Us middei begjint fan 'e middei om tolve oere foar ús as bestjoer fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) yn 'e Fenixtsjerke fan Ljouwert. De boekediskes wurde klear set en mei in koarte bestjoersgearkomste mei sop & broadsjes rinne wy alle saken fan de kommende middei nochris by del.
Om 13.15 oere komme in tweintichtal KFFB-leden foar de Húshâldlike Ledegearkomste, dy't wy alle jierren hâlde. Nei de iepening folget fan ús skriuwer Dick Eisma it Bestjoers Jierferslach 2008 en it Finansjeel Jierferslach 2008: de Jierrekken mei Balâns & Eksploitaasjerekken. Dan folget de bestjoersferkiezing: nei 30 jier is Coby Laanstra mei hulde ôfgeand, wurde foarsitter Minne Vis en skriuwer Dick Eisma wer keazen en wurdt Corry Boelens-Rozendal beneamd as nij bestjoerslid, hja is no ús nije skathâlder. Nei it omfreegjen wurdt dizze statutêre gearkomste sletten.
Om 14.00 oere begjint yn de oerfolle grutte seal de Middeisgearkomste mei it mienskiplik sjongen fan "Sjong bliid en woltemoede, o folk fan God, dyn liet". Nei de iepeningstaspraak fan foarsitter Minne Vis folget it ferslach fan ús Karkommisje troch Wim van der Schaaf. Trije kear tusken de programmadielen sjongt in Kwintet út it koar "Koarbizznizz" fan De Jouwer prachtige sangen yn it Ingelsk en Frysk. Ek in tal lieten út ús eigen KFFB-Ionabondel "Wylde Goes". Harren moaie sang - fan Bach oant Randy Newman - wurdt tige wurdearre.
Foar en nei it skoft is de lêzing fan dûmny Pieter Boomsma fan Nijverdal. Boomsma syn lêzing "In opstap nei it Ferhaal" giet oer it KFFB-boek "Under de sinne fan de Ivige" fan Anders Rozendal. Boomsma: "Dit knappe boek fan Rozendal kin foar in soad lêzers in opstap wêze nei it grutte Ferhaal fan ús Heit yn de taal fan ús mem".
Yn it skoft wurde in soad boeken ferkocht. Fral ek de nije dichtbondel "Alles op syn tiid", dêr't wy as útjouwer fan 'e middei it earste eksimplaar útrikke oan dichter-skriuwer Atze Bosch. Dizze dichtbondel is in gouden kroan op al syn fersen. Nei it Boekepraatsje en it KFFB-Utjefteplan 2009 fan Dick Eisma, folget de priisútrikking fan 'e Puzzelaksje fan de Fleanende Krie en sjonge wy meiinoar ta beslút: "Fan Him, de iene Hear, joech it ferline blyk; it hjoed sprekt fan Syn trou, de takomst is Syn Ryk". Der wurdt noch lang neipraat en it docht bliken dat it programma troch ús leden tige wurdearre wurdt.
En no geane wy -- Klim Fleurich Fierder Berch-op -- op nei it 75-jierrich bestean fan de KFFB op 29 desimber 2009!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten