Posts tonen met het label bibel. Alle posts tonen
Posts tonen met het label bibel. Alle posts tonen

zondag 30 december 2012

Ofslutende gearkomste fan 't Kristlik Frysk Selskip

Snein 30 desimber 2012 
Dûmny Hinne Wagenaar op 'e preekstoel en Gerrit Breteler sjongt


















Mear as 100 jier bestean
Moarn hâldt it Kristlik Frysk Selskip (KFS) nei rom hûndert jier statutêr op te bestean. Mar wy binne bliid dat it wurk fan it KFS fuortset wurdt troch it nij Frysk Oekumenysk Platfoarm, dat wy al op 2 juni 2009 oprjochte hawwe: de 'Stifting Krúspunt'.

Utsetter fan it KFS
Hjoed komme sa'n hûndert belangstellenden byelkoar yn Glinstra State fan Burgum om ôfskied te nimmen fan har 104-jierrige organisaasje. It binne benammen belutsen leden fan it Kristlik Frysk Selskip en fierders bygelyks leden van de kriten fan it KFS en in tal stipers fan Krúspunt; ek Durkje en ik binne hjoed by dizze útsetter fan ús KFS.  

Frysk yn tsjerke wie de minsken in ôfgriis
It middeiprogramma begjint mei in feestlike byienkomst yn Glinstra State. Grytsje Kingma sjongt yn dit middeiprogramma in tal lieten fan Fedde Schurer en ek it 'Halleluja' fan Leonard Cohen.
KFS-foarsitter dr. Liuwe H. Westra sprekt de tiidrede út mei as bysûndere titel: 'Maya’s yn Fryslân: it Kristlik Frysk Selskip op de jongste dei'. Syn rede giet oer it 'Doe', oer it 'No' en oer de 'Takomst' fan de striid foar it Frysk yn tsjerke.
Fansels wurdt de kultuerskok fan de dûmny's Huismans en Wumkes neamd; oer de tiid mear as hûnderd jier lyn dat it Frysk yn tsjerke noch revolúsje, komeedzje en 'fjoer & wetter' wie; doe't it Frysk yn tsjerke de minsken noch in ôfgriis wie.

En hoe is it no?
No - mear as hûndert jier lyn - hawwe wy Fryske Bibels; ek al op it ynternet.
Wy hawwe al jierren lang in Frysk 'Lieteboek foar de tsjerken'.
No wurde de inisjativen fan it Kristlik Frysk Selskip oernommen troch Stifting Krúspunt, want der moat fansels in plak oerbliuwe dêr't it wurk fan it KFS troch giet, want wy libje noch altyd yn in wrâld fan striid foar it ferfryskjen van tsjerke, en ek fan ûnderwiis, polityk en media. Krúspunt stapt yn de wrâld fan it Frysk yn tsjerke; dat Frysk yn tsjerke ris fansels wurdt.

Yn de takomst sjen
Nei de ôfrûne ieu sjogge wy dat it mei it Frysk yn tsjerke net alhiel wurden is wat it wurde soe, mar mei Krúspunt is der no wol in kâns om mei it wurk fan it KFS troch te gean. Wy geane oer nei in nije wrâld, yn in nije tiid.
Dûmny Liuwe Westra:
  • "Yn dy oare wrâld leit de takomst fan ús Friezen;
  • Kommunikaasje moat net fan wurden wêze, mar fan minsken;
  • Wy binne allegearre bern fan ien Heit;
  • Sa't it no is, kin it net bliuwe!"
Pakesizzers 
Nei de lêzing fan KFS-foarsitter Westra sprekke twa pakesizzers fan dûmny Sipke Huismans.
"Us pake siet der faak neist", sa seit Sipke Huismans jr., en "myn pake soe der grif bliid mei wêze dat it KFS no omset wurdt yn Krúspunt".
Pakesizzer Dieuwke Rosalina Huismans slút ôf mei poëzy fan har pake Sipke: "De risping komt yn it Himelsk lân".

Histoaryske fiering
Letter op 'e middei geane wy nei de fesperfiering yn de Krústsjerke fan Burgum. Dizze tsjinst stiet ûnder lieding fan dûmny Hinne Wagenaar fan Jorwert. Marieke van der Meer is oargeliste en der wurdt songen troch it Dûbelkwartet ûnder lieding fan Teake Posthuma. Gerrit Breteler sjongt twa lieten mei Johan Bijhold op piano. De ieuwenâlde Krústsjerke fan Burgum sit grôtfol, want der is ek in grut tal Burgumers nei dizze histoaryske fiering kommen.
Wagenaar:
  • "Frysk yn tsjerke? It moast net mâlder!;
  • De Frysk-kristlike beweging hat hiel wat úteinset; wat is der in wurk ferset;
  • Frysk yn tsjerke is gewoan wurden, mar noch net fansels;
  • Wy moatte ús no ferhâlde ta oare tiden, dy fan de 21e ieu;
  • De tsjerke en it Frysk sitte no yn in krisis, mar krisis kin ek in tiid fan genede wêze;
  • Foar alles is in oere, sit net sa yn noed, haw wat mear betrouwen, der binne nije kânsen en útdagings;
  • God is de Hoeder en dan kinne wy it loslitte, net te benaud, want God jout it ús;
  • Ha betrouwen yn God en stek in ljocht oan yn it tsjuster."
Dat wy hilligje jo namme
Nei de meditaasje fan Hinne Wagenaar sjongt Gerrit Breteler "Foar alles is in oere, foar alles is in tiid".
De gebeden wurde ôfsluten mei it sjongen fan 'Us Heit': "God fan fier en hein ús Heit, wûnder heimnis is jo namme, grut yn krêft en hearlikheid, oant yn alle tiden. Amen".

Noch ien dei en dan is it oer mei it Kristlik Frysk Selskip.
Mar it wurk giet troch; 'oant yn alle tiden'.

"Lit jins wirk oan jins tsjinstfeinten sjoen wurde,
en jins hearlikheit oer hjar bern.
En de ljeaflikheit fan 'e Heare ús God mei oer ús wêze,
en bifêstigje it wirk fen ús hannen oan ús,
ja it wirk fen ús hannen, bifêstigje dat".
Ut Psalm 90: 16-17
Boarne: Bibel, oerset yn de Fryske tael, NBG 1943, Jongbloed Ljouwert

woensdag 21 september 2011

Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip

Woansdei 21 septimber 2011

It jier 1908 wie it oprjochtingsjier fan it 'Christlik Selskip for Fryske Tael en Skriftekennisse'. Letter is dy namme feroare yn 'Kristlik Frysk Selskip' (KFS). It doel fan it KFS wie fan 'e miet ôf oan de 'emansipaasje fan it reformatoarysk-kristlike folksdiel yn Fryslân en fan de bûten-Friezen'. Der waard striden foar in Frysker takomst foar in Frysker Fryslân.

Hûndert jier letter, yn 2008, ferskynt it boek 'Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip', skreaun troch Thys van der Veen en útjûn troch Tresoar. It boekje jout in moai oersjoch fan de stikken fan it KFS, dy't bewarre wurde yn Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert.

It boek begjint mei in ynlieding mei in beskriuwing fan de eftergrûn en plakbepaling fan it KFS, ek yn it fermidden fan oare selskippen dy't har op de kristenminske yn Fryslân rjochten. Dan folget in haadstik oer de oprjochting, de organisaasje en de wurksumheden fan it Kristlik Frysk Selskip fan de ôfrûne ieu. Sa wurdt bygelyks beskreaun dat de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) yn desimber 1934 oprjochte waard, om't der ek yn it fermidden fan it KFS ferlet ûntstie om eigen kristlike Fryske boeken ûnder it folk te bringen. Ta beslút fan dit haadstik skriuwt Thys van der Veen oer de wize fan ynventarisaasje, ferneatiging, omfang en iepenbierheid fan de ynbrochte 8,5 meter KFS-argyf oer de jierren 1908-1996, dy't troch Tresoar tagonklik makke is en wêrfan nei seleksje en ferneatiging sa'n 7 meter argyf oerbleau.

Yn it twadde diel fan dit boek folgje dan lange listen mei de stikken dy't yn it argyf opnommen binne. It begjint mei it Haadargyf fan it KFS mei bygelyks wurklisten, notulen, korrespondinsje, jierferslaggen en stikken oer leden en stipers, kriten en distrikten. Ek oer kontakten, propaganda, jubilea, finânsjes, Bibels en oare útjeften jout de list ynformaasje. Ta beslút folgje stikken oer kampen, priissjongen en tsjerklike oangelegenheden.

Dêrnei folget in oersjoch fan deponearre argyven lykas fan de Fryske Kriten, de Bibelferkeapkommisje 'Net fan Brea allinne', it Boun fan Kristlik Fryske Jongerein, it Kristlik Frysk Nationaal Striidboun en de Kristlik Fryske Parsforiening. Ek fragminten fan persoanlike argyven en foto's en tekeningen lizze yn it argyf. Fierders is der noch in ferskaat oan Dokumintaasje en dan binne der ek noch de flaggen, faantsjes en ek in linnen boadskiptas mei it logo fan it Kristlik Frysk Selskip, allegearre realia fan de 20e ieu.

It is mei tank oan al dy Friezen dy't sa tûk west binne om dit allegearre te bewarjen en it ta einbeslút te skinken oan it KFS en no oan Tresoar dat minsken hjoed en moarn noch allerhande ûndersyk dwaan kinne oer de histoarje fan de KFS, fan in wichtig part fan de skiednis fan Fryslân en fan de Friezen dy't alle war dien hawwe foar it Frysk en de Friezen, yn it ferline, foar hjoed èn foar in Frysker takomst fan in Frysker Fryslân.

woensdag 9 maart 2011

Bliid Boadskip no ek wrâldwiid fia ynternet

Woansdei 9 maart 2011

Grut nijs
Sûnt sneon 6 febrewaris 2011 steane de Fryske Bibels op it ynternet. Wrâldwiid kin ‘it Boek fan Heit yn de taal fan mem’ no oeral fia ynternet lêzen wurde, 24 oeren deis. Twa Bibels binne no op it web publisearre. It binne de saneamde ‘Wumkes-Bibel’ (1943) en de mear resinte ‘Nije Fryske Bibeloersetting’ dy’t datearret fan 1978. Jo kinne dizze twa bibelferzjes no fine op de thússide www.biblija.net

Bliid nijs
It wie yn it jier 2008 dat ik as lid fan it Lanlik Berie fan it Nederlânsk Bibelgenoatskip (NBG) in meiwurker fan it NBG ris frege oft it mooglik wêze soe om de Fryske Bibel op it ynternet te setten. Mei in tal oaren wie ik yn dy tiid yn it ferbân fan it Kristlik Frysk Selskip dwaande om it tsjintwurdige Frysk Oekumenysk Platfoarm ‘Krúspunt’ op te rjochtsjen en wy hearden hjir en dêr wol ris dat der ferlet wie fan de Fryske Bibel op ynternet. Dy fraach paste goed yn it motto fan it NBG: ‘Deryn foarsjen dat de Bibel safolle mooglik minsken berikt en oansprekt’, dat it duorre net salang of in lanlike projektgroep fan tige betûfte minsken wie oan it wurk om net ien, mar beide Fryske Bibels digitaal te publisearjen.

Goed nijs
Om’t de âlde bestannen fan de Fryske Bibels net brûkt wurde koenen, binne beide Bibels alhiel scand mei de kompjûter en op ’e nij oerset yn hjoeddeistige tekstbestannen, dêr ’t men tekstbewurkings mei dwaan kin. En no is it safier dat jo de teksten fan beide Fryske Bibels lêze kinne op Biblija.net. Op dit webstek kinne jo net allinnich de komplete Bibel lêze, mar it is ek mooglik om bygelyks fan ferskate bibelferzjes in grut of in lyts part fan de Bibel neistinoar op jo byldskerm op te freegjen. Sa kinne jo bygelyks deselde bibeltekst fan in Fryske, in Nederlânske mar ek in Russyske Bibel fergelykje. In grut tal Bibels yn allerhande talen binne hjir te lêzen. It is ek mooglik om hjir wurden yn bibelboeken te finen, sa kinne jo bygelyks sjen yn hoefolle en yn hokker psalmen it wurd ‘leafde’ stiet.

Ald en Nij nijs
It Alde en it Nije Testamint fan de ‘Wumkes-Bibel’ binne benammen basearre op ’e ‘Statenvertaling’. De mear resinte ‘Nije Fryske Bibeloersetting’ is it risseltaat fan in bysûnder projekt, om’t it de earste bibeloersetting yn Nederlân is dy’t troch gearwurkjen fan protestanten en roomsk-katolieken makke is. Eltse Bibel hat sa syn eigen skiednis, syn rykdom, syn boadskip yn eigen taal en mei in eigen takomst. De âlde en de nije Fryske Bibel steane foar jo klear op Biblija.net dat jo kinne der fuort mei oan ‘e slach.

Wrâldnijs
De Fryske Bibel is tige wichtig foar mannich Fries. Dûmnys yn Fryslân en ek Fryske dûmnys om utens brûke it Fryske Wurd gauris by harren preektarieding. By it meitsjen fan oarders fan tsjinst foar trou- en routsjinsten wurde ek Fryske bibelteksten brûkt. By bibellêzen en by bibelstúdzje kin in ferlykjen fan taalferzjes jo helpe om de Bibel better te ferstean. En as jo yn it bûtenlân op fakânsje binne of jo binne koartlyn of al lang lyn emigrearre, ek dan is Gods Wurd yn ús Fryske taal jo alle dagen fia ynternet deunby. It Bliid Boadskip komt no oeral dêr’t it ynternet tagonklik is. Sa wurdt wiermakke wat it tema is fan it NBG: ‘De Bibel iepen, wrâldwiid’. Fan de Stienzer Dr. G.A. Wumkesstrjitte oant it Nij-Seelânske Wellington. Wat in rykdom! Wa hie dat ea tocht doe’t dizze twa Bibels yn Fryslân ferskynden?

woensdag 29 december 2010

Puzzelstikjes

Woansdei 29 desimber 2010

De Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) publisearre koartlyn it boekje ”Puzzelstikjes" fan dûmny Tytsje Hibma út it Fryske Winsum. Tytsje Hibma (1958) is dûmny fan ‘e Grifformearde Tsjerke fan Winsum en omkriten. Hja folge de postakademyske oplieding “Geastlike Begelieding” fan de Protestanske Teologyske Universiteit.

De 26 ferhaaltsjes en de kleurige fotobylden yn dit boekje binne in soarte fan puzzelstikjes. De measte ynhâlden krigen foarm yn in tsjerketsjinst, mei it each op bern en grutte minsken dy't harren yn de Bibel ferdjipje. Se sprekke meiinoar fan de rykdom dy't ús yn Gods Wurd yn 'e mjitte komt. Alle teksten en foto’s yn dizze bondel binne fan dûmny Tytsje Hibma. Alle 26 puzzelstikjes begjinne mei in foto en in Bibelfers en krije dan op ‘e rjochter side in praatsje by it plaatsje en oer de Bibeltekst.

De puzzelstikjes hawwe moaie wurden om ek nei it lezen nochris te wjerkôgjen, lykas:
- Mar wat fan God komt, makket ien en hiel;
- Sa is it minskebestean yn de hân fan God;
- Krekt yn it djipste tsjuster wurd it ljocht berne;
- Mar wy kinne ek oefenje om mei goede eagen te sjen, mei Gods goede eagen;
- Mei syn leafde ropt God ús út de skulp: Kom mar foar it ljocht!;
- Elk plak kin hûs fan God wurde;
- Ik leau, hieltyd as ik my omkear, my nei Jezus takear, komt it ljocht my yn ‘e mjitte;
- Sa kinne wy ek yn tsjerke komme, mei alle dingen dy’t ús fan ’t sintrum bringe;
- Pas as ik ferjaan kin, kin ik loslitte;
- Allinnich troch gebed, troch ús ta te kearen nei God, kinne dy doarren iepengean;
- Wy geane net it tsjuster temjitte, mar it ljocht;
- Ferwachting freget om geduld en hope;
- Want it hiele evangeelje is dat wy ús heil net hegerop sykje moatte, yn wat grut en machtich is, mar yn wat lyts en warleas is;
- En falle wy, dan binne ûnder ús dy ivige earmen. It is wier, de ivige God is in taflecht.

Dit earste boekje dat Tytsje Hibma foar de KFFB skreau, befettet treflike puzzelstikjes oer bygelyks omkear, oer foar it ljocht komme, oer losllitte, oer ferwachting en oer ienfâld. Moaie wurden om sels te lêzen, mar wis ek moaie wurden om oan in oar kado te skinken.
Om ris oer nei te tinken!

woensdag 4 februari 2009

KFFB-bestjoersgearkomste yn Ljouwert

Woansdei 4 febrewaris 2009

De earste bestjoersgearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) is hjoed yn 'e Kurios-tsjerke fan Ljouwert. De earste gearkomste nei tritich jier sûnder âld-bestjoerslid Coby Laanstra, no't hja yn jannewaris 2009 yn 'e Jiergearkomste ôfskie fan ús nommen hat. Ik wurd beneamd ta twadde foarsitter fan it KFFB-bestjoer, no't Coby ôfgien is. Wy prate hjoed in datum ôf foar Coby har wolfertsjinne ôfskie fan ús bestjoer, yn 't Ponkje fan Wâldsein. Fierder sjogge wy werom op wat allegearre west hat en wat troch ús dien is nei ús foarige gearkomste en wy evaluearje de Jiergearkomste fan 17 jannewaris 2009. Dat wie in boppeslach, fûnen ek ús leden.

Wy beprate in nij manuskript, in al âlder manuskript en de kranteresinsjes oer ús útjeften. Fierder prate wy oer de presintaasje fan trije nije KFFB-boeken en beprate in mooglik nije bewurking fan in bernebibel fan 'e KFFB. In tal jildsaken komme oan 'e oarder, dy't ús by steat stelle moatte om ús nije - ek bysûndere - útjeften fan it 75e besteansjier fan 'e KFFB mooglik meitsje te kinnen. Dy finansjele stipe fan oerheid en fûnsen binne wy nedich om jierliks in tal goede romans en bygelyks dichtbondels, lieteboeken en oare spesjale útjeften út te jaan.

Ta beslút prate wy oer ús ôffurdiging nei it Frysk Boekefeest by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan "It Fryske Boek". It lêste besprekpunt is in wichtich punt: hoe komme wy wer oan mear leden? Kommend jier wolle wy aksjes fiere om it tal leden ta nimme te litten. Ek yn ús 75e besteansjier is it noch altyd foar ús: "Klim Fleurich Fierder Berch-op" (KFFB).