in iepenbiere romte fia ûnferwachte lêzers nei in oare iepenbiere romte sweve en dan ek fia it ynternet te folgjen binne. De KFFB-boeken binne op ‘e sweef gien út it gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum wei. Dat, as jo earne op ‘e wrâld yn iepenbiere romtes Fryske boeken sjogge, wit dan dat it faaks swevende KFFB-boeken binne.
Foarsitter Bakker slút de jiergearkomste en de leden prate noch noflik nei, keapje noch in boek by de boeketafel en gean troch in sniewyt lânskip wêr nei hûs.

Lêze en ride
Bûtenút sjogge jo rûnom yn it Fryske lânskip reedriders, mei lange streken en noflik op ‘e sinne oer it glêde iis fan kanalen, fearten, sleatten en marren. Fryslân, ús wetterlân fan thús Frysk lêze en fan fuort bûtenút reedride as it kin.

woensdag 4 januari 2012

Dick Eisma te hôf brocht yn De Haske

Woansdei 4 jannewaris 2012
Dick Eisma (1941-2011)

Betinking
Sûnt 2008 wie Dick Eisma al slim siik. Better wurde koe net mear, mar as ambassadeur foar syn taal - de Fryske taal - gie syn leafdeswurk troch, sa lang't it noch koe. Mar fan de deasykte koenen Dick en de dokters it net winne. Op 30 desimber 2011 is Dick Eisma ferstoarn. Hjoed sit de doarpstsjerke fan Aldehaske grôtfol. Famylje en freonen fan Dick nimme yn 'e betinkingstsjinst ôfskie fan Dick om him dêrnei te hôf te bringen yn syn wenplak Aldehaske.

Earelid fan de KFFB

Dick Eisma waard nei de Kweekskoalle skoalmaster en haad fan in legere skoalle. Syn belangstelling foar de Fryske taal feroare geandewei yn syn passy foar it Frysk. Dick helle it doktoraal eksamen 'Friese Taal en Letteren'. Hy waard dosint by de Afûk, skriuwer, korrektor, ûndersiker en oersetter. Tritich jier hat Dick syn bêste krêften ek jûn oan de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Hy wie bestjoerder, lid fan de karkommisje, skriuwer en ponghâlder en die alles wat nedich en winsklik wie om fan de KFFB in súkses te meitsjen. Fjouwer jier mocht ik mei Dick gearwurkje yn it bestjoer fan de KFFB. As slútstik hawwe wy tegearre de redaksje en de rezjy hân om it moaie Tinkskrift gear te stallen by it 75-jierrich bestean fan de KFFB. Dick waard by syn ôfskie fan it bestjoer fan de KFFB yn febrewaris 2011 noch beneamd ta earelid.

Behoffene teksten

Dick Eisma wie in wichtich stimulator om minsken safier te bringen dat hja harren teksten yn it Frysk skriuwe. In soad nije en betûfte Fryske skriuwers hat er holpen om yn it Frysk folle fierder te springen as hja ea tocht hienen. In soad Fryske boeken fan de KFFB binne Frysk-geve romans en poëzybondels wurden, mei de grutte ynset en kundige help fan Dick. Lêzers sjogge it fansels net, mar meie wol witte dat it goede wurk fan minsken lykas Dick fan skriuwers en harren skriuwsels makke hawwe wat it no is. Dick hat my ek safier krigen om yn it Frysk te skriuwen. It Bildts is myn memmetaal, mar mei Dick syn help haw ik Fryske teksten skriuwe kinnen yn in kwaliteit dy't ik sûnder syn help net publisearre hie yn kranten, yn it tinkboek en op it ynternet. Dick behoffene myn konsept-teksten en ik learde sa fan him it (gever) skriuwen yn 'e Fryske taal.

Routsjinst
Yn de routsjinst fan fan 'e middei tanket dûmny Anton Verbeek yn syn gebed foar wat Dick Fryslân jûn hat yn de taal, yn it Frysk. Dick wurdt ek betocht troch it oanstekken fan sân kleurde kearsen fan de menorah, oanstutsen troch Dick & Jopie harren sân pakesizzers. Mei de 7 kearsen betinke wy de mominten yn it libben fan Dick; om it goede dat der wie fêst te hâlden, en om wat moeilijk of ferkeard wie los te litten. Alderling fan tsjinst Annie Tigchelaar lit ús yn har foarlêzen tinke oan de hoop, dêr't wy mei libje en dêr't Dick mei libbe; oer:
- dreame fan better wurde;
- op fakânsje gean nei Noarwegen, nei de bern;
- syn ûndersyk nei de drukkers yn Fryslân ôfmeitsje;
- dreame fan lok en goede takomst foar de bern en de pakesizzers;
- it yn stân hâlden fan de Fryske taal.
De griene kears lit ús ek tinke oan de rol dy't wy as minske foar elkoar en as bern fan God ynfolje meie. It giet hjir en no om de hope dy't rjochting jout oan ús dwaan en litten.

Tichtby God
De lêzings en it sjongen binne yn it Frysk; de taal fan Dick, de taal fan ús, de taal fan de Friezen, de taal dy't mei de wurden fan leauwe, hope en leafhawwe fan ús himelske Heit en fan ús ierdske mem ús yn hert en siel rekket, sa't Dick it fielde en it sa graach seach. Lit ús it goede dat der yn Dick syn libben wie en dat ek yn ús libben is, fêsthâlde, mei ús meinimme en God dêrfoar tanksizze.

woensdag 21 september 2011

Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip

Woansdei 21 septimber 2011

It jier 1908 wie it oprjochtingsjier fan it 'Christlik Selskip for Fryske Tael en Skriftekennisse'. Letter is dy namme feroare yn 'Kristlik Frysk Selskip' (KFS). It doel fan it KFS wie fan 'e miet ôf oan de 'emansipaasje fan it reformatoarysk-kristlike folksdiel yn Fryslân en fan de bûten-Friezen'. Der waard striden foar in Frysker takomst foar in Frysker Fryslân.

Hûndert jier letter, yn 2008, ferskynt it boek 'Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip', skreaun troch Thys van der Veen en útjûn troch Tresoar. It boekje jout in moai oersjoch fan de stikken fan it KFS, dy't bewarre wurde yn Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert.

It boek begjint mei in ynlieding mei in beskriuwing fan de eftergrûn en plakbepaling fan it KFS, ek yn it fermidden fan oare selskippen dy't har op de kristenminske yn Fryslân rjochten. Dan folget in haadstik oer de oprjochting, de organisaasje en de wurksumheden fan it Kristlik Frysk Selskip fan de ôfrûne ieu. Sa wurdt bygelyks beskreaun dat de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) yn desimber 1934 oprjochte waard, om't der ek yn it fermidden fan it KFS ferlet ûntstie om eigen kristlike Fryske boeken ûnder it folk te bringen. Ta beslút fan dit haadstik skriuwt Thys van der Veen oer de wize fan ynventarisaasje, ferneatiging, omfang en iepenbierheid fan de ynbrochte 8,5 meter KFS-argyf oer de jierren 1908-1996, dy't troch Tresoar tagonklik makke is en wêrfan nei seleksje en ferneatiging sa'n 7 meter argyf oerbleau.

Yn it twadde diel fan dit boek folgje dan lange listen mei de stikken dy't yn it argyf opnommen binne. It begjint mei it Haadargyf fan it KFS mei bygelyks wurklisten, notulen, korrespondinsje, jierferslaggen en stikken oer leden en stipers, kriten en distrikten. Ek oer kontakten, propaganda, jubilea, finânsjes, Bibels en oare útjeften jout de list ynformaasje. Ta beslút folgje stikken oer kampen, priissjongen en tsjerklike oangelegenheden.

Dêrnei folget in oersjoch fan deponearre argyven lykas fan de Fryske Kriten, de Bibelferkeapkommisje 'Net fan Brea allinne', it Boun fan Kristlik Fryske Jongerein, it Kristlik Frysk Nationaal Striidboun en de Kristlik Fryske Parsforiening. Ek fragminten fan persoanlike argyven en foto's en tekeningen lizze yn it argyf. Fierders is der noch in ferskaat oan Dokumintaasje en dan binne der ek noch de flaggen, faantsjes en ek in linnen boadskiptas mei it logo fan it Kristlik Frysk Selskip, allegearre realia fan de 20e ieu.

It is mei tank oan al dy Friezen dy't sa tûk west binne om dit allegearre te bewarjen en it ta einbeslút te skinken oan it KFS en no oan Tresoar dat minsken hjoed en moarn noch allerhande ûndersyk dwaan kinne oer de histoarje fan de KFS, fan in wichtig part fan de skiednis fan Fryslân en fan de Friezen dy't alle war dien hawwe foar it Frysk en de Friezen, yn it ferline, foar hjoed èn foar in Frysker takomst fan in Frysker Fryslân.

zaterdag 16 juli 2011

Moeting mei de dea

Sneon 16 july 2011

Wisse Alfred Pierre Smit (1903-1986) – in dominyssoan út Heumen - wie in ferneamd heechleraar yn Utert. Hy skreau in grut tal wittenskiplike wurken op it mêd fan letterkunde en literatuerhistoarje. Doe’t Pierre Smit syn wittenskiplik wurk ôfsletten hie, namen syn krêften ôf, rekke hy slim siik, swevend tusken libben en dea.

Yn die swiere tiid fan deasiik wêzen, begûn Smit wer fersen te skriuwen. Soks hie hy yn syn jongere jierren ek al dien. Yn 1927 ferskynde bygelyks syn dichtbondel ‘Feesten van ’t jaar’, dy’t in soad yndruk makke. Oan de ein fan syn libben begûn Smit kwatrinen te skriuwen. Yn 1984 begûn syn poëtysk skriuwen wylst er fan syn siik wêzen in soad pine hie. Yn de lange, drege nachten skreau Smit syn kwatrinen. It 150e kwatryn wie klear yn it begjin fan 1985. Fansels binne soksoarte fan gedichten persoanlike skriuwsels, mar se binne sa goed skreaun dat men dizze kwatrinen mei bliuwend fêste oandacht lêst.

Hûndert fan dizze 150 kwatrinen hat Smit oardere ta in dichtbondel, dy’t nei de dea fan W.A.P. Smit (yn 1986) ferskynde by útjouwer Kok út Kampen mei de titel: ‘Ontmoeting met de dood’. Dizze dichtbondel lit op tige minsklike wize wat fan syn deadseangst sjen en fan Smits ferwachting om opnommen te wurden yn de hearlikheid fan it Keninkryk fan syn en fan ús Himelske Heit.

Doe’t ik noch yn it bestjoer siet fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) kaam de Fryske KFFB-skriuwer Jan Dotinga fan Koatstertille by it KFFB-bestjoer mei de fraach oft wy syn Fryske oersetting fan dizze dichtbondel yn it fûns fan de KFFB opnimme woenen. De oersetting fan sa’n krêftige dichtbondel komt krekt, dat it is perfoarst gjin lúkse dat oersetter Jan Dotinga de taalkundige KFFB-ers Dick Eisma en Jacobus Knol tank seit foar harren stipe by dizze oersetting. De yn it Nederlânsk skreaune kwatrinen binne knap oerset troch Jan Dotinga. De KFFB hat de útjefte fan dizze dichtbondel yn 2011 fersoarge ûnder KFFB-nummer 467 en dizze bondel mei de searje fan 100 kwatrinen is no te keap by de KFFB foar € 7,50. De Fryske titel fan de dichtbondel is: ‘Moeting mei de dea’.

Om ris te sjen hoe’t soks giet, sjogge jo hjirûnder de Nederlânske ferzje fan Pierre Smit fan syn kwatryn ‘Janua aperta' (De deur staat open):
“De dokter heeft het mij vandaag gezegd:
Het kan met mij opeens zijn afgelopen.
Op dat moment heeft God Zijn hand gelegd
Over de mijne: Kijk, de deur staat open.”

Jan Dotinga hat ‘Juana aperta’ (De doar stiet iepen) sa yn it Frysk oerset:
“De dokter hat it hjoed al tsjin my sein:
’t Kin mei my ôfrûn wêze sa ynienen.
Op dat momint hat God syn hannen lein
Oer mines hinne: Sjoch, de doar stiet iepen.”

Sintraal steane yn de kwatrinen fan Smit it deasiik wêzen, it ferstjerren en it dea wêzen. Dotinga jout oan dizze tema’s fan Smit de folgjende beskriuwings yn it Frysk:

It deasiik wêzen:
- op troch him begrinzge grûn;
- tebekgong fan myn krêften;
- d’ ein fan it libbenspaad;
- De wjerglâns fan syn fingers dy’t my winke;
- wachtsje sûnder roer;
- myn wintertiid;
- yn strime en swypslach;
- op reis nei ’t himelsk heitelân;
- dizze lette oere fan myn libben;
- sit de dea by my oan ’t bêd;
- de swiere striid om myn ferlingd bestean.


It ferstjerren:
- de lêste grins fan it libben;
- ’t Momint fan oergong;
- de ein;
- yn dat ljocht opnommen;
- de oere fan út elkoar te gean;
- dat de ivichheid my ta har sûcht;
- alle grinzen sille iepen brekke;
- de nacht begjint te brânen;
- ferreizgje;
- efter myn eagen wurdt it tsjuster gloed;
- troch de dea nei Him ferheffe;
- nei de grins fan ’t libben driuwe;
- omheech nei Him tasûge.

It dea wêzen:
- Yn ’t ljocht te wêzen;
- troch ’t ivich libben wonken;
- syn ûneinich en ûnmjitlik wiid;
- Seizoenleas wêze;
- de rêst;
- oan de ivichheid besibbe
.

Och sa moai bringt Jan Dotinga it proses fan it dichtsjen út de kwatrinen fan W.A.P. Smit nei syn oersetting yn it Frysk, lykas:
‘Mar yn myn geast binn’ fersen oan it driuwen
Dy’t as kwatryn sykj’ om in berteweach.’

donderdag 24 februari 2011

Debatcafé over Provinciale Statenverkiezingen Fryslân

Woensdag 23 februari 2011

Ruim 85 mensen zijn naar Tresoar in Leeuwarden gekomen om hier de Debatcafé-avond bij te wonen, die we als VUconnected organiseren in samenwerking met het Friesch Dagblad en met Tresoar Fries Historisch en Letterkundig Centrum. Het thema van dit Debatcafé is 'Fryslân kiest!', waarbij het debat onder leiding van onze vaste debatleider Siem Jansen in het teken zal staan van de aanstaande verkiezing van de leden van de Provinciale Staten van Fryslân. Nadat mede-organisator Lútsen Kooistra als directeur-hoofdredacteur van het Friesch Dagblad de debatavond heeft geopend, daagt Siem Jansen de politieke debaters in de vorm van een competitie uit om zichzelf, de partij en hun partijprogramma kort te introduceren.

De volgende debaters presenteren zich (op de foto van links naar rechts):
- Piet Adema (Drachten), gedeputeerde en lijsttrekker van de ChristenUnie, lijst 6;
- Jannewietske de Vries (Raerd), gedeputeerde en nummer 2 op de lijst van de Partij van de Arbeid (P.v.d.A.), lijst 2;
- Johannes Kramer (Sibrandabuorren), nummer 2 op de lijst van de FNP, lijst 4;
- Tom van Mourik (Leeuwarden), lijsttrekker van de VVD, lijst 3;
- Sjoerd Galema (Hartwerd), gedeputeerde en lijsttrekker van het Christen Democratisch Appèl (CDA), lijst 1;
- Marieke van de Ree (Gorredijk), lijsttrekker van Democraten 66 (D66), lijst 13;
- Addy Stoker (Leeuwarden), lijsttrekker van Verenigd Links-Feriene Lofts, lijst 12.
Jannewietske de Vries wint de publieksprijs voor de mooiste introductiespeech, waarmee zij tijdens deze debatavond zowel het eerste als ook het laatste woord mag voeren.

Twee onderwerpen staan in dit Debatcafé centraal. We beginnen met de partijstandpunten inzake 'Fryslân Culturele Hoofdstad 2018'. Een boeiend debat ontstaat. Enkele van de uitspraken van de debaters:
- De Vries: "Fryslân moet op het Europees podium. De cultuur maakt Fryslân mooi. Cultuur in Fryslân heeft toekomst. Begin in de dorpen. Begin klein. Evenementen zoals het openluchtspel in Jorwert, dàt zijn onze podia.";
- Galema: "Fryslân moet uitnodigend zijn naar de rest van Europa.";
- Adema: "Het moet van onderop; we moeten daartoe onze Friese gemeenten activeren.";
- Van de Ree: "Fryslân kan kunst & cultuur paren, waar dat 'Den Haag" niet lukt.";
- Kramer: "Groningen mag nooit de zeggenschap krijgen over de cultuur in Fryslân. Dat kan 'Den Haag' misschien wel willen, maar zover mag het nooit komen!" Richt niet je blik op alleen 2018, want organisaties als Tryater, Omrop Fryslân en de Friese oplenluchtspelen moeten ook al in 2012 en daarna worden geholpen.";

Siem Jansen geeft ook de zaal de gelegenheid om mee te debatteren. Lokale politici (waaronder Pier Tilma en Lies Melchers), provinciale politici (waaronder Rommert Krijtenburg en Willem Roersma), en vele anderen (waaronder Piet Reitsma út 'e Trynwâlden) doen graag mee met hun vragen, tegenwerpingen en suggesties. Willem Roersma (Provinciaal Belang Fryslân, lijst 9): "Vergeet Oerol niet. Ga uit van eenvoudige vormen en zorg voor draagvlak. Begin klein en laat de ambitie in Fryslân groeien voor Fryslân Culturele Hoofdstad 2018."

Na de pauze volgt het tweede onderwerp van vanavond, over het 'Sociaal Economisch Masterplan Noordoost Fryslân'. De debaters gaan er weer flink tegenaan in het debat:
- Kramer: "Krimp is ook een kans voor Fryslân, maar pas op voor het bureaucratisch moloch en zet van onderop in.";
- Galema: "We moeten het krimpdebat loslaten en veel meer naar een positieve investeringsagenda gaan. De Friese steden zoals Leeuwarden moeten de dorpen niet leegtrekken; we moeten het noorden beschermen.";
- Van de Ree: "Er zit power in deze regio. Stop geld in goede infrastructuur.';
- Stoker: "Als jongeren zich willen inzetten voor hun eigen regio, investeer daar dan in.";
- De Vries: "Verbindingen tussen land & water zijn in Fryslân goed te leggen. We kunnen ook digitale systemen inzetten om van openbaar vervoer maatwerk te maken, Fryslân zou in dat opzicht experimenteerregio kunnen zijn. De Rijksbijdrage moet niet alleen naar de Randstad, want dat geld hebben we hier in Fryslân hard nodig";
- Adema: "Hoogfrequent openbaar vervoer in het landelijk gebied is bijzonder moeilijk; we zouden alle vervoer moeten bundelen in zogenoemde 'bundelbussen', een combinatie van WMO-, leerlingen- en openbaar vervoer).";
- Van Mourik: "Het noorden wordt door het Rijk te vaak op achterstand gezet.";

De zaal doet ook weer flink mee aan het debat. Er worden kritische vragen gesteld over bijvoorbeeld openbaar vervoer en leefbaarheid van het platteland en over bodemdaling door zoutwinning.
Eén van de aanwezigen slaagt erin alle politieke debaters achter de forumtafel sprakeloos te maken. Het is de biologische boer Durk van der Schaaf. Van der Schaaf oppert het idee om de gronden van de Leeuwarder Vliegbasis te bestemmen voor biologische landbouw, als het er ooit van zal komen dat de Vliegbasis door de overheid zal worden gesloten. Van der Schaaf vraagt of de debaters het hiermee eens zijn. Achter de forumtafel valt het helemaal stil. De provinciale politici schudden hun hoofden en werpen afkeurende blikken. Als debatleider Siem Jansen hierop met vragen reageert, wordt duidelijk dat alle zeven debaters dit een 'non issue' vinden, want eenmaal vanavond zijn ze het allemaal met elkaar eens: "We willen de Vliegbasis niet kwijt, de Vliegbasis moet in Leeuwarden blijven!" Er is dan ook geen sprake van enige discussie over een andere bestemming voor deze gronden. Addy Stoker voegt daar nog even aan toe dat biologische landbouw toch ook wel het laatste is dat je hier kunt invullen, aangezien de bodem van de vliegbasis daartoe al te zeer vervuild is.

Het publiek had Jannewietske aan het begin van de avond gekozen als de politica die het laatste woord mag voeren. Siem Jansen vraagt de zeven politieke debaters wie van de aanwezigen in het publiek vanavond de mooiste inbreng heeft geleverd. De politici kiezen unaniem Willem Roersma als winnaar uit het publiek. Roersma verdient een fles wijn en De Vries verdient het laatste woord vanavond. Jannewietske de Vries roept - mede namens haar politieke collega's - iedereen op om op 2 maart 2011 vooral te gaan stemmen, "omdat dat goed is voor de 1e Kamer en omdat dat goed is voor Fryslân". En dan grijpt ze haar kans met de oproep aan ons allen om vooral te gaan stemmen op de PvdA, want - zegt ze - "Cultuur in Fryslân is bij de PvdA in goede handen!".

Daarna mag ik namens de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) aan alle aanwezigen een gratis Fries KFFB-boek aanbieden, als dank van de KFFB aan de provincie voor haar jarenlange steun om de uitgave van Friestalige KFFB-literatuur mogelijk te maken. Bij het verlaten van Tresoar mag iedere aanwezige één van de zeven titels meenemen, met als doel om het lezen van de Friese literatuur te bevorderen door bijvoorbeeld zelf lid te worden of iemand anders voor € 27,- een kado-jaarabonnement te schenken van deze Friese boekenclub.

Tot slot sluit mede-organisator Govert Geldof namens VUconnected en mede namens het Friesch Dagblad en Tresoar deze geslaagde debatavond. Velen blijven nog lang napraten onder het genot van een hapje en een drankje. Mooi was het dat er vanavond niet negatief op de persoon is gespeeld, maar dat met enthousiasme en ambitie stevig is gedebatteerd over wat Fryslân beweegt en wat onze provincie daartoe nodig heeft in de komende jaren.

zaterdag 12 februari 2011

Ofskie fan trije KFFB-bestjoerders

Sneon 12 febrewaris 2011

De Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) hâldt middeis har Ledegearkomste yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Ferline jier jannewaris betochten wy it 75-jierrich bestean fan ús Fryske Boekeklub en no binne wy al wer in jier fierder yn de tiid. 'Klim Fleurich Fierder Berch-op', seit it logo fan de KFFB, mar hoe fleurich klimt de KFFB tsjintwurdich eins de berch op? Dêr giet hjoed benammen it praat oer yn dizze jierlikse gearkomste.

De gearkomste wurdt iepene troch Wim van der Schaaf, foarsitter foar in jier fan de KFFB. "Minsken begjinne minder boeken te lêzen", seit Wim. Minsken sykje en fine de rêst net mear om in boek te lêzen. Mobyltsjes en kompjûter mei ynternet nimme it plak yn fan in goed boek, fral by de jongerein. Sa ferspilet it boek syn plak yn ús wrâld. It giet poermin mei it Fryske boek. "De KFFB hat in moai ferline en hat ek in rike tradysje", seit Van der Schaaf. Hoe moat it fierder mei it Fryske boek? Mei 'printing-on-demand' of mei 'e-books'?

Nei de meidielings folget fan skiedend KFFB-skriuwer Dick Eisma syn lêste jierferslach: fan ús feriening oer it jier 2010. It wie foar de KFFB wer in jier mei in soad moaie útjeften, lykas it jubileum-Tinkskrift, romans fan Anders M. Rozendal, Lieuwe Pietersen en Einte Prins, nije Doopkaarten, in werútjefte fan it bibels deiboek fan Doede Wiersma, in bysûndere dichtbondel fan Anny de Jong en in bondel mei koarte meditaasjes fan Tytsje Hibma. As âld-bestjoerslid fan de KFFB wit ik hoefolle wurk KFFB-bestjoerders fersette om in útjefte mooglik te meitsjen, dat safolle moaie publikaasjes yn ien jier is in knap stik wurk fan dit bestjoer. In weardefolle rige publikaasjes hat de KFFB wer taheakke oan it rike fûns fan Fryske literatuer en kultuer.

Skathâlder Corry Rozendal-Boelens besprekt it finansjeel jierferslach en it ferslach fan de kaskommisje. Dan folget de besjoersferkiezing. Ferkiesber en beneamd wurde ús nije foarsitter Johannes Bakker fan Menaam en skathâlder-skriuwer Corry Rozendal-Boelens fan Dokkum. Ofgeand en net werkiesber binne foarsitter Wim van der Schaaf, bysitter Tialda Dijkstra en skriuwer Dick Eisma. Wim van der Schaaf sprekt wurdearjende wurden út ta ôfskie fan Tialda en Dick. Yn it ôfskiepraatsje foar Dick Eisma seit Wim dat Dick mei syn lange bestjoerssit sûnt 1982 en fanwegen de grutte betsjutting fan al it wurk fan Dick foar de KFFB eins it gesicht wurden is fan de KFFB. It bestjoer beneamt Dick Eisma yn dizze gearkomste ta 'Earelid fan de KFFB'. Mei rjocht folget in steande ovaasje fan de leden yn de seal foar Dick. In mânske oarkonde kriget Dick Eisma fan it bestjoer as oantinken oan dit wichtich en seldsum bestjoersbeslút.

Nei it skoft wurde troch de nije foarsitter ek wurdearjende wurden útsprutsen foar alle wurk dat Wim van der Schaaf ferset hat foar de KFFB, benammen ek syn wichtige wurk as lid fan de Karkommisje, earst foar berneboeken, letter foar - sa't yn it ferline wol sein waard - 'de echte boeken'. De trije skiedende bestjoersleden wurde ek yn 'e blommen set.

Dan folget it jierlikse 'Boekepraatsje & Utjefteplan'; noch ien kear útsprutsen troch Wim van der Schaaf, op in wize dy't wy fan Wim wend binne: mei earnst en humor. Wim kundiget de nije útjeften fan 2011 oan. It binne trije oersettings: kwatrinen, in roman en in bernebibel. Der komme ek twa nije romans. Ien fan Hedzer T. Hooijenga en ien fan Anders M. Rozendal. Beide fêste KFFB-skriuwers en beide - by tafal - oer it aktuele tema 'bernelokkerij'.

Ta beslút folgje dan noch it omfreegjen en it sluten fan de jiergearkomste. De KFFB klimt ankom jier wer fleurich fierder berch-op. It bestjoer ropt de leden mei in nije ledewinaksje op om der mei yn te foarsjen dat it ledetal fan de KFFB wer boppe de 1.500 leden komt. Nei de sluting geane de leden noch by de boeketafel del om dêrta allegearre promoasjemateriaal mei te nimmen om dat út te rikken oan kandidaat-leden foar ús feriening 'Kristlik Fryske Folksbibleteek'.

zaterdag 22 januari 2011

Waarmte in wurd

Sneon 22 jannewaris 2011

De Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearre yn 'e simmer fan 2010 de poëzy-bondel ”Waarmte in wurd" fan Anny de Jong. Yn dizze bondel binne 31 fersen sammele, meast koarte gedichten. In part fan dizze fersen hawwe de lêste jierren op Anny de Jong har eigen krystkaarten stien. De measte dêrfan hawwe ek te lêzen west op de jierlikse Fryske skriuwerskalinder. Dy krystfersen binne yn dizze bondel oanfolle mei har hiel persoanlike rougedichten, lykas:

“de dea is om ús hinne
mar dan treft er dy en my yn it moarch
der is gjin ferwin
loslitte is skrieme
en dochs
in rûnte fan leafde
draacht ús fertriet
en ik leau, dêr set ik alles by op
dat de deaden ús foargeane
nei de nije himel en de nije ierde”


De Fryske dichteres Anny de Jong hat de namme yn har gedichten de sombere kant it neist te wêzen. Mar se wiist der lykwols op dat har fersen altiten posityf einigje.
De waarmte wint it fan de kjeld.
It tsjuster moat belies jaan foar it ljocht.
Yn in pear wurden wit sy in gefoel hiel sterk oer te bringen.
Op it wyt-griis-swarte boek-omslach binne de namme fan de dichteres en de titel fan it boekje mei waarme reade letters oanjûn. It omslach is in ûntwerp fan Petra de Jong.

Anny de Jong oer har wurk: “Dichtsjen is dagenlang omrinne mei in idee. Wurden fine, skave
en skrasse oant it rint en op papier stiet wat ik sizze wol”.
De titel fan dizze bondel hat mei de ynhâld te krijen, mar ek mei de klank.
“In gedicht moat ritmysk en sjongsum wêze”, neffens De Jong.

Op side 17 stiet it fers “wurdboek”,
Yn dat fers lêze jo fjouwer wurden mei harren betsjutting, lykas:
Fertrouwe” is fêste grûn ûnder dreamen witte.

En dan op side 25 in moai sitaat út ien fan de 31 fersen:
“….mei lege wurden komme wy elkoar net yn 'e mjitte
dat wurden ta dieden bloeie
nei fruchten fan
fertrouwen groeie”.

As jo dizze fersen lêze en werlêze, fiele jo de waarmte yn har wurden.
Anny de Jongs “Waarmte in wurd” jout jo deistige wurden in noflike waarmte.

woensdag 29 december 2010

Puzzelstikjes

Woansdei 29 desimber 2010

De Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearre koartlyn it boekje ”Puzzelstikjes" fan dûmny Tytsje Hibma út it Fryske Winsum. Tytsje Hibma (1958) is dûmny fan ‘e Grifformearde Tsjerke fan Winsum en omkriten. Hja folge de postakademyske oplieding “Geastlike Begelieding” fan de Protestanske Teologyske Universiteit.

De 26 ferhaaltsjes en de kleurige fotobylden yn dit boekje binne in soarte fan puzzelstikjes. De measte ynhâlden krigen foarm yn in tsjerketsjinst, mei it each op bern en grutte minsken dy't harren yn de Bibel ferdjipje. Se sprekke meiinoar fan de rykdom dy't ús yn Gods Wurd yn 'e mjitte komt. Alle teksten en foto’s yn dizze bondel binne fan dûmny Tytsje Hibma. Alle 26 puzzelstikjes begjinne mei in foto en in Bibelfers en krije dan op ‘e rjochter side in praatsje by it plaatsje en oer de Bibeltekst.

De puzzelstikjes hawwe moaie wurden om ek nei it lezen nochris te wjerkôgjen, lykas:
- Mar wat fan God komt, makket ien en hiel;
- Sa is it minskebestean yn de hân fan God;
- Krekt yn it djipste tsjuster wurd it ljocht berne;
- Mar wy kinne ek oefenje om mei goede eagen te sjen, mei Gods goede eagen;
- Mei syn leafde ropt God ús út de skulp: Kom mar foar it ljocht!;
- Elk plak kin hûs fan God wurde;
- Ik leau, hieltyd as ik my omkear, my nei Jezus takear, komt it ljocht my yn ‘e mjitte;
- Sa kinne wy ek yn tsjerke komme, mei alle dingen dy’t ús fan ’t sintrum bringe;
- Pas as ik ferjaan kin, kin ik loslitte;
- Allinnich troch gebed, troch ús ta te kearen nei God, kinne dy doarren iepengean;
- Wy geane net it tsjuster temjitte, mar it ljocht;
- Ferwachting freget om geduld en hope;
- Want it hiele evangeelje is dat wy ús heil net hegerop sykje moatte, yn wat grut en machtich is, mar yn wat lyts en warleas is;
- En falle wy, dan binne ûnder ús dy ivige earmen. It is wier, de ivige God is in taflecht.

Dit earste boekje dat Tytsje Hibma foar de KFFB skreau, befettet treflike puzzelstikjes oer bygelyks omkear, oer foar it ljocht komme, oer losllitte, oer ferwachting en oer ienfâld. Moaie wurden om sels te lêzen, mar wis ek moaie wurden om oan in oar kado te skinken.
Om ris oer nei te tinken!

vrijdag 16 april 2010

De Kristenreis nei de ivichheid

Freed 16 april 2010

Op 30 novimber 1628 is John Bunyan berne yn it lytse doarpke Elstow (Bedfordshire) yn Ingelân. Hy wie noch mar 16 jier doe’t er syn mem ferlear. John wie in ienfâldich man. Hy waard earst tsjettellapper en jierren letter preker. Syn frou hat him it lêzen en skriuwen leard. Syn preken wiene ienfâldich, mar wol direkt en fral Bibelsk. Hy waard foar mar leafst tolve jier finzen nommen om syn leauwen en omdat er dêroer preke. Bunyan wurde 60 jier âld.

Bunyan hat yn syn libben in soad boeken skrean. Ien fan syn boeken hat er yn ‘e finzenis skrean. De titel fan dat boek út 1678 is: “The Pilgrims Progress”. Dat boek is yn it Hollânsk oerset en krige de titel: “De Christenreis naar de eeuwigheid”. Dernei is it troch dr. G.A. Wumkes ek yn it Frysk oerset, yn 1953 ferskynd mei as titel: “De Pylgerreize”. Yn syn wrâldferneamde boek skriuwt John Bunyan oer de reis, dy’t in minske meitsje moat om – nei ôfrin fan it hjoeddeistige libben - ynwenner fan Gods Himelstêd wurde te kinnen. It is in boek dat yn behâldend protestants-kristlike fermiddens graach lêzen wurde, ek tsjintwurdich noch wol.

De Hollânske “John Bunyan Stichting” hat in lyts evangelisaasjeboekje troch dûmny P. Blok skriuwe litten oer “De Kristenreis” fan Bunyan. Dat lytse boekje is oerset troch Jan Jongsma fan Burgum (yn it ferline - lykas ik - ek KFFB-bestjoerder) en ferskynde 15 jier lyn, yn 1994. Dizze lytse útjefte hat as titel: “De Kristenreis nei de ivichheid”.

It is mar in lyts partsje fan it oarspronklike boek. Dûmny P. Blok skriuwt yn it foarwurd oer it doel fan syn boekje: “jo te wizen op guod dat in dief net stelle kin en dat net troch roast ferdwine kin”. Bunyan wiist op “It Guod, dat ivich en bestindich is”, sa skriuwt dûmny Blok.

It boek is in allegoarysk ferhaal, dat fertelt oer de dream fan in man. Kristen is syn namme. Kristen wol witte wêr’t “De Wei ta Behâld” is. Kristen krijt by it krús fan Jezus in boekrôl en moat dy oan ‘e ein fan syn reis by de Himelpoarte oerlange oan ‘e ingels. Op syn reis en op ‘e smelle wei dy’t ta it wiere libben liedt, moetet Kristen in ferskaad oan minsken. It binne bygelyks: Boadskipper, Evangelist, Dwaas, Loaiker, Eigenwiis, Formalist, Tonielspieler, Betroubere, Idelheid, Bybedoeling, Moaipraat, Hoopjende, Unkunde en Idele Hope. Fia plakken lykas Swierrichheid, Leaflikheid en Deadsjordaan komt Kristen as pylger oan yn it Nije, Himelske Jeruzalem, om dêr de Kening te moetsjen.

Alle haadstikken (ien haadstik op ien side) fan dit boekje hawwe in koart stikje fan it ferhaal mei op ‘e neistlizzende side in yllustraasje fan Albert Wessels. Op ‘e lêste ôfbylding fan it lêste haadstik “Immanuelslân” geane Kristen en Hoopjende it nije Jeruzalim yn. Boppe de himelpoarte stiet: “Blessed are they that do His commandmends”. En it ûnderskrift op dit lêste printsje is de skreane útsetter: “Soli Deo Gloria”.

vrijdag 19 maart 2010

Iterijke ta ôfskie fan it KFFB-bestjoer

Freed 19 maart 2010

Yn de Statutêre Lede-jiergearkomste fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) fan 20 febrewaris 2010 hawwe Minne Vis as foarsitter en ik as twadde foarsitter offisjeel ôfskie nommen fan it ferieningsbestjoer fan de KFFB. Mar dêr bliuwt it net by, want nei 20 jier bestjoerssit fan Minne en goed fjouwer jier fan my wie it wol fertsjinne - tochten de oare bestjoerders - en bied ús beide (en elts mei de frou) in iterijke ta ôfskie oan. En dat soe dan ynkoarten heve.

En hjoed is it dan safier. Dat wy komme jûn byinoar yn Restaurant Liuwherne yn it sintrum fan Ljouwert en hawwe dêr in noflike jûn mei lekker iten en fleurige petearen fan weromsjen en foarútsjen. Wy binne bliid dat wy der jûn allegearre by wêze kinne en dat makket dat de jûn krekt sa noflik ferrint lykas wy dat yn 'e ôfrûne jierren wend binne fan ús bestjoersgearkomsten op tal fan plakken yn Fryslân.

De ôfkoarting fan "KFFB" wurdt ek wol ferklearre mei: "Klim Fleurich Fierder Berch-op". No hawwe wy as bestjoer yn 'e ôfrûne jierren fral fleurich meiinoar oparbeide en ik winksje it hjoeddeistige bestjoer mei de nije bestjoerders dy't yn de kommende tiid taheakje sille ek dat hja op dizze noflike wize noch lang en fier meiinoar fleurich fierder berch-op klimme sille.

It is moai dat noch safolle minsken yn en bûten Fryslân lid binne fan de KFFB, want dêrmei kin de KFFB mei nocht en wille de takomst yn.

zaterdag 13 februari 2010

De Sjamaan fan Ealawier

Zaterdag 13 februari 2010

Ealawier, wat stelt it eins foar: in lichte ferheging yn it lânskip, begroeid mei wat snústerige beammen en dêrnjonken twa pleatsen en trije huzen. In stille en fredige oarde, al spilet der ûnderhûds wol it ien en oar. Wat hat dizze buorskip te krijen mei de driging dy’t út de ûneinige romte op de ierde ôfkomt?
Der komt in frjemdling, in Aziaat, dy’t him yn it boskje op de terp nei wenjen set. Yn in tinte. Op himsels nuveraardich, de terp is gjin camping. Wêrom gedoocht de gemeente dat? De nijkommeling hat amper gedoente mei de buorskip en sit hiele dagen lûdop te bidden. In mystyk persoan mids nofteren klaaifolk.
Past soks wol? Wat moatte de Ealawiersters mei dizze frjemdling? Guon miene dat se de gek mei him hawwe kinne. By oaren leit dat oars: sy komme yn ’e besnijing fan de man en syn smeekbeaen. Mar wat bidt er, en oan wa binne syn beaen rjochte?

As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearje wy dizze moanne febrewaris 2010 de nije roman "De Sjamaan fan Ealawier" fan ús Fryske skriuwer Anders M. Rozendal út Dokkum. It boek hat KFFB-nûmer: 458 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 76-3. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze nije roman keapje foar € 16,00. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 9,00.

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.

Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

zaterdag 23 januari 2010

Tinkskrift 75 Jier Kristlik Fryske Folksbibleteek 1934-1984-2009

Sneon 23 jannewaris 2010

“It kin hast net oars of elkenien dy’t dit Tinkskrift lêst, sil ûnder de yndruk wêze fan de krêft fan de 75-jierrige Kristlike Fryske Folksbibleteek."

Mei dizze wurden begjint Jannewietske de Vries – deputearre fan ’e Provinsje Fryslân – har Foaropwurd yn it op sneon 16 jannewaris 2010 publisearre “Tinkskrift 75 jier Kristlik Fryske Folksbibleteek 1934 – 1984 – 2009” (sjoch ek myn weblogberjocht fan 16 jannewaris 2010).

It Tinkskrift is makke mei help fan in grut tal skriuwers, fotografen en oare meiwurkers en is foarmjûn troch Miranda de Boer fan de printer Banda út It Hearrenfean (sjoch ek myn weblogberjocht fan 7 desimber 2009). Ik soarge foar de tekst- en fotorezjy, de einredaksje is dien troch Dick Eisma en fierders sieten yn ’e redaksje in tal oare bestjoersleden fan ’e KFFB, te witten: Tialda Dijkstra, Jacobus Knol, Corry Rozendal-Boelens en Wim van der Schaaf. De útjefte fan dit Tinkskrift waard mei mooglik makke troch de finansjele stipe fan ’e Wendelaar Bonga Stichting, fan it Anders Minnes Fûns en fan de provinsje Fryslân.

Foar it boek skreau ik artikels oer de 74e Jiergearkomste fan ’e KFFB, in Bestjoersgearkomste-fúljeton, in ferslach oer it ferfarren fan ’e KFFB-boekefoarrie, in stik oer de stipe fan it Mariënburgfûns oan de KFFB en dêrmei ek oan Stenden hegeskoalle en oan har Pabû-studinten, oer myn bydrage oan it oprjochtsjen fan Krúspunt (de nije Stichting foar Fryske Oekumene) en in korte oanset ta in fotopresintaasje fan allerhande âlde en nije foto’s fan KFFB-saken.

Yn it boek komme allegearre leden, lêzers, korrespondinten, skriuwers, in printer, in omslachûntwerper en oaren oan it wurd oer allerhande aspekten fan it wurk en oer de boeken fan ’e KFFB. It feestgedicht “Weromsjoch” fan KFFB-dichter Atze Bosch stiet ek yn it Tinkskrift. De artikels beskriuwe foar it grutste part allinne de ôfrûne 25 jier fan ’e skiednis fan ’e KFFB, omt de earste 50 jier al goed beskreaun binne yn it tinkboek “Slomjende krêften” fan 25 jier lyn. It nije Tinkskrift befettet ek artikels oer debuten, berneboeken, geastlike lektuer, muzykútjeften, dichtbondels, grutletterboeken, harkboeken en jout efteryn it boek in kompleet oersjoch fan alle 456 boeken dy’t de KFFB yn al dy 75 jier útjûn hat, wêrfan fan ’e boeken fan ’e lêste 25 jier ek alle omslaggen ôfbylde binne.

Der binne ek twa bydragen opnommen fan Kate Ashton en Elie Wiesel, bûtenlânske skriuwers, dêr’t de KFFB yn ’e ôfrûne jierren mei gearwurke. Ek de KFFB-boattochten út it ferline en de stipe dy’t de KFFB fan harren dochter-fûnsen krijt foar de publikaasjes wurde yn dit boek beskreaun. Sa jout it Tinkskrift in moai oersjoch fan it wurk en fan ’e boeken fan de KFFB.

It Tinkskrift hat KFFB-nûmer 459 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 77-0. Yn ’e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dit Tinkskrift keapje foar € 9,50. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB mar € 7,50 (dizze prizen binne ynklusyf ferstjoerkosten).

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan ’e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta. En as nij KFFB-lid krije jo dit Tinkskrift der dan ek noch fergees by tastjoerd.

Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op ’e side: http://kffb.nl/nijlid.html

zaterdag 16 januari 2010

Feestlike 75e Jiergearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek

Sneon 16 jannewaris 2010

De leden en oare gasten fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) komme de grutte Panoramaseal op 'e âlfde ferdjipping fan it nije World Trade Center (WTC) fan Ljouwert yn mei de muzykklanken fan it fleurich spyljend instrumintaal duo Oct-Opus. De seal rint gau fol; de 220 gasten kinne krekt yn dizze moaie seal, dy't ús ek in wiids útsjoch oer in wyt, winters Ljouwert jout. Wy binne hjir hjoed mei safolle minsken om meiinoar it jubileumfeest te fieren fan 'e KFFB, ús Fryske Boekeklub, dy't op 29 desimber 2009 al 75 jier bestiet (sjoch ek myn weblogberjocht fan 29 desimber 2009). It wurdt in moaie middei; "in boppeslach", sa seit foarsitter Minne Vis oan 'e ein fan it programma, dat de hiele middei duorre.

Earste gastsprekker is Bert Looper, de direkteur fan Tresoar yn Ljouwert. Looper priizget de KFFB, om't dy yn al dy jierren safolle romans en oare boeken publisearre hat yn 'e Fryske taal. Ek pleitet Looper foar mear gearwurking fan allerhande organisaasjes, dy't wurkje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Foar de rede fan Pieter Duijff is der muzyk fan it duo Grytsje Kingma (gitaar) & Rob du Jardin (fioele). Yn syn moaie feestrede rint Pieter Duijff mei grutte sprongen troch de lange literatuerhistoarje fan 'e KFFB. Hy wiist op de oarspronklike ferieningsdoelen, dêr't it KFFB-bestjoer yn dizze trijefearns ieu sa ticht by bleaun is, praat oer de fette jierren fan in KFFB mei sa'n 12.000 leden en praat oer de posysje fan 'e KFFB yn de hjoeddeistige sitewaasje, in tiid dy't freget om fernijing en meigean mei bygelyks de elektroanyske ynnovaasje. Dan is der wêr muzyk fan Oct-Opus.

Dêrnei rikt foarsitter Vis it earste eksimplaar fan it "Tinkskrift 75 jier KFFB" út oan Jannewietske de Vries, deputearre fan 'e provinsje Fryslân. Us deputearre wiist dêrnei op 'e kultuerwearde fan 'e KFFB, dy't no al safolle jierren alle jierren trije romans en ek noch oare publikaasjes útjout yn ús Fryske taal. It binne oan't en mei 2009 al 456 boeken, dêr't tûzenen leden en oare lêzers safolle lêsnocht fan hiene en noch hawwe. Nei dizze boekútrikking folget muzyk fan it duo Kingma & Du Jardin. Yn it skoft is der in mânske boeketafel mei ûnder oaren KFFB-útjeften tsjin gâns lege jubileumprizen.

Nei it skoft begjinne wy mei muzyk fan Oct-Opus, dy't slút mei in griemmank fan bekende Fryske lieten om ek mei te sjongen. Fansels is it Frysk Folksliet it lêste fan de searje lieten en dat wurdt meiinoar steande songen. Dêrnei folget it jierlikse boekepraatsje fan KFFB-karkommisjelid Wim van der Schaaf. Hy presintearret it útjefteplan foar 2010 en rikt de prizen út oan de winnende skriuwers Lieuwe Pietersen, Einte Prins en Anders M. Rozendal, fan wa't it kommende ferieningsjier nije boeken it ljocht sjen sille. Dit part wurdt ôfsletten mei muzyk fan Grytsje Kingma & Rob du Jardin.

Harren lêste liet is it gedicht "De útstrûper" fan ús KFFB-dichter Atze Bosch; prachtich op har eigen muzyk set troch Grytsje Kingma. En dan komt Atze Bosch nei foaren om twa gedichten en in yn it Frysk oerset Iona-liet foar te dragen; mei ûnder oaren it gedicht "Weromsjoch", dat Bosch yn 2009 skreau by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan 'e KFFB. En dan komt in oare jubilaris. It is ús trouwe KFFB-skriuwer Anders M. Rozendal, dy't fan't jier al syn tsiende roman yn tsien jier útjout by de KFFB. Rozendal lêst syn ferhaal "Hoi man" foar út syn nije KFFB-ferhalebondel "Hupsakee en oare ferhalen". In moai ferhaal en de seal is dan ek sa stil as in mûs.

En dan folget de ôfsluting en kin elts nei it drankje mei in hapke. In soad minsken binne optein oer dizze moaie feestmiddei en genietsje fan de moeting fan al dy minsken hjir, dy't de Fryske folksliteratuer in waarm hert tadrage. Nije wike krije alle leden it fleurige Tinkskrift thússtjoerd, dat dan kin it sjen fan 'e plaatsjes en it lêzen fan allerhanne teksten oer de KFFB en har boeken begjinne. KFFB-boeknûmer 459 is dan ek teplak brocht.

dinsdag 29 december 2009

Hjoed is de 75e jierdei fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek

Tiisdei 29 desimber 2009

In wichtige dei foar de feriening, har leden en it bestjoer fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB). It is nammentlik hjoed de 75e jierdei fan 'e KFFB. Doe't de KFFB oprjochte waard op 29 desimber 1934, wie it ledetal 85 leden. De feriening woeks súntsjesoan fan desimber 1940 mei 553 leden nei 1.000 leden yn desimber 1945. Noch gjin jier letter wie it ledetal yn septimber 1946 al 1.250 en sa sette it troch nei in hichtepunt fan 12.425 leden yn 1965. By gelegenheid fan it 50-jierrich bestean hat de KFFB yn 1984 in mânsk tinkboek útjûn mei de titel "Slomjende krêften".

En no binne wy al wèr 25 jier fierder. Hjoed fiere wy as bestjoer ús 75e jierdei mei in bestjoersgearkomste mei in lyts feestlik rântsje yn Hotel Duhoux yn Wurdum, in lokaasje dêr't wy somtiden ús bestjoersgearkomste hâlde. Yn dizze gearkomste hear ik dat in KFFB-lid út Warnsveld al 74 jier lid is fan 'e KFFB. Hja waard al lid, doe't hja noch mar in famke wie fan 13 jier âld. Wêr hearre jo soks hjoed de dei noch?

Us gearkomste begjint fan 'e middei mei in lyts tal histoaryske anekdoaten. Nammen fan leden, bestjoerders, gearkomsten, tsjerken, dûmnys, boeken, en sels ek ferhalen oer it doetiids noch Nederlânsk-Ynje komme op it aljemint. Dêrnei giet it oer mear aktuele oantekens, ynkommen stikken, jildsaken, in nije bernebibel, mooglik nije KFFB-útjeften, ensafuorthinne.

By sa'n wichtich jubileum heart fansels ek in knap feest. Dêrom wurdt hjoed ûnder oaren in soad praat oer it Tinkskrift dat de KFFB kommende jannewaris 2010 útjaan sil ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean. Wy dogge alle war om de printkladde fan ús Tinkskrift te behoffenjen, en it is no al wol te sjen dat it wier in prachtich tinkboek wurdt oer de lêste 25 fan dy 75 jier (sjoch ek myn weblogberjocht fan 7 desimber 2009).

De feestlike jubileumgearkomste fan 16 jannewaris 2010 yn it nije World Trade Center (WTC) fan Ljouwert (by it FEC, ferhinne de Frieslandhal) is no taret, en wy binne wiis mei in moai feestprogramma foar ús leden en allerhande relaasjes, dy't al útnoege binne en noch útnoege wurde. Tresoar-direkteur Bert Looper en Fryske Akademy-meiwurder Pieter Duijff sille feestredes fersoargje en it earste eksimplaar fan it "Tinkskrift 75 jier KFFB" wurdt oanbean ons Jannewietske de Vries, deputearre fan 'e provinsje Fryslân. Der sil moaie muzyk útfierd wurde troch Grytsje Kingma mei Rob du Jardin en troch it duo Oct-Opus. "

Yn it skoft fan 'e jubileumgearkomste sil der in mânske boeketafel wêze mei boekeferkeap foar tige lege prizen, dat wa't ferlet fan Fryske KFFB-boeken hat of krijt, kin dan mar raak útsykje. Nei it skoft wurde prizen útrikt oan skriuwers dy't oankommend jier in boek by de KFFB útjaan sille en fansels is der ek romte foar pinnefruchten fan ús eigen KFFB-skriuwers. Sa sil skriuwer Anders Rozendal ien fan syn ferhalen foarlêze en sil dichter Atze Bosch it feestgedicht foardrage, dat Bosch makke hat ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan ús Fryske Boekeklub. Wat de oanwêzige leden nei ôfrin krije, bliuwt salang noch in ferrassing.

maandag 7 december 2009

Manuskript Tinkskrift KFFB leit no by Banda yn It Hearrenfean

Moandei 7 desimber 2009

In jier lang hawwe wy as bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) drok dwaande west mei it gearstallen en skriuwen fan in Tinkskrift ta gelegenheid fan it kommende 75-jierrich bestean fan 'e KFFB. Op 29 desimber 2009 is it safier dat de KFFB 75 jier bestiet. It jubileum wurdt fierd yn jannewaris fan 2010.

Hjoed wienen Dick Eisma en ik as bestjoerders fan 'e KFFB by "Drukkerij Banda" yn It Hearrenfean om it manuskript mei alle teksten, foto's en yllustraasjes foar it Tinkskrift by dizze printer te bringen en om mei twa meiwurkers de foarm en ynhâld fan ús feestbondel troch te praten.

De measte meiwurkers wienen doe al nei hûs, dat wy koenen noch moai efkes mei de hear Klunder fan Banda in loop troch it bedriuw meitsje om ris te sjen wêr't ús Tinkskrift yn de kommende dagen foarmjûn en printe wurdt. En no mar wachtsje op it earste printkonsept fan Banda. Wy binne fansels benijd nei dit earste resultaat fan alle wurk dat in grut tal minsken dien hat om in moaie feestbondel foar de KFFB te meitsjen.

woensdag 4 november 2009

Bestjoersgearkomste fan 'e KFFB yn 'e Kuriostsjerke

Woansdei 4 novimber 2009

De bestjoersgearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) is hjoed op ús fêst plak: de Kuriostsjerke fan Ljouwert. Sintraal stiet hjoed de feestlike jiergearkomste, dy't wy hâlde op 16 jannewaris 2009 yn Tresoar te Ljouwert. De KFFB bestiet oan 'e ein fan dit kalinderjier 75 jier, dat wy sille mei ús leden en mei oare befreone relaasjes feestfiere.

Nei alderhanne ynkommen stikken en meidielings besprekke wy alle teksten, foto's en oare yllustraasjes, dy't yn it "Tinkskrift 75 jier KFFB" opnaam wurde. Fansels moat it hjoeddeistich bestjoer ek gaadlik op 'e foto yn dit Tinkskrift, dat wy hawwe hjoed fotograaf Schaaf fan fotoburo "het Hoge Noorden" noege om in tal fotoportretten fan ús te meitsjes. Bûten it tsjerkegebou en yn 'e tsjerkeseal wurde in tal groepsfoto's en bestjoerdersfotoportretten makke. Sa kinne wy foar ûnder oaren it Tinkskrift in skoft fierder mei resinte foto's fan ús bestjoerders.

Wy prate ôf dat de saaklike gearkomste kommend jier net - lykas oars - op 'e dei fan 'e feestlike jiergearkomste hâlden wurdt, mar dat wy it statutêre part fan de jiergearkomste in moanne letter hâlde. Wy sykje foar de kommende jierren in nije foarsitter, dat wy komme hjoed ta in kandidaatstelling foar de nije foarsitter, dy't de ôfgeande foarsitter Minne Vis opfolgje sil, fan febrewaris 2010 ôf.

Dan meitsje wy it detaillearre draaiboek foar de feestlike gearkomste klear. It wurdt in gaadlik programma mei Fryske pommeranten, mei boekepromoasje en boekeferkeap, mei in ferskaat oan proaza & poëzy en mei twa soarten Frysk-eigen muzyk, dat wy tinke dat wy dizze kear folle mear minsken yn 'e gearkomste hawwe as de foargeande jierren, en no hiene wy de ôfrûne jierren oer it tal leden dat kaam, perfoarst net te kleien. Noch twa bestjoersgearkomsten en dan is it safier: feest!

zaterdag 24 oktober 2009

Hupsakee en oare ferhalen

Sneon 24 oktober 2009

“Yn in foarich libben haw ik grif seeman west“, sei omke.
Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat.
En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen..."

Mei it fleurige ferhaal 'Farre' begjint dizze ferhalebondel, dêr't alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wivelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr't men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Guon fan 'e 60 ferhalen binne mankelyk, oare spannend of mystyk. Mar humor spilet de boppetoan en faak sille jo glimkje om de nuveraardichheden dy't jo yn dit boek meibelibje.

De ferhalen binnen skreaun troch Anders M. Rozendal. In grut part fan dizze 60 ferhalen binnen yn ’e rin fan ’e jierren yn ’e Sneinspetiele fan it Friesch Dagblad publisearre. Ferhalen mei titels lykas: Spoekegat, De registers iepen, Snobkont, Simmerjûn, Foar master opslaan en as útsetter it 60e ferhaal: Neisit.

As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearren wy yn it jubileumjier 2009 de nije ferhalebondel " Hupsakee en oare ferhalen” fan ús Fryske skriuwer Anders M. Rozendal út Dokkum. It boek hat KFFB-nûmer: 455 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 73-2. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze ferhalebondel keapje foar € 19,50. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 16,00.

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.

Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

woensdag 7 oktober 2009

KFFB-bestjoersgearkomste yn 'e Kuriostsjerke fan Ljouwert

Woansdei 7 oktober 2009

De bestjoersgearkomste fan 'e KFFB is hjoed ek wer yn 'e Ljouwerter Kuriostsjerke. Wy beprate in ferskaat oan stikken dy't ynkaam binne, lykas in útnoeging, manuskripten, útstellen, offertes en in brief fan in lid dy't him oanbiedt om ris wurk foar de KFFB te dwaan as it sa ris útkomt. Wy kinne ek nochris in stap fierder sette om yn 2010 faaks te kommen ta in nije Fryske bernebibel.

It grutste part fan 'e gearkomste prate wy oer it kommende jubileum fan 75 jier KFFB. De wichtichste besprekpunten binne de foarm en de ynhâld fan it "Tinkskrift 75 jier KFFB", dêr't wy ús mei dwaande hâlde èn fansels it programma fan en alle oare tariedings foar de Jubileumfiering, dy't wy hâlde sille op 16 jannewaris 2010 yn Tresoar.

Fierders komme noch in tal oare wichtige saken op it aljemint, lykas it hjoeddeistige funksjonearjen fan ús bestjoer en organisaasje, it mooglik takomstich fernijingsbelied fan 'e KFFB, de propaganda fan 'e KFFB foar nije leden en de kommende bestjoersferkiezing fan jannewaris 2010.