Sneon 4 febrewaris
2012
KFFB-foarsitter Bakker mei ôfgeand bestjoerder Jacobus Knol |
Iepening en betinking
Meastentiids is de Jiergearkomste fan de Kristlik Fryske
Folks Bibleteek (KFFB) yn de Fenixtsjerke fan Ljouwert. Mar no’t juster bliken
die dat de kachellieding fan dy tsjerke stikken is, hawwe wy de jierlikse
gearkomste fan ús Fryske boekeklub yn De Schakel yn it Ljouwerter
Camminghabuorren. Foarsitter Johannes Bakker iepenet de gearkomste mei in
bibellêzing. Noch foar mei gebed iepene wurdt, betinke wy twa leden fan de KFFB
dy’t koartlyn yn desimber 2012, ferstoarn binne en dy’t by’t libben in soad
foar de KFFB dien hawwe. Wy betinke Atze Bosch en Dick Eisma. Atze Bosch hat
oerset en skreaun foar de KFFB en Dick Eisma - dy’t
ferline jier noch ta earelid beneamd is – hat as bestjoerder (skriuwer
en ponghâlder) en als lid fan ‘e Karkommisje in soad wurk ferset; ek bûten de
KFFB, foar bygelyks de Afûk. Yn ús fermidden misse wy dy beide KFFB-freonen
tige.
Jierferslach skriuwer
It saaklike diel fan de gearkomste wurdt iepene mei it foarlêzen
fan it Jierferslach 2011 fan en troch Corry Rozendal-Boelens, sûnt it ôfskie
fan Dick Eisma net allinnich ponghâlder, mar ek skriuwer fan it KFFB-bestjoer.
Hja docht ferslach oer de 7 bestjoersgearkomsten, oer de nije KFFB-boeken fan
2011, oer de Drachtster Boekemerk, oer de 6.000 KFFB-boekútlienings fan
iepenbiere bibleteken, oer de 42 KFFB-boeken dy’t yn 2011 yn Dongeradiel op’e
sweef gienen en oer de twa nije bestjoersleden dy’t ree binne om it
KFFB-bestjoer fuort te sterkjen. In dúdlik en koart ferslach fan in soad wurk
dat KFFB-bestjoerders yn 2011 ferset hawwe. Mei applaus fan de tsientallen
leden yn de seal wurdt it bestjoersferslach fan Corry oannommen.
De gitaar by it Boek
Dan harkje wy nei muzyk fan it duo Arjo Osinga (gitaar) &
Dries Dalstra (akkordeon), dy’t tusken de saaklike bedriuwen troch in tal
lieten sjonge út de nije KFFB-werútjefte ‘De gitaar by it boek’, mei lieten fan
Fedde Schurer. Hja sjonge ‘Paradys’ en ‘In spyltúch bin ik yn Gods hân’. Harren
sang en muzyk wurdt tige wurdearre.
Jierferslach
ponghâlder
Nochris is Corry Rozendal-Boelens oan’t wurd, mei it
finansjeel ferslach fan 2011, diskear as ponghâlder fan de KFFB. It ledetal
giet mei in hûndert it jier achterút en ús feriening hat noch hast 1400 leden.
Mei it ferieningsfermogen binne wy yn 2011 ek achterútgien, mar dan moatte jo
ek betinke dat der sûnt koart in prachtige nije bernebibel op de ferkeapplanke
leit, dêr’t in soad jild yn ynvestearre is en dy’t de ankommende jierren dizze
fermogensdaling hooplik noch finansjeel positiver fuortsette sil. De tiid sil
it leare, mar as in soad Fryske húshâldings de moaie KFFB-bernebibel ‘It
Heechste Wurd’ keapje sille, komt dat wol goed, tinkt my. De Kaskommisje hat de
boekhâlding fan 2011 goedkard en de leden dogge dat ek graach en mei applaus
foar Corry als ponghâlder èn foar ús bestjoer.
Utjefteplan 2012
KFFB-bestjoerder Jacobus Knol fertelt as lid fan de
Karkommisje dat dy kommisje yn 2011 sân manuskripten beoardield hat. Fan
fjouwer âlde manuskripten binne yn twadde lêzing twa oannommen en fan de trije
nije manuskripten is ien oannommen, kin ien noch oanpast wurde en is ien
ôfkard. Sa kin de KFFB ek yn dit útjeftejier lykas alle jierren wer trije nije
romans útjaan. It earste boek wurdt hjoed útjûn en ek feestlik útrikt oan de KFFB-skriuwster
Tineke de Jager. Har nije boek ‘De Bosklju’ giet oer de Labadisten fan
Waltastate yn Wiuwert. Yn maaie fan dit jier komt in nije misdiedroman ‘De ûntfiering’ út fan skriuwer Lieuwe Pietersen en yn septimber fan 2012 komt de
nije roman fan Corry Boelens út, dy’t hannelet oer draachmemmeskip. Alle trije
KFFB-romanskriuwers wurde lokwinske mei in knap bosk blommen. En wy binne
allegearre bliid mei wer trije nije KFFB-romans dy’t fan’t jier mei niget lêzen
wurde sille. Mei dizze trije fêste KFFB-skriuwers sil dat grif goed komme,
tinkt my.
Muzyk en Skoft
Foar en nei it skoft sjongt it duo Osinga & Dalstra wer
fjouwer lieten: foar it skoft it gefoelige lied ‘Ruth’ en it fleurige ‘David
dûnset’ en nei it skoft it gebed ‘Us Heit’ en ‘Garje dy gjin skatten’, mei bygelyks de wurden:
It each, dêrst alles mei besjochste,
is’t lampljocht fan dyn minsklikheid,
It makket út watst tinkst of dochste,
en wat dyn mûle oer it libben seit.
Is dizze lampe skjin en klear,
dan ljochtet hja oer ’t hiele hear.
Mar as it ljocht
fertsjustere is,
hoe grut is dan de tsjusternis?
Yn it skoft wurde ek de KFFB-útjeften fan de boeketafel knap
ferkocht.
Bestjoersferkiezing
Nei it skoft folget ek de statutêre bestjoersferkiezing.
Ofgeand en net werkiesber is Jacobus Knol, dy’t yn de 24 jier fan syn
bestjoerssit, en fan syn wurk as lid fan de Karkommisje, en fan syn oersetwurk
en fan syn romanskriuwen èn as opmakker fan alle KFFB-boeken in net te
beskriuwen grutte bult wurk ferset hat. Foar alles wat Koos dien hat foar de
Fryske boekeklub binne net genôch wurden te finen, en hy wurdt mei eare betanke
foar syn protte en syn goede wurk foar syn en ús Kristlik Fryske Folks
Bibleteek.
Nij ferkiesber as KFFB-bestjoerder binne de twa nijste leden
fan de Karkommisje: Pytsje de Graaf (ek wethâlder fan Dongeradiel) en Dussy
Ybema (ek dosint Frysk fan de kristlike Pabû fan Stenden Hegeskoalle yn
Ljouwert). By akklamaasje-applaus wurde hja beneamd as nije KFFB-bestjoerders.
Omfreegjen en sluting
Yn it omfreegje wurdt noch frege nei it foar de KFFB nije
boekebarren fan ‘KFFB-Boek op ‘e Sweef’, ek wol bekend as ‘Book Crossing’;
boeken dy’t fan in iepenbiere romte fia ûnferwachte lêzers nei in oare iepenbiere
romte sweve en dan ek fia it ynternet te folgjen binne. De KFFB-boeken binne op
‘e sweef gien út it gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum wei. Dat, as jo earne op
‘e wrâld yn iepenbiere romtes Fryske boeken sjogge, wit dan dat it faaks
swevende KFFB-boeken binne.
Foarsitter Bakker slút de jiergearkomste en de leden prate
noch noflik nei, keapje noch in boek by de boeketafel en gean troch in sniewyt
lânskip wêr nei hûs.
Lêze en ride
Bûtenút sjogge jo rûnom yn it Fryske lânskip reedriders, mei
lange streken en noflik op ‘e sinne oer it glêde iis fan kanalen, fearten,
sleatten en marren. Fryslân, ús wetterlân fan thús Frysk lêze en fan fuort
bûtenút reedride as it kin.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten