Posts tonen met het label Fenixtsjerke. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Fenixtsjerke. Alle posts tonen

zaterdag 4 februari 2012

Jiergearkomste 2012 fan de KFFB


Sneon 4 febrewaris 2012
KFFB-foarsitter Bakker mei ôfgeand bestjoerder Jacobus Knol















Iepening en betinking
Meastentiids is de Jiergearkomste fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Mar no’t juster bliken die dat de kachellieding fan dy tsjerke stikken is, hawwe wy de jierlikse gearkomste fan ús Fryske boekeklub yn De Schakel yn it Ljouwerter Camminghabuorren. Foarsitter Johannes Bakker iepenet de gearkomste mei in bibellêzing. Noch foar mei gebed iepene wurdt, betinke wy twa leden fan de KFFB dy’t koartlyn yn desimber 2012, ferstoarn binne en dy’t by’t libben in soad foar de KFFB dien hawwe. Wy betinke Atze Bosch en Dick Eisma. Atze Bosch hat oerset en skreaun foar de KFFB en Dick Eisma - dy’t  ferline jier noch ta earelid beneamd is – hat as bestjoerder (skriuwer en ponghâlder) en als lid fan ‘e Karkommisje in soad wurk ferset; ek bûten de KFFB, foar bygelyks de Afûk. Yn ús fermidden misse wy dy beide KFFB-freonen tige.

Jierferslach skriuwer
It saaklike diel fan de gearkomste wurdt iepene mei it foarlêzen fan it Jierferslach 2011 fan en troch Corry Rozendal-Boelens, sûnt it ôfskie fan Dick Eisma net allinnich ponghâlder, mar ek skriuwer fan it KFFB-bestjoer. Hja docht ferslach oer de 7 bestjoersgearkomsten, oer de nije KFFB-boeken fan 2011, oer de Drachtster Boekemerk, oer de 6.000 KFFB-boekútlienings fan iepenbiere bibleteken, oer de 42 KFFB-boeken dy’t yn 2011 yn Dongeradiel op’e sweef gienen en oer de twa nije bestjoersleden dy’t ree binne om it KFFB-bestjoer fuort te sterkjen. In dúdlik en koart ferslach fan in soad wurk dat KFFB-bestjoerders yn 2011 ferset hawwe. Mei applaus fan de tsientallen leden yn de seal wurdt it bestjoersferslach fan Corry oannommen.

De gitaar by it Boek
Dan harkje wy nei muzyk fan it duo Arjo Osinga (gitaar) & Dries Dalstra (akkordeon), dy’t tusken de saaklike bedriuwen troch in tal lieten sjonge út de nije KFFB-werútjefte ‘De gitaar by it boek’, mei lieten fan Fedde Schurer. Hja sjonge ‘Paradys’ en ‘In spyltúch bin ik yn Gods hân’. Harren sang en muzyk wurdt tige wurdearre.

Jierferslach ponghâlder
Nochris is Corry Rozendal-Boelens oan’t wurd, mei it finansjeel ferslach fan 2011, diskear as ponghâlder fan de KFFB. It ledetal giet mei in hûndert it jier achterút en ús feriening hat noch hast 1400 leden. Mei it ferieningsfermogen binne wy yn 2011 ek achterútgien, mar dan moatte jo ek betinke dat der sûnt koart in prachtige nije bernebibel op de ferkeapplanke leit, dêr’t in soad jild yn ynvestearre is en dy’t de ankommende jierren dizze fermogensdaling hooplik noch finansjeel positiver fuortsette sil. De tiid sil it leare, mar as in soad Fryske húshâldings de moaie KFFB-bernebibel ‘It Heechste Wurd’ keapje sille, komt dat wol goed, tinkt my. De Kaskommisje hat de boekhâlding fan 2011 goedkard en de leden dogge dat ek graach en mei applaus foar Corry als ponghâlder èn foar ús bestjoer.

Utjefteplan 2012
KFFB-bestjoerder Jacobus Knol fertelt as lid fan de Karkommisje dat dy kommisje yn 2011 sân manuskripten beoardield hat. Fan fjouwer âlde manuskripten binne yn twadde lêzing twa oannommen en fan de trije nije manuskripten is ien oannommen, kin ien noch oanpast wurde en is ien ôfkard. Sa kin de KFFB ek yn dit útjeftejier lykas alle jierren wer trije nije romans útjaan. It earste boek wurdt hjoed útjûn en ek feestlik útrikt oan de KFFB-skriuwster Tineke de Jager. Har nije boek ‘De Bosklju’ giet oer de Labadisten fan Waltastate yn Wiuwert. Yn maaie fan dit jier komt in nije misdiedroman ‘De ûntfiering’ út fan skriuwer Lieuwe Pietersen en yn septimber fan 2012 komt de nije roman fan Corry Boelens út, dy’t hannelet oer draachmemmeskip. Alle trije KFFB-romanskriuwers wurde lokwinske mei in knap bosk blommen. En wy binne allegearre bliid mei wer trije nije KFFB-romans dy’t fan’t jier mei niget lêzen wurde sille. Mei dizze trije fêste KFFB-skriuwers sil dat grif goed komme, tinkt my.

Muzyk en Skoft
Foar en nei it skoft sjongt it duo Osinga & Dalstra wer fjouwer lieten: foar it skoft it gefoelige lied ‘Ruth’ en it fleurige ‘David dûnset’ en nei it skoft it gebed ‘Us Heit’ en ‘Garje dy gjin skatten’, mei bygelyks de wurden:
It each, dêrst alles mei besjochste,
is’t lampljocht fan dyn minsklikheid,
It makket út watst tinkst of dochste,
en wat dyn mûle oer it libben seit.
Is dizze lampe skjin en klear,
dan ljochtet hja oer ’t hiele hear.
Mar as it ljocht fertsjustere is,
hoe grut is dan de tsjusternis?
Yn it skoft wurde ek de KFFB-útjeften fan de boeketafel knap ferkocht.

Bestjoersferkiezing
Nei it skoft folget ek de statutêre bestjoersferkiezing. Ofgeand en net werkiesber is Jacobus Knol, dy’t yn de 24 jier fan syn bestjoerssit, en fan syn wurk as lid fan de Karkommisje, en fan syn oersetwurk en fan syn romanskriuwen èn as opmakker fan alle KFFB-boeken in net te beskriuwen grutte bult wurk ferset hat. Foar alles wat Koos dien hat foar de Fryske boekeklub binne net genôch wurden te finen, en hy wurdt mei eare betanke foar syn protte en syn goede wurk foar syn en ús Kristlik Fryske Folks Bibleteek.
Nij ferkiesber as KFFB-bestjoerder binne de twa nijste leden fan de Karkommisje: Pytsje de Graaf (ek wethâlder fan Dongeradiel) en Dussy Ybema (ek dosint Frysk fan de kristlike Pabû fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert). By akklamaasje-applaus wurde hja beneamd as nije KFFB-bestjoerders.

Omfreegjen en sluting
Yn it omfreegje wurdt noch frege nei it foar de KFFB nije boekebarren fan ‘KFFB-Boek op ‘e Sweef’, ek wol bekend as ‘Book Crossing’; boeken dy’t fan in iepenbiere romte fia ûnferwachte lêzers nei in oare iepenbiere romte sweve en dan ek fia it ynternet te folgjen binne. De KFFB-boeken binne op ‘e sweef gien út it gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum wei. Dat, as jo earne op ‘e wrâld yn iepenbiere romtes Fryske boeken sjogge, wit dan dat it faaks swevende KFFB-boeken binne.
Foarsitter Bakker slút de jiergearkomste en de leden prate noch noflik nei, keapje noch in boek by de boeketafel en gean troch in sniewyt lânskip wêr nei hûs.

Lêze en ride
Bûtenút sjogge jo rûnom yn it Fryske lânskip reedriders, mei lange streken en noflik op ‘e sinne oer it glêde iis fan kanalen, fearten, sleatten en marren. Fryslân, ús wetterlân fan thús Frysk lêze en fan fuort bûtenút reedride as it kin.

zaterdag 12 februari 2011

Ofskie fan trije KFFB-bestjoerders

Sneon 12 febrewaris 2011

De Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) hâldt middeis har Ledegearkomste yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Ferline jier jannewaris betochten wy it 75-jierrich bestean fan ús Fryske Boekeklub en no binne wy al wer in jier fierder yn de tiid. 'Klim Fleurich Fierder Berch-op', seit it logo fan de KFFB, mar hoe fleurich klimt de KFFB tsjintwurdich eins de berch op? Dêr giet hjoed benammen it praat oer yn dizze jierlikse gearkomste.

De gearkomste wurdt iepene troch Wim van der Schaaf, foarsitter foar in jier fan de KFFB. "Minsken begjinne minder boeken te lêzen", seit Wim. Minsken sykje en fine de rêst net mear om in boek te lêzen. Mobyltsjes en kompjûter mei ynternet nimme it plak yn fan in goed boek, fral by de jongerein. Sa ferspilet it boek syn plak yn ús wrâld. It giet poermin mei it Fryske boek. "De KFFB hat in moai ferline en hat ek in rike tradysje", seit Van der Schaaf. Hoe moat it fierder mei it Fryske boek? Mei 'printing-on-demand' of mei 'e-books'?

Nei de meidielings folget fan skiedend KFFB-skriuwer Dick Eisma syn lêste jierferslach: fan ús feriening oer it jier 2010. It wie foar de KFFB wer in jier mei in soad moaie útjeften, lykas it jubileum-Tinkskrift, romans fan Anders M. Rozendal, Lieuwe Pietersen en Einte Prins, nije Doopkaarten, in werútjefte fan it bibels deiboek fan Doede Wiersma, in bysûndere dichtbondel fan Anny de Jong en in bondel mei koarte meditaasjes fan Tytsje Hibma. As âld-bestjoerslid fan de KFFB wit ik hoefolle wurk KFFB-bestjoerders fersette om in útjefte mooglik te meitsjen, dat safolle moaie publikaasjes yn ien jier is in knap stik wurk fan dit bestjoer. In weardefolle rige publikaasjes hat de KFFB wer taheakke oan it rike fûns fan Fryske literatuer en kultuer.

Skathâlder Corry Rozendal-Boelens besprekt it finansjeel jierferslach en it ferslach fan de kaskommisje. Dan folget de besjoersferkiezing. Ferkiesber en beneamd wurde ús nije foarsitter Johannes Bakker fan Menaam en skathâlder-skriuwer Corry Rozendal-Boelens fan Dokkum. Ofgeand en net werkiesber binne foarsitter Wim van der Schaaf, bysitter Tialda Dijkstra en skriuwer Dick Eisma. Wim van der Schaaf sprekt wurdearjende wurden út ta ôfskie fan Tialda en Dick. Yn it ôfskiepraatsje foar Dick Eisma seit Wim dat Dick mei syn lange bestjoerssit sûnt 1982 en fanwegen de grutte betsjutting fan al it wurk fan Dick foar de KFFB eins it gesicht wurden is fan de KFFB. It bestjoer beneamt Dick Eisma yn dizze gearkomste ta 'Earelid fan de KFFB'. Mei rjocht folget in steande ovaasje fan de leden yn de seal foar Dick. In mânske oarkonde kriget Dick Eisma fan it bestjoer as oantinken oan dit wichtich en seldsum bestjoersbeslút.

Nei it skoft wurde troch de nije foarsitter ek wurdearjende wurden útsprutsen foar alle wurk dat Wim van der Schaaf ferset hat foar de KFFB, benammen ek syn wichtige wurk as lid fan de Karkommisje, earst foar berneboeken, letter foar - sa't yn it ferline wol sein waard - 'de echte boeken'. De trije skiedende bestjoersleden wurde ek yn 'e blommen set.

Dan folget it jierlikse 'Boekepraatsje & Utjefteplan'; noch ien kear útsprutsen troch Wim van der Schaaf, op in wize dy't wy fan Wim wend binne: mei earnst en humor. Wim kundiget de nije útjeften fan 2011 oan. It binne trije oersettings: kwatrinen, in roman en in bernebibel. Der komme ek twa nije romans. Ien fan Hedzer T. Hooijenga en ien fan Anders M. Rozendal. Beide fêste KFFB-skriuwers en beide - by tafal - oer it aktuele tema 'bernelokkerij'.

Ta beslút folgje dan noch it omfreegjen en it sluten fan de jiergearkomste. De KFFB klimt ankom jier wer fleurich fierder berch-op. It bestjoer ropt de leden mei in nije ledewinaksje op om der mei yn te foarsjen dat it ledetal fan de KFFB wer boppe de 1.500 leden komt. Nei de sluting geane de leden noch by de boeketafel del om dêrta allegearre promoasjemateriaal mei te nimmen om dat út te rikken oan kandidaat-leden foar ús feriening 'Kristlik Fryske Folksbibleteek'.

zaterdag 17 januari 2009

74e Jiergearkomste fan de KFFB yn Ljouwert

Sneon 17 jannewaris 2009

Us middei begjint fan 'e middei om tolve oere foar ús as bestjoer fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) yn 'e Fenixtsjerke fan Ljouwert. De boekediskes wurde klear set en mei in koarte bestjoersgearkomste mei sop & broadsjes rinne wy alle saken fan de kommende middei nochris by del.

Om 13.15 oere komme in tweintichtal KFFB-leden foar de Húshâldlike Ledegearkomste, dy't wy alle jierren hâlde. Nei de iepening folget fan ús skriuwer Dick Eisma it Bestjoers Jierferslach 2008 en it Finansjeel Jierferslach 2008: de Jierrekken mei Balâns & Eksploitaasjerekken. Dan folget de bestjoersferkiezing: nei 30 jier is Coby Laanstra mei hulde ôfgeand, wurde foarsitter Minne Vis en skriuwer Dick Eisma wer keazen en wurdt Corry Boelens-Rozendal beneamd as nij bestjoerslid, hja is no ús nije skathâlder. Nei it omfreegjen wurdt dizze statutêre gearkomste sletten.

Om 14.00 oere begjint yn de oerfolle grutte seal de Middeisgearkomste mei it mienskiplik sjongen fan "Sjong bliid en woltemoede, o folk fan God, dyn liet". Nei de iepeningstaspraak fan foarsitter Minne Vis folget it ferslach fan ús Karkommisje troch Wim van der Schaaf. Trije kear tusken de programmadielen sjongt in Kwintet út it koar "Koarbizznizz" fan De Jouwer prachtige sangen yn it Ingelsk en Frysk. Ek in tal lieten út ús eigen KFFB-Ionabondel "Wylde Goes". Harren moaie sang - fan Bach oant Randy Newman - wurdt tige wurdearre.

Foar en nei it skoft is de lêzing fan dûmny Pieter Boomsma fan Nijverdal. Boomsma syn lêzing "In opstap nei it Ferhaal" giet oer it KFFB-boek "Under de sinne fan de Ivige" fan Anders Rozendal. Boomsma: "Dit knappe boek fan Rozendal kin foar in soad lêzers in opstap wêze nei it grutte Ferhaal fan ús Heit yn de taal fan ús mem".

Yn it skoft wurde in soad boeken ferkocht. Fral ek de nije dichtbondel "Alles op syn tiid", dêr't wy as útjouwer fan 'e middei it earste eksimplaar útrikke oan dichter-skriuwer Atze Bosch. Dizze dichtbondel is in gouden kroan op al syn fersen. Nei it Boekepraatsje en it KFFB-Utjefteplan 2009 fan Dick Eisma, folget de priisútrikking fan 'e Puzzelaksje fan de Fleanende Krie en sjonge wy meiinoar ta beslút: "Fan Him, de iene Hear, joech it ferline blyk; it hjoed sprekt fan Syn trou, de takomst is Syn Ryk". Der wurdt noch lang neipraat en it docht bliken dat it programma troch ús leden tige wurdearre wurdt.

En no geane wy -- Klim Fleurich Fierder Berch-op -- op nei it 75-jierrich bestean fan de KFFB op 29 desimber 2009!