Posts tonen met het label Rozendal. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Rozendal. Alle posts tonen

zaterdag 19 januari 2013

KFFB-Jiergearkomste 2012

Sneon 19 jannewaris 2013 
Blommen foar skriuwers Rommert Tjeerdsma en Anders M. Rozendal















Iepenje mei fertriet
De Jiergearkomste 2013 fan de KFFB wurdt hjoed hâlden yn de Kuriostsjerke te Ljouwert. Op it momint dat de seal om 14.00 oere hast fol sit, hjit KFFB-foarsitter Johannes Bakker alle KFFB-leden yn de seal wolkom. Bakker iepenet dizze gearkomste mei de earste fersen fan Psalm 37, om't dat de fersen binne dy't ôfrûne woansdei ek lêzen binne yn de routsjinst foar Jurjen Faber fan Wikel, de beëage nije bestjoerder foar de KFFB, dy't ferline wike sa hommels ferstoarn is, noch mar 58 jier âld. "Wês stil foar de Heare", lêst de foarsitter, en nei dizze skriftlêzing betinke wy Jurjen Faber yn in momint fan stilwêzen.

Jierferslach 2012 fan de skriuwer
KFFB-skriuwer Corry Rozendal lêst foar ús it Jierferslach fan de KFFB oer it ôfrûne jier. Rozendal sjocht benammen werom op de útjeften fan 2012 en fertelt oer de promoasje-aksje fan it bestjoer om de nije Fryske bernebibel fan de KFFB rûnom te ferkeapjen. Ek de boekeferkeap op 'e Drachtster Boekemerke wurdt troch Corry neamd.
Oanslutend sjongt Grytsje Kingma trije moaie lieten út de KFFB-dichtbondels fan Atze Bosch:
  1. Wetterdripke op reis; út 'Alles op syn tiid'; oer de reis út de bergen nei de see;
  2. De Seedyk; út 'Neilêzing'; oer de daam as trouwe wachter sa geef om Fryslân hinne;
  3. De útstrûper; ek út 'Alles op syn tiid'; prachtich byldzjend songen, by't libben sei Atze Bosch ris tsjin Grytsje Kingma: "Do hast it michje fleanen leard".
Jierferslach 2012 fan de ponghâlder
KFFB-ponghâlder Corry Rozendal lêst foar ús it Finansjeel Jierferslach fan de KFFB oer it ôfrûne jier. Sy jout in taljochting op de Eskploitaasjerekken 2012, dy't sluten is mei in posityf saldo. Ek mei it fermogen op de Balâns op 1 jannewaris 2013 is fan de min nei de plus gien.
KFFB-foarsitter Johannes Bakker slút dit finansjeel part fan de gearkomste ôf mei de wurden: "Wy binne moai droech oer de feart kommen".

Utjefteplan 2013 fan de karkommisje
KFFB-bestjoerder en lid fan de KFFB-karkommisje Pytsje de Graaf presentearret it Utjefteplan fan de nije KFFB-boeken fan 2013:
  • Yn febrewaris it nije boek van Rommert Tjeerdsma: 'Om Doutzen', oer de opkomst fan de NSB, oer goed en ferkeard, en mei in leafdesferhaal;
  • Yn maaie it nije boek fan Anders Minnes Rozendal: 'De smaak fan alsem'; oer troch it libben skarreljende jonge minsken, dy't in died stelle wolle.
Oer it septimberboek kin noch neat sein wurde, maar wol wurdt neamd dat is soarchlik is dat der sa'n bytsje manuskripten yntsjinne wurde tsjintwurdich. It bestjoer ropt eltsenien op om in goed manuskript yn te bringen.
De KFFB-skriuwers Tjeerdsma en Rozendal komme nei de bestjoerstafel om mei in lokwinsk en blommen fan KFFB-bestjoerder Dussy Ybema yn it sintsje set te wurden. Ien fan de priiswinners, Rommert Tjeerdsma, sprekt nei ôfrin koart oer syn nije boek.

Grytsje Kingma sjongt 
Foar it skoft sjongt Grytsje Kingma trije lieten fan Atze Bosch:
  1. Leafde is it reitsjen; út 'Wylde Goes'; oer: God is dêr't leafde is, want leafde is fan God;
  2. Al sil gjin nôt mear rypje op 'e bou; út 'Neilêzing'; in oersetting fan 'Wanneer de vijgeboom niet bloeien zou';
  3. Ofskie fan 'e dei; út 'Neilêzing. 
Yn it skoft is der kofje en tee en kinne boeken en CD's kocht wurde fan de KFFB en fan Grytsje Kingma.
Nei it skoft sjongt Grytsje Kingma noch trije lieten fan Atze Bosch:
  1. H twa O; út 'Alles op syn tiid', oer buorman-gemikus Germ dy't fan 'e frou mei it H2O foar de dokter komme moat;
  2. Yn 'e skurte fan mem; út 'Wylde goes'; mei: 'Wêrst ek hinnegiest sil ik dy moetsje, oant de dea dy berint en dyn libben nij begjint'.
  3. De frede fan 'e greiden; út 'Wylde goes'; wy sjonge inoar ta beslút ta: "Djippe frede mei komme oer dy, mei Gods leafde no groeie yn dy".
Nei it omfreegjen slút foarsitter Bakker dizze noflike en literêr-muzikale jiergearkomste.

zaterdag 4 februari 2012

Jiergearkomste 2012 fan de KFFB


Sneon 4 febrewaris 2012
KFFB-foarsitter Bakker mei ôfgeand bestjoerder Jacobus Knol















Iepening en betinking
Meastentiids is de Jiergearkomste fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Mar no’t juster bliken die dat de kachellieding fan dy tsjerke stikken is, hawwe wy de jierlikse gearkomste fan ús Fryske boekeklub yn De Schakel yn it Ljouwerter Camminghabuorren. Foarsitter Johannes Bakker iepenet de gearkomste mei in bibellêzing. Noch foar mei gebed iepene wurdt, betinke wy twa leden fan de KFFB dy’t koartlyn yn desimber 2012, ferstoarn binne en dy’t by’t libben in soad foar de KFFB dien hawwe. Wy betinke Atze Bosch en Dick Eisma. Atze Bosch hat oerset en skreaun foar de KFFB en Dick Eisma - dy’t  ferline jier noch ta earelid beneamd is – hat as bestjoerder (skriuwer en ponghâlder) en als lid fan ‘e Karkommisje in soad wurk ferset; ek bûten de KFFB, foar bygelyks de Afûk. Yn ús fermidden misse wy dy beide KFFB-freonen tige.

Jierferslach skriuwer
It saaklike diel fan de gearkomste wurdt iepene mei it foarlêzen fan it Jierferslach 2011 fan en troch Corry Rozendal-Boelens, sûnt it ôfskie fan Dick Eisma net allinnich ponghâlder, mar ek skriuwer fan it KFFB-bestjoer. Hja docht ferslach oer de 7 bestjoersgearkomsten, oer de nije KFFB-boeken fan 2011, oer de Drachtster Boekemerk, oer de 6.000 KFFB-boekútlienings fan iepenbiere bibleteken, oer de 42 KFFB-boeken dy’t yn 2011 yn Dongeradiel op’e sweef gienen en oer de twa nije bestjoersleden dy’t ree binne om it KFFB-bestjoer fuort te sterkjen. In dúdlik en koart ferslach fan in soad wurk dat KFFB-bestjoerders yn 2011 ferset hawwe. Mei applaus fan de tsientallen leden yn de seal wurdt it bestjoersferslach fan Corry oannommen.

De gitaar by it Boek
Dan harkje wy nei muzyk fan it duo Arjo Osinga (gitaar) & Dries Dalstra (akkordeon), dy’t tusken de saaklike bedriuwen troch in tal lieten sjonge út de nije KFFB-werútjefte ‘De gitaar by it boek’, mei lieten fan Fedde Schurer. Hja sjonge ‘Paradys’ en ‘In spyltúch bin ik yn Gods hân’. Harren sang en muzyk wurdt tige wurdearre.

Jierferslach ponghâlder
Nochris is Corry Rozendal-Boelens oan’t wurd, mei it finansjeel ferslach fan 2011, diskear as ponghâlder fan de KFFB. It ledetal giet mei in hûndert it jier achterút en ús feriening hat noch hast 1400 leden. Mei it ferieningsfermogen binne wy yn 2011 ek achterútgien, mar dan moatte jo ek betinke dat der sûnt koart in prachtige nije bernebibel op de ferkeapplanke leit, dêr’t in soad jild yn ynvestearre is en dy’t de ankommende jierren dizze fermogensdaling hooplik noch finansjeel positiver fuortsette sil. De tiid sil it leare, mar as in soad Fryske húshâldings de moaie KFFB-bernebibel ‘It Heechste Wurd’ keapje sille, komt dat wol goed, tinkt my. De Kaskommisje hat de boekhâlding fan 2011 goedkard en de leden dogge dat ek graach en mei applaus foar Corry als ponghâlder èn foar ús bestjoer.

Utjefteplan 2012
KFFB-bestjoerder Jacobus Knol fertelt as lid fan de Karkommisje dat dy kommisje yn 2011 sân manuskripten beoardield hat. Fan fjouwer âlde manuskripten binne yn twadde lêzing twa oannommen en fan de trije nije manuskripten is ien oannommen, kin ien noch oanpast wurde en is ien ôfkard. Sa kin de KFFB ek yn dit útjeftejier lykas alle jierren wer trije nije romans útjaan. It earste boek wurdt hjoed útjûn en ek feestlik útrikt oan de KFFB-skriuwster Tineke de Jager. Har nije boek ‘De Bosklju’ giet oer de Labadisten fan Waltastate yn Wiuwert. Yn maaie fan dit jier komt in nije misdiedroman ‘De ûntfiering’ út fan skriuwer Lieuwe Pietersen en yn septimber fan 2012 komt de nije roman fan Corry Boelens út, dy’t hannelet oer draachmemmeskip. Alle trije KFFB-romanskriuwers wurde lokwinske mei in knap bosk blommen. En wy binne allegearre bliid mei wer trije nije KFFB-romans dy’t fan’t jier mei niget lêzen wurde sille. Mei dizze trije fêste KFFB-skriuwers sil dat grif goed komme, tinkt my.

Muzyk en Skoft
Foar en nei it skoft sjongt it duo Osinga & Dalstra wer fjouwer lieten: foar it skoft it gefoelige lied ‘Ruth’ en it fleurige ‘David dûnset’ en nei it skoft it gebed ‘Us Heit’ en ‘Garje dy gjin skatten’, mei bygelyks de wurden:
It each, dêrst alles mei besjochste,
is’t lampljocht fan dyn minsklikheid,
It makket út watst tinkst of dochste,
en wat dyn mûle oer it libben seit.
Is dizze lampe skjin en klear,
dan ljochtet hja oer ’t hiele hear.
Mar as it ljocht fertsjustere is,
hoe grut is dan de tsjusternis?
Yn it skoft wurde ek de KFFB-útjeften fan de boeketafel knap ferkocht.

Bestjoersferkiezing
Nei it skoft folget ek de statutêre bestjoersferkiezing. Ofgeand en net werkiesber is Jacobus Knol, dy’t yn de 24 jier fan syn bestjoerssit, en fan syn wurk as lid fan de Karkommisje, en fan syn oersetwurk en fan syn romanskriuwen èn as opmakker fan alle KFFB-boeken in net te beskriuwen grutte bult wurk ferset hat. Foar alles wat Koos dien hat foar de Fryske boekeklub binne net genôch wurden te finen, en hy wurdt mei eare betanke foar syn protte en syn goede wurk foar syn en ús Kristlik Fryske Folks Bibleteek.
Nij ferkiesber as KFFB-bestjoerder binne de twa nijste leden fan de Karkommisje: Pytsje de Graaf (ek wethâlder fan Dongeradiel) en Dussy Ybema (ek dosint Frysk fan de kristlike Pabû fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert). By akklamaasje-applaus wurde hja beneamd as nije KFFB-bestjoerders.

Omfreegjen en sluting
Yn it omfreegje wurdt noch frege nei it foar de KFFB nije boekebarren fan ‘KFFB-Boek op ‘e Sweef’, ek wol bekend as ‘Book Crossing’; boeken dy’t fan in iepenbiere romte fia ûnferwachte lêzers nei in oare iepenbiere romte sweve en dan ek fia it ynternet te folgjen binne. De KFFB-boeken binne op ‘e sweef gien út it gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum wei. Dat, as jo earne op ‘e wrâld yn iepenbiere romtes Fryske boeken sjogge, wit dan dat it faaks swevende KFFB-boeken binne.
Foarsitter Bakker slút de jiergearkomste en de leden prate noch noflik nei, keapje noch in boek by de boeketafel en gean troch in sniewyt lânskip wêr nei hûs.

Lêze en ride
Bûtenút sjogge jo rûnom yn it Fryske lânskip reedriders, mei lange streken en noflik op ‘e sinne oer it glêde iis fan kanalen, fearten, sleatten en marren. Fryslân, ús wetterlân fan thús Frysk lêze en fan fuort bûtenút reedride as it kin.

zaterdag 12 februari 2011

Ofskie fan trije KFFB-bestjoerders

Sneon 12 febrewaris 2011

De Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) hâldt middeis har Ledegearkomste yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Ferline jier jannewaris betochten wy it 75-jierrich bestean fan ús Fryske Boekeklub en no binne wy al wer in jier fierder yn de tiid. 'Klim Fleurich Fierder Berch-op', seit it logo fan de KFFB, mar hoe fleurich klimt de KFFB tsjintwurdich eins de berch op? Dêr giet hjoed benammen it praat oer yn dizze jierlikse gearkomste.

De gearkomste wurdt iepene troch Wim van der Schaaf, foarsitter foar in jier fan de KFFB. "Minsken begjinne minder boeken te lêzen", seit Wim. Minsken sykje en fine de rêst net mear om in boek te lêzen. Mobyltsjes en kompjûter mei ynternet nimme it plak yn fan in goed boek, fral by de jongerein. Sa ferspilet it boek syn plak yn ús wrâld. It giet poermin mei it Fryske boek. "De KFFB hat in moai ferline en hat ek in rike tradysje", seit Van der Schaaf. Hoe moat it fierder mei it Fryske boek? Mei 'printing-on-demand' of mei 'e-books'?

Nei de meidielings folget fan skiedend KFFB-skriuwer Dick Eisma syn lêste jierferslach: fan ús feriening oer it jier 2010. It wie foar de KFFB wer in jier mei in soad moaie útjeften, lykas it jubileum-Tinkskrift, romans fan Anders M. Rozendal, Lieuwe Pietersen en Einte Prins, nije Doopkaarten, in werútjefte fan it bibels deiboek fan Doede Wiersma, in bysûndere dichtbondel fan Anny de Jong en in bondel mei koarte meditaasjes fan Tytsje Hibma. As âld-bestjoerslid fan de KFFB wit ik hoefolle wurk KFFB-bestjoerders fersette om in útjefte mooglik te meitsjen, dat safolle moaie publikaasjes yn ien jier is in knap stik wurk fan dit bestjoer. In weardefolle rige publikaasjes hat de KFFB wer taheakke oan it rike fûns fan Fryske literatuer en kultuer.

Skathâlder Corry Rozendal-Boelens besprekt it finansjeel jierferslach en it ferslach fan de kaskommisje. Dan folget de besjoersferkiezing. Ferkiesber en beneamd wurde ús nije foarsitter Johannes Bakker fan Menaam en skathâlder-skriuwer Corry Rozendal-Boelens fan Dokkum. Ofgeand en net werkiesber binne foarsitter Wim van der Schaaf, bysitter Tialda Dijkstra en skriuwer Dick Eisma. Wim van der Schaaf sprekt wurdearjende wurden út ta ôfskie fan Tialda en Dick. Yn it ôfskiepraatsje foar Dick Eisma seit Wim dat Dick mei syn lange bestjoerssit sûnt 1982 en fanwegen de grutte betsjutting fan al it wurk fan Dick foar de KFFB eins it gesicht wurden is fan de KFFB. It bestjoer beneamt Dick Eisma yn dizze gearkomste ta 'Earelid fan de KFFB'. Mei rjocht folget in steande ovaasje fan de leden yn de seal foar Dick. In mânske oarkonde kriget Dick Eisma fan it bestjoer as oantinken oan dit wichtich en seldsum bestjoersbeslút.

Nei it skoft wurde troch de nije foarsitter ek wurdearjende wurden útsprutsen foar alle wurk dat Wim van der Schaaf ferset hat foar de KFFB, benammen ek syn wichtige wurk as lid fan de Karkommisje, earst foar berneboeken, letter foar - sa't yn it ferline wol sein waard - 'de echte boeken'. De trije skiedende bestjoersleden wurde ek yn 'e blommen set.

Dan folget it jierlikse 'Boekepraatsje & Utjefteplan'; noch ien kear útsprutsen troch Wim van der Schaaf, op in wize dy't wy fan Wim wend binne: mei earnst en humor. Wim kundiget de nije útjeften fan 2011 oan. It binne trije oersettings: kwatrinen, in roman en in bernebibel. Der komme ek twa nije romans. Ien fan Hedzer T. Hooijenga en ien fan Anders M. Rozendal. Beide fêste KFFB-skriuwers en beide - by tafal - oer it aktuele tema 'bernelokkerij'.

Ta beslút folgje dan noch it omfreegjen en it sluten fan de jiergearkomste. De KFFB klimt ankom jier wer fleurich fierder berch-op. It bestjoer ropt de leden mei in nije ledewinaksje op om der mei yn te foarsjen dat it ledetal fan de KFFB wer boppe de 1.500 leden komt. Nei de sluting geane de leden noch by de boeketafel del om dêrta allegearre promoasjemateriaal mei te nimmen om dat út te rikken oan kandidaat-leden foar ús feriening 'Kristlik Fryske Folksbibleteek'.

zaterdag 13 februari 2010

De Sjamaan fan Ealawier

Zaterdag 13 februari 2010

Ealawier, wat stelt it eins foar: in lichte ferheging yn it lânskip, begroeid mei wat snústerige beammen en dêrnjonken twa pleatsen en trije huzen. In stille en fredige oarde, al spilet der ûnderhûds wol it ien en oar. Wat hat dizze buorskip te krijen mei de driging dy’t út de ûneinige romte op de ierde ôfkomt?
Der komt in frjemdling, in Aziaat, dy’t him yn it boskje op de terp nei wenjen set. Yn in tinte. Op himsels nuveraardich, de terp is gjin camping. Wêrom gedoocht de gemeente dat? De nijkommeling hat amper gedoente mei de buorskip en sit hiele dagen lûdop te bidden. In mystyk persoan mids nofteren klaaifolk.
Past soks wol? Wat moatte de Ealawiersters mei dizze frjemdling? Guon miene dat se de gek mei him hawwe kinne. By oaren leit dat oars: sy komme yn ’e besnijing fan de man en syn smeekbeaen. Mar wat bidt er, en oan wa binne syn beaen rjochte?

As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearje wy dizze moanne febrewaris 2010 de nije roman "De Sjamaan fan Ealawier" fan ús Fryske skriuwer Anders M. Rozendal út Dokkum. It boek hat KFFB-nûmer: 458 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 76-3. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze nije roman keapje foar € 16,00. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 9,00.

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.

Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

zaterdag 16 januari 2010

Feestlike 75e Jiergearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek

Sneon 16 jannewaris 2010

De leden en oare gasten fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) komme de grutte Panoramaseal op 'e âlfde ferdjipping fan it nije World Trade Center (WTC) fan Ljouwert yn mei de muzykklanken fan it fleurich spyljend instrumintaal duo Oct-Opus. De seal rint gau fol; de 220 gasten kinne krekt yn dizze moaie seal, dy't ús ek in wiids útsjoch oer in wyt, winters Ljouwert jout. Wy binne hjir hjoed mei safolle minsken om meiinoar it jubileumfeest te fieren fan 'e KFFB, ús Fryske Boekeklub, dy't op 29 desimber 2009 al 75 jier bestiet (sjoch ek myn weblogberjocht fan 29 desimber 2009). It wurdt in moaie middei; "in boppeslach", sa seit foarsitter Minne Vis oan 'e ein fan it programma, dat de hiele middei duorre.

Earste gastsprekker is Bert Looper, de direkteur fan Tresoar yn Ljouwert. Looper priizget de KFFB, om't dy yn al dy jierren safolle romans en oare boeken publisearre hat yn 'e Fryske taal. Ek pleitet Looper foar mear gearwurking fan allerhande organisaasjes, dy't wurkje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Foar de rede fan Pieter Duijff is der muzyk fan it duo Grytsje Kingma (gitaar) & Rob du Jardin (fioele). Yn syn moaie feestrede rint Pieter Duijff mei grutte sprongen troch de lange literatuerhistoarje fan 'e KFFB. Hy wiist op de oarspronklike ferieningsdoelen, dêr't it KFFB-bestjoer yn dizze trijefearns ieu sa ticht by bleaun is, praat oer de fette jierren fan in KFFB mei sa'n 12.000 leden en praat oer de posysje fan 'e KFFB yn de hjoeddeistige sitewaasje, in tiid dy't freget om fernijing en meigean mei bygelyks de elektroanyske ynnovaasje. Dan is der wêr muzyk fan Oct-Opus.

Dêrnei rikt foarsitter Vis it earste eksimplaar fan it "Tinkskrift 75 jier KFFB" út oan Jannewietske de Vries, deputearre fan 'e provinsje Fryslân. Us deputearre wiist dêrnei op 'e kultuerwearde fan 'e KFFB, dy't no al safolle jierren alle jierren trije romans en ek noch oare publikaasjes útjout yn ús Fryske taal. It binne oan't en mei 2009 al 456 boeken, dêr't tûzenen leden en oare lêzers safolle lêsnocht fan hiene en noch hawwe. Nei dizze boekútrikking folget muzyk fan it duo Kingma & Du Jardin. Yn it skoft is der in mânske boeketafel mei ûnder oaren KFFB-útjeften tsjin gâns lege jubileumprizen.

Nei it skoft begjinne wy mei muzyk fan Oct-Opus, dy't slút mei in griemmank fan bekende Fryske lieten om ek mei te sjongen. Fansels is it Frysk Folksliet it lêste fan de searje lieten en dat wurdt meiinoar steande songen. Dêrnei folget it jierlikse boekepraatsje fan KFFB-karkommisjelid Wim van der Schaaf. Hy presintearret it útjefteplan foar 2010 en rikt de prizen út oan de winnende skriuwers Lieuwe Pietersen, Einte Prins en Anders M. Rozendal, fan wa't it kommende ferieningsjier nije boeken it ljocht sjen sille. Dit part wurdt ôfsletten mei muzyk fan Grytsje Kingma & Rob du Jardin.

Harren lêste liet is it gedicht "De útstrûper" fan ús KFFB-dichter Atze Bosch; prachtich op har eigen muzyk set troch Grytsje Kingma. En dan komt Atze Bosch nei foaren om twa gedichten en in yn it Frysk oerset Iona-liet foar te dragen; mei ûnder oaren it gedicht "Weromsjoch", dat Bosch yn 2009 skreau by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan 'e KFFB. En dan komt in oare jubilaris. It is ús trouwe KFFB-skriuwer Anders M. Rozendal, dy't fan't jier al syn tsiende roman yn tsien jier útjout by de KFFB. Rozendal lêst syn ferhaal "Hoi man" foar út syn nije KFFB-ferhalebondel "Hupsakee en oare ferhalen". In moai ferhaal en de seal is dan ek sa stil as in mûs.

En dan folget de ôfsluting en kin elts nei it drankje mei in hapke. In soad minsken binne optein oer dizze moaie feestmiddei en genietsje fan de moeting fan al dy minsken hjir, dy't de Fryske folksliteratuer in waarm hert tadrage. Nije wike krije alle leden it fleurige Tinkskrift thússtjoerd, dat dan kin it sjen fan 'e plaatsjes en it lêzen fan allerhanne teksten oer de KFFB en har boeken begjinne. KFFB-boeknûmer 459 is dan ek teplak brocht.

zaterdag 19 september 2009

It kaartehûs

Sneon 19 septimber 2009

It libben is ûnwis, jildt dat net foar ús allegearre? Lykwols besykje wy doel oan it libben te jaan, en om in takomst op te bouwen. Mar ús bousels binne faak net mear as in kaartehûs: wif, och sa wif. De haadpersoanen yn dizze spannende roman bouwe ek oan har takomst, wolle mear út it libben helje.
Sa is dêr bygelyks it famke Nadia Kalynychenko út Ukraïne. Sil it har slagje om de illinde, de earmoed en de driging fan geweld achter har te litten, of sakket har kaartehûs fan de hoop daliks yninoar?
En dan Gerda Faber, in widdo fan goed fyftich jier. Hoe geef binne de fûneminten dêr't sy in nij hûs fan lok op hopet te bouwen?
Mei Barend de Groot leit it oars. Hy is frijman, krúst mei de frachtwein troch Europa, treft in frommes dat sljocht op him is, en pikt der út en troch in poepke swart jild by. Barend hat it foarinoar. Mar... hoe stevich stiet syn hûs eins?
Dan is de kaartspiler der sels ek noch. In man dy't in soad weaget. Hy gûchelet mei de kaarten. Wint en ferliest en wint wer. Mar wat bart der as er op ferlies stiet, en hy de kaart dy't er achter de hân hâldt, útspilet?
Waans kaartehûs kin it tsjin dat geweld hâlde?


As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearje wy dizze moanne septimber 2009 de nije roman "It kaartehûs" fan ús Fryske skriuwer Anders M. Rozendal út Dokkum. It boek hat KFFB-nûmer: 456 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 74-9. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze nije roman keapje foar € 16,00. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 9,00.

Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.

Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html

zaterdag 21 februari 2009

75 Jier It Fryske Boek

Sneon 21 febrewaris 2009

Stifting "It Fryske Boek" hat 75 jier bestean. Dat litte hja net samar foarby gean. De jubilearjende organisaasje organisearret jûn yn 'e Stêdsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert in grut Frysk Boekefeest mei in muzykaal en literêr program mei in soad fariaasje. Durkje en ik binne der jûn út namme fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) ek by op útnoeging fan It Fryske Boek. It tema fan de Fryske Boekewike 2009 is "Feestlift".

Mindert Wijnstra (skriuwer fan "It kweade wiif fan Hylpen") is presintator. Foarsitter J. Geersing hâld de feesttaspraak ta gelegenheid fan in 75-jierrich bestean fan It Fryske Boek. Dan presentearret Wijnstra it Boekewikegeskink "Feestlift", mei ferhalen fan fjouwer "mystery" skriuwers. Samar in lêzer út 'e seal is de persoan dy't it earste eksimplaar oanbean wurd. Dernei lêst Ate Grypstra syn ferhaal "Fleisferfanger"; in húverferhaal neamt er it sjenre. Foar it skoft komt dan it moaie "interactive cross-media program Under Wetter", spile troch TiDDER, dat is basearre op it nijste boek fan Koos Tiemersma mei deselde titel.

Nei it skoft sjongt Liet-winneres Yldou Bylsma mei pianobegelieding in tal moaie frysktalige sjongstikken. En dan komt it dichtersprogram fan Ytsje Hoekstra en Grytsje Schaaf mei harren swipjende en dragende gedichten ûnder de grutte foto's op it projeksjeskêrm. It program wurd ôfsluten mei in petear fan Klaas Jansma (skriuwer fan "De razende man") mei Arjen Terpstra (skriuwer fan "De hearen fan Fryslân").

Nei ôfrin is der muzyk fan Trio Kaspers yn de foyer fan De Harmonie. It is in literêre jûn mei in soad skriuwers (bygelyks Hylke Speerstra, Anders Rozendal, Corry Boelens, Steven de Jong), útjouwers, boekhannelers en allegearre oare minsken út 'e literêre wrâld en út in breder kultureel en bestjoerlik fermidden.

zaterdag 17 januari 2009

74e Jiergearkomste fan de KFFB yn Ljouwert

Sneon 17 jannewaris 2009

Us middei begjint fan 'e middei om tolve oere foar ús as bestjoer fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) yn 'e Fenixtsjerke fan Ljouwert. De boekediskes wurde klear set en mei in koarte bestjoersgearkomste mei sop & broadsjes rinne wy alle saken fan de kommende middei nochris by del.

Om 13.15 oere komme in tweintichtal KFFB-leden foar de Húshâldlike Ledegearkomste, dy't wy alle jierren hâlde. Nei de iepening folget fan ús skriuwer Dick Eisma it Bestjoers Jierferslach 2008 en it Finansjeel Jierferslach 2008: de Jierrekken mei Balâns & Eksploitaasjerekken. Dan folget de bestjoersferkiezing: nei 30 jier is Coby Laanstra mei hulde ôfgeand, wurde foarsitter Minne Vis en skriuwer Dick Eisma wer keazen en wurdt Corry Boelens-Rozendal beneamd as nij bestjoerslid, hja is no ús nije skathâlder. Nei it omfreegjen wurdt dizze statutêre gearkomste sletten.

Om 14.00 oere begjint yn de oerfolle grutte seal de Middeisgearkomste mei it mienskiplik sjongen fan "Sjong bliid en woltemoede, o folk fan God, dyn liet". Nei de iepeningstaspraak fan foarsitter Minne Vis folget it ferslach fan ús Karkommisje troch Wim van der Schaaf. Trije kear tusken de programmadielen sjongt in Kwintet út it koar "Koarbizznizz" fan De Jouwer prachtige sangen yn it Ingelsk en Frysk. Ek in tal lieten út ús eigen KFFB-Ionabondel "Wylde Goes". Harren moaie sang - fan Bach oant Randy Newman - wurdt tige wurdearre.

Foar en nei it skoft is de lêzing fan dûmny Pieter Boomsma fan Nijverdal. Boomsma syn lêzing "In opstap nei it Ferhaal" giet oer it KFFB-boek "Under de sinne fan de Ivige" fan Anders Rozendal. Boomsma: "Dit knappe boek fan Rozendal kin foar in soad lêzers in opstap wêze nei it grutte Ferhaal fan ús Heit yn de taal fan ús mem".

Yn it skoft wurde in soad boeken ferkocht. Fral ek de nije dichtbondel "Alles op syn tiid", dêr't wy as útjouwer fan 'e middei it earste eksimplaar útrikke oan dichter-skriuwer Atze Bosch. Dizze dichtbondel is in gouden kroan op al syn fersen. Nei it Boekepraatsje en it KFFB-Utjefteplan 2009 fan Dick Eisma, folget de priisútrikking fan 'e Puzzelaksje fan de Fleanende Krie en sjonge wy meiinoar ta beslút: "Fan Him, de iene Hear, joech it ferline blyk; it hjoed sprekt fan Syn trou, de takomst is Syn Ryk". Der wurdt noch lang neipraat en it docht bliken dat it programma troch ús leden tige wurdearre wurdt.

En no geane wy -- Klim Fleurich Fierder Berch-op -- op nei it 75-jierrich bestean fan de KFFB op 29 desimber 2009!

woensdag 8 oktober 2008

KFFB-gearkomste yn de Kurios-tsjerke fan Ljouwert

Woansdei 8 oktober 2008

In mânske wurklist leit hjoed op tafel foar de bestjoersgearkomste fan ús Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). Wy sjogge werom op wat sûnt de foarige gearkomste troch ús bestjoersleden allegearre dien is, lykas it wurk fan ús karkommisje, it oanfreegjen fan subsydzje om ús nije Iona-lietebondel publisearje te kinnen, in nije dichtbondel dy't yn jannewaris 2009 ferskynt en ek ús KFFB-bydrage oan & de evaluaasje fan de Breinstoarmdei oer Fryske Oekumene fan ôfrûne sneon yn Stiens.

Wy prate ek oer it publisearjen fan KFFB-harkboeken yn 'e mande mei in oare organisaasje, oer de ôfsluting fan de Sutelaksje yn Drachten op 18 oktober 2008, oer ús útjefteprogramma fan 2009 en oer de KFFB-jiergearkomste fan 17 jannewaris 2009. En as redaksje presintearje Corry Rozendal, Tialda Dijkstra en ik ús ynhâldlik útstel ta in KFFB-tinkboek dat ferskine sil by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan 'e KFFB yn desimber 2009.

woensdag 17 september 2008

"Under de sinne fan de Ivige" fan Anders M. Rozendal

Tiisdei 16 septimber 2008

Israël, om it jier 850 foar Kristus hinne
It libben laket de jonge Sûar oan. Syn heit is in rike bouboer en in foaroanman fan 'e stêd. Dat Sûar nei syn pake oan memmekant útfanhûs sil, hat er net folle nocht oan. Pake Rekab en syn famylje hawwe oare gewoanten as Sûar wend is, en opfettings oer godstsjinst dêr 't Sûar syn heit mar wat de gek mei hat.
Boppedat is pake Rekab feehâlder. Sûar hâldt net fan dy stjonkende skiep en geiten. Dat feroaret as er yn it nomadekamp in famke moetet. No soe er wol yn it kamp bliuwe wolle. Dat kin fansels net, syn plak is thús. Mar nei 't syn heit in byfrou nommen hat, is de sfear der dêr net better op wurden. Dan barre der dingen dy 't it libben fan Sûar folslein op 'e kop sette.

As KFFB-bestjoer hawwe wy koartlyn boppesteande nije roman útjûn.
It is "Under de sinne fan de Ivige" fan Anders M. Rozendal.
Yn 'e boekhannel kinne jo it keapje foar € 14,-
Mar as jo lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) kinne jo it fergees krije.
It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in roman en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear op ta.
Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side:
http://kffb.nl/nijlid.html