zondag 30 december 2012

Ofslutende gearkomste fan 't Kristlik Frysk Selskip

Snein 30 desimber 2012 
Dûmny Hinne Wagenaar op 'e preekstoel en Gerrit Breteler sjongt


















Mear as 100 jier bestean
Moarn hâldt it Kristlik Frysk Selskip (KFS) nei rom hûndert jier statutêr op te bestean. Mar wy binne bliid dat it wurk fan it KFS fuortset wurdt troch it nij Frysk Oekumenysk Platfoarm, dat wy al op 2 juni 2009 oprjochte hawwe: de 'Stifting Krúspunt'.

Utsetter fan it KFS
Hjoed komme sa'n hûndert belangstellenden byelkoar yn Glinstra State fan Burgum om ôfskied te nimmen fan har 104-jierrige organisaasje. It binne benammen belutsen leden fan it Kristlik Frysk Selskip en fierders bygelyks leden van de kriten fan it KFS en in tal stipers fan Krúspunt; ek Durkje en ik binne hjoed by dizze útsetter fan ús KFS.  

Frysk yn tsjerke wie de minsken in ôfgriis
It middeiprogramma begjint mei in feestlike byienkomst yn Glinstra State. Grytsje Kingma sjongt yn dit middeiprogramma in tal lieten fan Fedde Schurer en ek it 'Halleluja' fan Leonard Cohen.
KFS-foarsitter dr. Liuwe H. Westra sprekt de tiidrede út mei as bysûndere titel: 'Maya’s yn Fryslân: it Kristlik Frysk Selskip op de jongste dei'. Syn rede giet oer it 'Doe', oer it 'No' en oer de 'Takomst' fan de striid foar it Frysk yn tsjerke.
Fansels wurdt de kultuerskok fan de dûmny's Huismans en Wumkes neamd; oer de tiid mear as hûnderd jier lyn dat it Frysk yn tsjerke noch revolúsje, komeedzje en 'fjoer & wetter' wie; doe't it Frysk yn tsjerke de minsken noch in ôfgriis wie.

En hoe is it no?
No - mear as hûndert jier lyn - hawwe wy Fryske Bibels; ek al op it ynternet.
Wy hawwe al jierren lang in Frysk 'Lieteboek foar de tsjerken'.
No wurde de inisjativen fan it Kristlik Frysk Selskip oernommen troch Stifting Krúspunt, want der moat fansels in plak oerbliuwe dêr't it wurk fan it KFS troch giet, want wy libje noch altyd yn in wrâld fan striid foar it ferfryskjen van tsjerke, en ek fan ûnderwiis, polityk en media. Krúspunt stapt yn de wrâld fan it Frysk yn tsjerke; dat Frysk yn tsjerke ris fansels wurdt.

Yn de takomst sjen
Nei de ôfrûne ieu sjogge wy dat it mei it Frysk yn tsjerke net alhiel wurden is wat it wurde soe, mar mei Krúspunt is der no wol in kâns om mei it wurk fan it KFS troch te gean. Wy geane oer nei in nije wrâld, yn in nije tiid.
Dûmny Liuwe Westra:
  • "Yn dy oare wrâld leit de takomst fan ús Friezen;
  • Kommunikaasje moat net fan wurden wêze, mar fan minsken;
  • Wy binne allegearre bern fan ien Heit;
  • Sa't it no is, kin it net bliuwe!"
Pakesizzers 
Nei de lêzing fan KFS-foarsitter Westra sprekke twa pakesizzers fan dûmny Sipke Huismans.
"Us pake siet der faak neist", sa seit Sipke Huismans jr., en "myn pake soe der grif bliid mei wêze dat it KFS no omset wurdt yn Krúspunt".
Pakesizzer Dieuwke Rosalina Huismans slút ôf mei poëzy fan har pake Sipke: "De risping komt yn it Himelsk lân".

Histoaryske fiering
Letter op 'e middei geane wy nei de fesperfiering yn de Krústsjerke fan Burgum. Dizze tsjinst stiet ûnder lieding fan dûmny Hinne Wagenaar fan Jorwert. Marieke van der Meer is oargeliste en der wurdt songen troch it Dûbelkwartet ûnder lieding fan Teake Posthuma. Gerrit Breteler sjongt twa lieten mei Johan Bijhold op piano. De ieuwenâlde Krústsjerke fan Burgum sit grôtfol, want der is ek in grut tal Burgumers nei dizze histoaryske fiering kommen.
Wagenaar:
  • "Frysk yn tsjerke? It moast net mâlder!;
  • De Frysk-kristlike beweging hat hiel wat úteinset; wat is der in wurk ferset;
  • Frysk yn tsjerke is gewoan wurden, mar noch net fansels;
  • Wy moatte ús no ferhâlde ta oare tiden, dy fan de 21e ieu;
  • De tsjerke en it Frysk sitte no yn in krisis, mar krisis kin ek in tiid fan genede wêze;
  • Foar alles is in oere, sit net sa yn noed, haw wat mear betrouwen, der binne nije kânsen en útdagings;
  • God is de Hoeder en dan kinne wy it loslitte, net te benaud, want God jout it ús;
  • Ha betrouwen yn God en stek in ljocht oan yn it tsjuster."
Dat wy hilligje jo namme
Nei de meditaasje fan Hinne Wagenaar sjongt Gerrit Breteler "Foar alles is in oere, foar alles is in tiid".
De gebeden wurde ôfsluten mei it sjongen fan 'Us Heit': "God fan fier en hein ús Heit, wûnder heimnis is jo namme, grut yn krêft en hearlikheid, oant yn alle tiden. Amen".

Noch ien dei en dan is it oer mei it Kristlik Frysk Selskip.
Mar it wurk giet troch; 'oant yn alle tiden'.

"Lit jins wirk oan jins tsjinstfeinten sjoen wurde,
en jins hearlikheit oer hjar bern.
En de ljeaflikheit fan 'e Heare ús God mei oer ús wêze,
en bifêstigje it wirk fen ús hannen oan ús,
ja it wirk fen ús hannen, bifêstigje dat".
Ut Psalm 90: 16-17
Boarne: Bibel, oerset yn de Fryske tael, NBG 1943, Jongbloed Ljouwert

Geen opmerkingen: