zaterdag 19 januari 2013

KFFB-Jiergearkomste 2012

Sneon 19 jannewaris 2013 
Blommen foar skriuwers Rommert Tjeerdsma en Anders M. Rozendal















Iepenje mei fertriet
De Jiergearkomste 2013 fan de KFFB wurdt hjoed hâlden yn de Kuriostsjerke te Ljouwert. Op it momint dat de seal om 14.00 oere hast fol sit, hjit KFFB-foarsitter Johannes Bakker alle KFFB-leden yn de seal wolkom. Bakker iepenet dizze gearkomste mei de earste fersen fan Psalm 37, om't dat de fersen binne dy't ôfrûne woansdei ek lêzen binne yn de routsjinst foar Jurjen Faber fan Wikel, de beëage nije bestjoerder foar de KFFB, dy't ferline wike sa hommels ferstoarn is, noch mar 58 jier âld. "Wês stil foar de Heare", lêst de foarsitter, en nei dizze skriftlêzing betinke wy Jurjen Faber yn in momint fan stilwêzen.

Jierferslach 2012 fan de skriuwer
KFFB-skriuwer Corry Rozendal lêst foar ús it Jierferslach fan de KFFB oer it ôfrûne jier. Rozendal sjocht benammen werom op de útjeften fan 2012 en fertelt oer de promoasje-aksje fan it bestjoer om de nije Fryske bernebibel fan de KFFB rûnom te ferkeapjen. Ek de boekeferkeap op 'e Drachtster Boekemerke wurdt troch Corry neamd.
Oanslutend sjongt Grytsje Kingma trije moaie lieten út de KFFB-dichtbondels fan Atze Bosch:
  1. Wetterdripke op reis; út 'Alles op syn tiid'; oer de reis út de bergen nei de see;
  2. De Seedyk; út 'Neilêzing'; oer de daam as trouwe wachter sa geef om Fryslân hinne;
  3. De útstrûper; ek út 'Alles op syn tiid'; prachtich byldzjend songen, by't libben sei Atze Bosch ris tsjin Grytsje Kingma: "Do hast it michje fleanen leard".
Jierferslach 2012 fan de ponghâlder
KFFB-ponghâlder Corry Rozendal lêst foar ús it Finansjeel Jierferslach fan de KFFB oer it ôfrûne jier. Sy jout in taljochting op de Eskploitaasjerekken 2012, dy't sluten is mei in posityf saldo. Ek mei it fermogen op de Balâns op 1 jannewaris 2013 is fan de min nei de plus gien.
KFFB-foarsitter Johannes Bakker slút dit finansjeel part fan de gearkomste ôf mei de wurden: "Wy binne moai droech oer de feart kommen".

Utjefteplan 2013 fan de karkommisje
KFFB-bestjoerder en lid fan de KFFB-karkommisje Pytsje de Graaf presentearret it Utjefteplan fan de nije KFFB-boeken fan 2013:
  • Yn febrewaris it nije boek van Rommert Tjeerdsma: 'Om Doutzen', oer de opkomst fan de NSB, oer goed en ferkeard, en mei in leafdesferhaal;
  • Yn maaie it nije boek fan Anders Minnes Rozendal: 'De smaak fan alsem'; oer troch it libben skarreljende jonge minsken, dy't in died stelle wolle.
Oer it septimberboek kin noch neat sein wurde, maar wol wurdt neamd dat is soarchlik is dat der sa'n bytsje manuskripten yntsjinne wurde tsjintwurdich. It bestjoer ropt eltsenien op om in goed manuskript yn te bringen.
De KFFB-skriuwers Tjeerdsma en Rozendal komme nei de bestjoerstafel om mei in lokwinsk en blommen fan KFFB-bestjoerder Dussy Ybema yn it sintsje set te wurden. Ien fan de priiswinners, Rommert Tjeerdsma, sprekt nei ôfrin koart oer syn nije boek.

Grytsje Kingma sjongt 
Foar it skoft sjongt Grytsje Kingma trije lieten fan Atze Bosch:
  1. Leafde is it reitsjen; út 'Wylde Goes'; oer: God is dêr't leafde is, want leafde is fan God;
  2. Al sil gjin nôt mear rypje op 'e bou; út 'Neilêzing'; in oersetting fan 'Wanneer de vijgeboom niet bloeien zou';
  3. Ofskie fan 'e dei; út 'Neilêzing. 
Yn it skoft is der kofje en tee en kinne boeken en CD's kocht wurde fan de KFFB en fan Grytsje Kingma.
Nei it skoft sjongt Grytsje Kingma noch trije lieten fan Atze Bosch:
  1. H twa O; út 'Alles op syn tiid', oer buorman-gemikus Germ dy't fan 'e frou mei it H2O foar de dokter komme moat;
  2. Yn 'e skurte fan mem; út 'Wylde goes'; mei: 'Wêrst ek hinnegiest sil ik dy moetsje, oant de dea dy berint en dyn libben nij begjint'.
  3. De frede fan 'e greiden; út 'Wylde goes'; wy sjonge inoar ta beslút ta: "Djippe frede mei komme oer dy, mei Gods leafde no groeie yn dy".
Nei it omfreegjen slút foarsitter Bakker dizze noflike en literêr-muzikale jiergearkomste.

Geen opmerkingen: