Sneon 19 septimber 2009
It libben is ûnwis, jildt dat net foar ús allegearre? Lykwols besykje wy doel oan it libben te jaan, en om in takomst op te bouwen. Mar ús bousels binne faak net mear as in kaartehûs: wif, och sa wif. De haadpersoanen yn dizze spannende roman bouwe ek oan har takomst, wolle mear út it libben helje.
Sa is dêr bygelyks it famke Nadia Kalynychenko út Ukraïne. Sil it har slagje om de illinde, de earmoed en de driging fan geweld achter har te litten, of sakket har kaartehûs fan de hoop daliks yninoar?
En dan Gerda Faber, in widdo fan goed fyftich jier. Hoe geef binne de fûneminten dêr't sy in nij hûs fan lok op hopet te bouwen?
Mei Barend de Groot leit it oars. Hy is frijman, krúst mei de frachtwein troch Europa, treft in frommes dat sljocht op him is, en pikt der út en troch in poepke swart jild by. Barend hat it foarinoar. Mar... hoe stevich stiet syn hûs eins?
Dan is de kaartspiler der sels ek noch. In man dy't in soad weaget. Hy gûchelet mei de kaarten. Wint en ferliest en wint wer. Mar wat bart der as er op ferlies stiet, en hy de kaart dy't er achter de hân hâldt, útspilet?
Waans kaartehûs kin it tsjin dat geweld hâlde?
As bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearje wy dizze moanne septimber 2009 de nije roman "It kaartehûs" fan ús Fryske skriuwer Anders M. Rozendal út Dokkum. It boek hat KFFB-nûmer: 456 en ISBN-nûmer: 978 90 74918 74-9. Yn 'e boekhannel èn by de KFFB kinne jo dizze nije roman keapje foar € 16,00. Foar KFFB-leden is de priis by de KFFB € 9,00.
Faaks wolle jo ek lid wurde fan ús feriening de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB). It lidmaatskip fan 'e KFFB kostet mar € 27,00 yn 't jier. Dêrfoar krije jo mar leafst trije kear yn 't jier (yn febrewaris, maaie en septimber) in nije roman-útjefte; en de Frysk literêre krante "De fleanende krie" krije jo der dan ek noch trije kear mei op ta.
Fia ynternet kinne jo fuortendaliks lid wurde op 'e side: http://kffb.nl/nijlid.html
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten