zaterdag 12 januari 2013

Neilêzing



Sneon 12 jannewaris 2013
De dichtbondel 'Neilêzing' van Atze Bosch

Earste dichtbondel
In ‘letbloeier’, sa wurdt de dichter-skriuwer Atze Bosch (1927-2011) neamd op ’e efterflap fan syn twadde dichtbondel. Syn earste dichtbondel ‘Alles op syn tiid ferskynde by de KFFB yn jannewaris 2009, doe’t Bosch al oer de tachtich jier wie. In wiere letbloeier. As bestjoer fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek hawwe wy Atze yn de KFFB-jiergearkomste fanjannewaris 2009 it earste eksimplaar útrikt fan syn moaie earste dichtbondel. Dat wie in fertsjinne kroan op alle fersen, dy’t er skreaun hie.

Twadde dichtbondel
Mar Atze Bosch hie folle mear poëzy skreaun. Dat doe’t twa jier letter - ein 2011 - syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. In nije, twadde dichtbondel waard nei Bosch syn ferstjerren gearstald troch in kommisje, besteande út syn omkesizzer Janke Feenstra-Bosch, skriuwster-sjongeres Grytsje Kingma-Zantema en dr. Bernard Smilde (sweager fan Atze).
Yn novimber 2012 wie syn twadde bondel ferzen klear en op 16 novimber 2012 wie ik der by yn Tresoar yn Ljouwert, doe’t postúm de twadde dichtbondel fan Bosch by de KFFB ferskynde. Dy bondel krige as titel: ‘Neilêzing’, as ferwizing nei it weardefolle, dat op it lân noch efterbliuwt, nei de rispinge. Op it omslach stiet in bypassende foto fan frou J.Y. Sijens-Wassenaar.

Neilêzing
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk, en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom. Wa’t syn pinnefruchten lêst, sil soks wis ûnderfine.
De 66 gedichten yn dizze nije dichtbondel fan de KFFB binne printe yn de folgjende acht tema’s:
  1. Fryslân en it Frysk, mei bygelyks it moaie gedicht oer ‘De emigrant’ en oer ‘De Bonkefeart’.
  2. Leafde en lok; mei ‘Ljochtmoannenacht’ mei linige fersrigels lykas: ‘Tusken beamkeguod en reiden, op ‘e grins fan heide en fean, by de bosk-omseame greiden sjochst in boerespultsje stean’;
  3. Boerelân en boerelibben; mei in hjerstich tredde koeplet yn it ‘Jister-Trijelûk’;
  4. Jier en dei; lês dêr yn ‘Ofskie fan ‘e dei’ oer ‘in berntsje, skjin tenein troch mem yn ’t smûke bedsje lein,’;
  5. Bisten en blommen; mei ‘Snie’, dat alles wisket ûnder in wintersk bewâld, foar in bern in toverwrâld;
  6. Lieten út oratoaria, lykas: Ruth, Mozes en ‘It ljocht fan ‘e wrâld’;
  7. Om Krysttiid hinne; fan, oer en tusken ‘Krêbe en krús’;
  8. Oare geastlike teksten, mei de oersetting ‘De minsken fan foarby’, hja binn’yn it ljocht, binn’frij.
By josels begjinne
As bestjoerder fan de KFFB haw ik Atze Bosch yn de ôfrûne jierren kennen leard as in freonlik en beskieden man. Syn moaie gedicht ‘Net in oar’ stiet ek yn dizze nije bondel. It is in gedicht dat dy beskieden Atze Bosch as Neilêzing fan syn skriuwsels oan ús oerlanget as wy eltse nije dei begjinne; thús, op it wurk, yn tsjerke, op it sportfjild en op strjitte. Tink dan nochris oan en libje dizze wurden fan Atze Bosch:

Net in oar

Jei dei oan dei de frede nei;
dêr moatte wy nei stribje,
dat jong en âld op hiel de wrâld yn frede en leafde libje.

Mar dy’t soks wol, ferwachtingsfol,
moat net in oar oerwinne,
mar earst teset oer eigen hert en by himsels begjinne.
 

Geen opmerkingen: